Dat is D.A.T.
De wurden dy't D.A. Tamminga yn it maertnûmer fan De Strikel yn syn fêste rubryk Dat is dat oan 'e poëzy-lêzerij yn Hakse syn kafé (28 febr. 1969) wijt, binne, tinkt my, de krinterige kant neist. As Tamminga mient - men soe dat út syn titel opmeitsje kinne - dat er trochstrings de spiker op 'e kop slacht, moat fan dit artikeltsje sein wurde dat it mear de man sels as de poëzy fan'e jongerein karakterisearret.
Typearjend foar it ûnbigryp hwermei't Tamminga tsjinoer it hiele forskynsel fan'e modernere poëzy stiet, binne de fragen nei it doel fan it dragen fan in muontsepij troch ien fan'e dichters. Tamminga komt mei trije nochal yngewikkelde ûnderstellingen, mar hy sint deagewoan net op de foar de hân lizzende mooglikheit dat dy dichter it wijde klaed oanlutsen hat inkeld en allinne om gek/grappich to dwaen.
‘Rym, metrum, strofyske bou binne by dizze jongeren fordwoun as snie foar de sinne’, seit Tamminga. Mar dat is net wier; dy foarmkenmerken binne by de eksperimintelen al fordwoun en by dizze jongeren net weromkommen.
‘Oerbleaun is it simpele wetter fan it neakene wurd, opbuorreljend út it troch Jung sa priizge Underbiswuste’. Ik miende, út it iennige boekje dat ik fan Jung lêzen haw, bigrepen to hawwen dat de boadskippen fan it ûnderbi(s)wuste nét bisteane út ‘neakene wurden’, mar faken sa forhuld binne dat in fakman se tsjutte moat. Ut datselde boekje is my net opfallen dat Jung wiis wie mei it ûnderbiwuste. Of is dat in grapke fan Tamminga? Of is it in heel sûr grapke?? Mei oare wurden: bidoelt Tamminga mei it ‘neakene wurd’ net sokssahwat as it ‘sobere’, it ‘ûnforsierde’ wurd, mar bidoelt er dêrmei wurden as kut en neuke, dy't likemin út it ûnderbiwuste fuortkomme as sobere, ûnforsierde wurde, mar dy't der troch Tamminga lokalisearre en hinne wiisd wurde? Is dizze kletskoek oer it ûnderbiwuste in moreel oardiel oer it brûken fan keale, rjochtute wurden foar seksuële apparaten en aventûren? Sa ja, lit Tamminga dat dan yn neakene wurden sizze; sa né, lit him dan sizze hwat er ál bidoelt.
‘It erotyske, dat sûrdaei fan alle jeugdpoëzy, hat him forlein nei legere regioanen. Meidielings oer kohabitearjen, masturbearjen en sels menstruëarjen hawwe de lofsangen op rée-eagen en de sillichheden fan “swiete paetkerije” forfongen’. Dat ‘legere’ giet fansels allinne op as jo stéáne to frijen; lizze jo derby, dan makket it neat út. Ik tink dan ek dat Tamminga net sizze wol dat it slachte in ein leger sit as de mûle (ik haw it by myn frou neimetten: it forskil wie 76 sintimeter), mar ál dat neuken in legere foarm fan erotyk is as tútsjen.... Dat menstruëarjen in hiele lege foarm fan erotyk is, bin ik wer folslein mei Tamminga iens.
‘De trije B's (boarst, bil en bûk) hearre ta de fêste attributen dy't dit erotysk-poëtysk lânskip stoffearje. Teken fan ûnfolwoeksenens? It mei sa wêze, mar it forskynsel leit der’. Dy fraech is in retoaryskenien, d.w.s. nimmen hat Tamminga dy fraech steld, mar Tamminga uteret freegjenderwize syn miening, to witten dat hy it brûken yn poëzy fan'e wurden boarst, bil en bûk in teken fan ûnfolwoeksenens fynt. It antwurd dat Tamminga himsels jowt, kin sa omskreaun wurde: Ek al kin op it brûken fan de neamde wurden it denigrearjende etiket ‘ûnfolwoeksenens’ plakt wurde, dêrmei is dit gebrûk de wrâld net út.
‘En dan to bitinken dat in ûnskuldich fallusfers fan Hessel Miedema de hiele frysk-literaire gemeente okkerjiers yn ûnstjûr en protest bringe koe! Ek dizze literaire lêsjoun hat wer ris dúdlik makke: de hoannen dy't doe noch gappen, kraeije nou’. Fallusfersen bisteane net, kutfersen ál: dat binne minne fersen. Nijsgjirrich is net allinne dat Tamminga it wurd kul - dat Hessel Miedema yn it bidoelde fers skreau - forfangt troch in eufemisme, mar noch mear dat er it lûd fan it wurd fallus weimoffelet yn in eufemistyske stavering mei ph. En dan dat ûnstjûr en protest... Foun en fynt Tamminga it kabael dat doe west hat bilachlik, of wol er sizze dat wy fan'e rein yn 'e drip kommen binne?
‘De fraech bliuwt: kraeije se foargoed fiktoarje?’ Hwat bidoelt er dêr nou mei? Dizze jonges geane ek wol dea? Of: der komt godsijtank skielk wol wer in boarst- en billeaze poëzy?
‘De fraech bliuwt: is dit poëzy. Of leaver: wurdt dit poëzy? It soe in griis wêze as dizze dichters hingjen bleauwen yn in popart- of kabaretachtich wurdgegûchel. It bliuwt ôfwachtsjen’. Dit is wol in hiele wûnderlike oergong! It brûken fan wurden as boarsten en billen wurdt ynienen lykset mei kabaretachtich wurdgegûchel! Ik leau net dat Tamminga dizze saken út dommens bitizet. Ik leau al dat Tamminga, om't er it brûken fan biskate wurden net op etyske of este-