| |
| |
| |
[Nummer 4]
‘slach by Warns: 99% anacronisme’
Dat de erotyk net ynkalkulearre is yn't minslik libben is in fordomd fize saek woe'k mar sizze
| |
Ds. Sjoerd Bijleveld (50) (Dir. Foarmingssintrum Woodbrookers Koartehimmen)
troch Josse de Haan
Skokke en Kwetse
B. |
It is eigentlik in wûnder dat de Tsjerne it safolle jierren folhâlden hat, en dat binammen yn dizze tiid. Net de namme fansels, mar de ynhâld. It waerd heech tiid dat dy foroaring der kaem. En it sil dyselde ynhâld wer wêze dy't TROTWAER makket of brekt. It sil yn't foarste plak skokkend wêze moatte, yn dy sin, dat it avantgardistyke elemint de boppetoan fiert, en dus streamforsnellend wurket. Ik soe my foarstelle kinne - en dy grins leit net altyd like skerp - dat it allinne mar pesterijen wurde sille. Mar ik soe my binammen foarstelle kinne, dat men it yn it foarste plak siket ûnder jongeren, net yn leeftiid, ek dat wol, mar dy generaesje, dy't to wachtsjen sit. Net daelk op pesterijen of skokken, mar op it forkrijen fan rjochten foar in hiele bulte saken. Dy't men nou allinne noch mar krijt troch gunsten. |
- |
Bygelyks Operaesje Fers? |
B. |
Ja, útsoarte. Ik bidoel: goedwollende lju dy't ré binne jin op 'e helte tomjitte to kommen. Mar op it stuit dat men seit dat it in rjocht is - dat op 'e helte tomjitte kommen - dat it dan altyd mis is. Yn dy trant sil it oan de man brocht wurde moatte. Dêr moat it op wize. |
- |
Skokke om't de rjochten net honorearre wurde? |
B. |
Skokke ja, hwat de konsekwinsje hat dat tal fan lju né sizze sille. Mar dat soarte lju wie ommers al kroandea. |
- |
Hwat foar skokterapy hantearje Jo hjirre? |
B. |
Ja, ik ha hwat in monomaen stânpunt, en dat is dit: DAT HWAT BISTIET DOOCHT NET? DUS MOAT IT FOROARE WURDE. Nou, en dat is foar in hiele bulte lju blykber ôfgryslike lestich. En dat jildt dan ek foar theologyske, politike en |
| |
| |
|
maetskiplike saken. En dat ûntlien ik dan oan in bipaeld geloofsstânpunt: hiel simpel, en wol: wy binne noch net oan it keninkryk fan god ta, dus doocht it net. |
- |
Komt dat keninkryk gods? |
B. |
Né, sa soe 'k dat net sizze wolle. Ik soe sizze wolle, út dat geloof wei, út hwat it foar jin is, bigjinne to wrotten en to skreppen. |
- |
Leauwe Jo yn dit forbân oan in oerdracht fan idéen? |
B. |
Né, perfoarst net. Ik leau net yn in oerdracht fan idéen, yn dy sin, dat men mar domwei oannimme soe hwat in oar jin fortelt. Ik leau wol yn ynfloed dy't men op elkoar hat, en dat sil wol sa forrinne, dat troch dy ynfloed nou tal fan dingen barre, dy't oars miskien net bard wiene. It is mei de minske net sa, hwat men dan bisiket mei it hiele opfiedings- en opliedingssysteem: as wie it in soarte lege brievebus hwer't men mar hwat yntriuwe moat, as de klep mar iepen giet. Dêr leau ik net yn. |
| |
Fryske kultuerrie: tofolle (kalvinistysk) bistjurd
It soe in platfoarm weze moatte fan oerliz
- |
Ik soe my yntinke kinne dat dat ivige kwetsen en sa de minsken tichtslacht. Miskien mei'k de programmas ‘zo is het’, ‘beeldreligy’, ‘hoepla’ en oaren efkes neame yn dit forbân. |
B. |
Tichtslaen, dêr leau ik net yn. Der binne kranten en oare tydskriften, û.o sa'n Telegraaf, dy't op in stuit gewoan ynfolje hwat in bipaeld soart fan konservative lju tinkt (en dat sit miskien wol yn ús allegearre). It bitsjut allinne mar dat men op dat stuit bihoarlik oanrekke is, mar men sil him realisearje moatte, in jier letter, dat je troch sa'n avantgarde in opdonder krigen ha, sadat je in hiel stik fierder binne. Nou, dan sil je wol wer sa'n klap krije en tichtslaen, mar by ús is it konservatisme mar foar in hiel lyts part reaksjonair. As it útrinne soe op in greater wurden fan reaksjonaire streamingen, dan soe'k sizze, nou wit ik it net mear. |
- |
Soe de Fryske Kultuerried op dit flak - skokke, kwetse, iepenbrekke en sa - net in aerdige funksje fine kinne? |
B. |
Op dit flak kin se ús neat leverje. Miskien is dizze ynstelling ek wol hwat al tofolle bistjûrd, en dan ek noch fanút in kalvinistyske hoeke. Sa't it nou leit, hat dizze ynstelling gjin klankboerd yn Fryslân. |
| |
| |
- |
Wurket dizze ynstelling net to steryl? |
B. |
Dat hoecht fansels net. It kin wol degelik in funksje ha, bgl. op it mêd fan de sprieding fan it toaniel. Tûzenen hiene nea fan sok toaniel dreamd. Mar ik jow ta, dat se hwat tofolle konservator binne, en dat is perfoarst net goed. It soe in platfoarm fan oerliz wêze moatte. Sij sille de pleatslike rieden ynspirearje moatte. |
- |
It liket my nou in papierfabryk. |
B. |
Yndied ha se, foar myn gefoel, in to greate administrative rompslomp. Mar ek hjir jildt wer: de minsken dy't der efter steane, ha dy de kapasiteiten, en sjogge dy de ûntwikkelingen dy't geande binne? Der soe mear barre kinne. Sa'n Prinsetún as plak op himsels: machtich moai. Binammen Ljouwert koe sa'n tún brûke foar aktiviteiten. |
- |
Pen neamde Ljouwert yn dit forbân duf en plattelânsk: brûkt sa'n stêd de mooglikheden wol dy't der binne. |
B. |
Ik ha it gefoel dat men sûnt koart wol dwaende is om bipaelde dingen to foroarjen. Bygelyks jimme ‘Operaesje Fers’ dy't se dan dochs mar subsydzje jown ha. |
- |
De stêd soe yn dit forbân tsjinje moatte as avantgardegroep. |
B. |
De stêd, dat wol sizze de biwenners, of in part hjirfan, dêrfan soe 'k wolle dat se oan ien tried wei oan it saneamde kwetsen wiene, oan 't skokken, oan 't fraechtekens setten, en de lju twinge ta krityk, sa dat se de streamforsnellingen oan'e gong brochten. |
| |
De Friezen hawwe har nest altyd tige biskiten
- |
Oan ien ding kin men in stêd net ophingje fansels, der moat mear barre. En net omt Pen it seit, mar deagewoan dat it in hwat mear libben klimaet kriget. |
B. |
Wy moatte yn 't foarste plak der fanút gean dat it tal ynwenners net it wichtichste is, en it agraryske aspekt, nou ja, as Mansholt syn sin kriget, né, echt dat agraryske aspekt leau ik net sa yn. Ljouwert is ôfhinkelik fan de finansjele mooglikheden dy't it krijt. Der moat jild ynfestearre wurde. Bygelyks dat idé fan in Ingelsktalige universiteit, dat soe fuort-ynienen to realisearjen wêze. Ik bin der fan oertsjûge, hin, dat dat wit hwat towei bringe soe. |
- |
En it Frysk, fordwine. |
B. |
Welné. |
| |
| |
- |
Of soe it net sa slim wêze? |
B. |
Ek dat net, mar ik leau der neat fan dat it Frysk der mei hinne gean soe. Men soe jin yntinke kinne dat in nij stik Ingelsk ymperialisme oer Fryslân kaem, lykas yn Wales en Ierlân, of it soe bitsjutte dat de Friezen úteraerd sa snobistysk binne, dat se har eigen nêst noch hurder biskite as se al dien hawwe. |
- |
It binne eigen nêst-biskiters. |
B. |
Ja, net omt se it graech dwaen wolle, mar ienfâldich omt se net de mooglikheden ha om oars to skiten, sil 'k mar sizze. |
- |
Dat is wol in aerdich image. Hwat fine Jo yn dit forbân fan it image fan it regear De Jong. |
B. |
Och heden. Nou, nochal hwat bihâldend, foarsichtich, en hwat ik ien fan de mislikste dingen fyn, trouwens oer't generael, sa fordomd goedwollend. Dat fyn'k sa fornederjend, dat dêr wurdt men wolris biroerd fan. Nou, dat is tipysk it hiele byld. Goedwollende lju, dy't oaren biskôgje as stakkers, dy't men hwat oer de holle strike moat, en sels dêrby in hiele bulte selsbifrediging ûnderfine. |
- |
Dy GysbertJapikspriis, is dat ek sa'n foarm fan selsbifrediging? |
B. |
Ik soe dêr yndied prate kinne oer selsbifrediging, ja. Mar ik tocht ek, dat it in stimulearring ynhâldt mei hwat men mei Fryske skriuwerij en kultuer bidoelt. As men dat hoe langer hoe minder to foarskyn bringe kin, komt dat, omt der stadichoan safolle lju omhinne komme to sitten, dy't it sa wichtich en sa moai fine. En dêr wurdt men wolris raer fan. |
- |
Sokken binne hjir fierstentofolle, dy goedwollenden? |
B. |
Nou ja, men wol sa graech dy kant út; Jacket oan en sa, en dan mar deftich prate, al of net alkoholhâldende buorrels drinkend. |
- |
Jo soene de takomstige kommissaris wurde moatte? |
B. |
Nou, né (hastich) dat wit ik net. It sit him net allinne yn de kommissaris, mar binammen yn't stribjen fan in hiele bulte lju. De boargers. |
| |
Fryske biweging: forpester basis folk
- |
Hat de Fryske dûbelkultuer wol in goed image, mei 't each op 'e takomst? |
B. |
Takomst? Mei it each op 'e takomst moat men nea hwat dwaen op dit flak. En alhielendal net it forline fansels. Men moat it dwaen, om't men it nou in eask foar de minsken fynt. As men |
| |
| |
| |
[Klaas Bijl]
|
|