bêdden en it forweech fan de mannen dy't har nei harkjen setten. Sa gie it al wiken, it wie de iennichste kâns om eat oer harsels oan 'e wit to kommen.
- ... dat hja wol fortsjintwurdigers wiene fan in systeem dat yn it forline biwiisd hie de minsklike rjochten fan it folk net to achtsjen en dat dêrfandinne ek fan persoanlike skuld fan elk fan har sprake wie. De astrante hâlding, dêr't hja ek nei seisentweintich jier noch altyd biwiis fan jowe... en dat al ien kear graesje forliend is... dat, as it folk it rjocht yn eigen hannen naem, it regear dêr perfoarst... foar de parlemintsgebouwen in greate tarin... mar it yn birie hâlde woene, yn hoefier dizze saek foar krysttiid oplost wurde koe... -
De wacht moast oare kant it plein bidarre wêze, Paen forbriek as earste de stilte.
- Hja soene oan 'e lêste winsk fan de foroardielden tomjitte komme moatte, en lit dy man ûnder it rút fêstfrieze, dan wit men alteast hwer't men oan ta is. -
- Jim moatte moarnier it forsyk tekenje, mompele Siffer, wy moatte it noch ien kear bisykje. Wy kinne bigryp ha foar de gefoelens dy't by it folk libje, mar neat oars bliuwt oer, as oan 'e ein fan de ierde ús fierdere libben to sliten. Faeks kin har dat ta reden bringe. -
It wie Paen wol goed. En fansels soe Kammereen ek meidwaen.
De prosessen hiene foarhinne de iennichste gelegenheit west om elkoar kenne to learen. En hoewol fan namme bikend, hiene hja elkoarren eartiids nea metten, mar yn de ûntelbere sittingen wie wol dúdlik wurden, dat hja yn deselde saek mandélich wiene. Dat hie in bân skepen en in oantrún west om op ien front to striden.
- It forlof fan Dalek hat dochs in bislút west dat ús hoop jaen kin, murk Kammereen op. -
- Dalek wie in leffert, dy't kâns seach om fan syn omstannichheden gebrûk to meitsjen, dat witte wy allegearre, foetere Paen. -
- Mar hy hat it dan dochs mar rêdden, tocht Siffer, en sil yn alle gefallen net oan de hysteary fan in folk to'n proai falle. -
- Wie it mei ús ek safier net hinne. Siffer, eartiids? -
Mar Kammereen krige gjin antwurd mear. Nei alle gedachten wie Paen wer yn 'e sliep rekke, en ek Siffer hie him deljown, sa to sjen. Hy loek de tekken strak om him hinne en gie ûnder it finster sitten. Nou en dan kamen koarte birjochten troch, dy't er by fleagen opheine koe.
It woe him net oan dat der bûten it hof om in wiziging yn har tastân