| |
| |
| |
[Ds. Sjoerd Bijleveld (50) (vervolg)]
- |
Binne der boeken dy't Jo graech lêze en dy't Jou ideael bineikomme fan ôfgryslik dwaende wêze yn de maetskippij: d.w.s. religieus, erotysk, sosjael, of miskien noch oars, om koart to kriemen: engagearre literatuer? |
B. |
Tsjerklik binne der fansels genôch wurken en skriuwers dy't myn ideael aerdich bineikomme, dy't it leauwen yntegrearje wolle yn 'e maetskippij. It binne faek in groep revolúsjonairen, lêstige lju foar it establishment. |
- |
Neam ris in forbyld, as Jo wolle. |
B. |
Och ja, hwa sjit jin dan it earste yn 'e holle, Guévara tocht my. |
- |
Jo skôgje sa'n man as leauwend? |
B. |
Ja, fansels, hy yntegrearret it leauwen yn de maetskippij, hwat dat dan ek mar ynhâldt. |
| |
Myn loaijens is sprekwurdlik
Myn burd is in foarm fan dat loaiwezen
- |
Kin de kristlike tsjerke him sa mei polityk dwaende hâlde? |
B. |
Geloof krijt allinne mar stâl yn 'e polityk, omt it stâl krijt op ierde. En men sil dêr mei dwaende wêze moatte. Men soe sels sizze kinne, as der dan in tsjerke wêze moat, dan soe dat in tsjerke wêze moatte dy't ôfgryslik tekear giet tsjin alles hwat op dit stuit bistiet, en sadré't de revolúsje pleegd is, opnij tokear giet tsjin hwat dan bistiet. Hwant it doocht noch altyd net. Sokke avantgardisten soe 'k ha wolle. |
- |
Hwat foar Nederlânske skriuwers/avantgardisten lêze Jo mei nocht. |
B. |
Eartiids Van Schendel. Nou, Jan Wolkers en ek, miskien is dat wol in bytsje absurd, Bordewijk... ‘Blokken’ ensfh. |
- |
Hwatfoar skriuwers bûten ús grinzen wurdearje Jo? |
B. |
Steinbeck en Hemingway. |
- |
Fandêr Jou burd. |
B. |
Ha-ha, né. Dat is in foarm fan loaijens, dat is sprekwurdlik. Fierder fyn ik bgl. Sartre magistrael yn ‘Wegen der Vrijheid’. It is bleatlizzen fan de ûnearlikheit. |
- |
Hy wie antykristlik. |
B. |
As therapeutysk filosoof is hy enoarm wichtich, tocht my. De opkeamersûnde, it ûnsuvere, it dogma en de starre forhâldings wurde bleatlein. Binammen yn Fryslân soene party minsken hjir hwat fan leare kinne. |
| |
| |
|
Ek Albert Camus lês ik graech. ‘De Pest’ bgl. fyn ik sa forskriklik humaen.
En de leste tiid lês ik graech Caldwell. |
- |
En Van der Werff en sokke mannen fan de frouljusblêdstifting K.F.F.B.? |
B. |
Ja, Jo sizze it mar; it is yn feite wol wier, hin. Né, de K.F.F.B. is wol it konservatisme by útstek: dy produkten binne sa ôfgryslijk flau, ûnearlik, mar dan dochs wer op in oare wize as dy fan Jan Cremer. |
- |
Jo hawwe Jan Cremer lêzen (it tredde boek fan J.C. wie noch net útkaem)? |
B. |
Ik ha it bisocht, ja. Mar útlêzen ha ik dat boek net. It waerd my to forfelend. Mar ik moat sizze dat binammen yn it earste boek yndringende passaezjes sieten. Fordomd goed. |
- |
Fine Jo it gefaerlike boeken? |
B. |
Hwat soe it gefaerlike wêze moatte? Ik soe my foarstelle kinne dat der lju binne dy't it ûndermynjend neame, of prikkeljemd of ûndergravend. Mar dat is fansels je reinste waensin. It is sa forskillend to binaderjen. En om to sizzen dat Jan Cremer gefaerlik wêze soe. Né, né: it kin sa moai tsjinje bipaelde taboes to ruïnearjen, en oanwende frustraesjes. |
- |
En Anne Wadman? |
B. |
To sûr faek... Ik moat lykwols sizze dat ik syn lêste boek, ‘de feestgongers’ dochs wol tige wurdearje koe. Fierder as dichter Douwe Tamminga. Allinne as dichter. |
- |
En Tjitte Piebenga mei syn lyk. |
B. |
Né, né, it wie my hwat to suerderich, binammen it middengedielte. |
- |
Germ Abma? |
B. |
Dat is net bêst. |
- |
Noch ien wurd en hiel koart graech: Foarmingssintrum. |
B. |
Iepenbrekkers en in stasjon ûnderweis. |
Koartehimmen/Hearbeam
5 febr. 1969.
|
|