Barthle Laverman /
Tonielstik foar fleurige jongereinsforieningen
(swart)
- lyts bytsje read ljocht dat stadich oer it toniel streamt sadat de swarte fûgels sichtber wurde, dy't boppe it toniel hingje -
- sêft, elektronyske lûden -
- op it toniel stiet in greate rabarberplant ûnder dy plant sitte neakene fammen mei lang hier -
FAMMEN: rabarberrabarberrabarber ensfh. (wurdt stadich lûder). PAUKENSLACH! en it lûd fan fleantúgen.
- de fûgels falle op it toniel -
STILTE
- helgiel/grien ljocht -
oanhâldend lûd applaus
- in man komt op, boargerlik, mei krús om 'e hals. Hy hat in mitrailleur by him, dy't er del set en op it publyk rjochtet. De man krijt it krús en stekt it trije kear de seal ta -
- lûd satanysk laitsjen -
- de man docht syn jaske út. Rollet syn mouwen op en giet efter de mitrailleur lizzen, dy't mei skerp laden is -
- sêfte fioelmusyk -
De man sjìt!
ein