| |
| |
| |
[Ds. Sjoerd Bijleveld (50) (vervolg)]
|
der fan oertsjûge is dat der tal fan lju har uterje yn 't Frysk, dan kin men der net foar wei en easkje deselde rjochten as oare minderheden. Dy't it docht mei it each op 'e takomst, komt yn in kramp to libjen. Hwa wit ommers hwer't it hinne giet? It giet hjir om rjochten, dy't bifochten wurde moatte, lykas wy niis steld ha by Trotwaer. |
- |
Is Van der Mark hjir de krekte persoan? |
B. |
It is wol ien fan de earsten dy't dêr sit, dy't tsjûget fan fisy. Neffens my hat er ek net folle lêst fan biwegingsidéalen. Nei binnen ta moat er wolris termen brûke dy't de biwegingsfriezen hwat oansprekke. En dat bin ornaris frij konservative lju, sil 'k mar sizze. En... It binne al sokke prinzipienreiter, dy friezen, mei alle minne gefolgen derby.
Nim bygelyks dûmnys: it binne faek de domste politisy. To prinsipieel. |
- |
De Fryske biweging is faek stipe jown troch dûmnys. Hâldt dat yn dat it in domme organisaesje is? |
B. |
Né, dat is aerdich, ja tige aerdich. Neffens my is de Fryske biweging in foarm fan kultureel nasjonalisme. En as sadanich in forpester fan de basis fan in folk. |
- |
En de slach by Warns, dy bitinking? |
B. |
De slach by Warns is foar 99 persint in anachronisme. |
- |
Willem Frederik Hermans neamde it de fijnste practical joke. |
B. |
Dat kin men fan him fansels forwachtsje. Hy is in erudyt man, mar ek tige humoristysk. Dy bitinking soe tsjinst dwaen kinne as nasjonael monumint, as it libbe fansels. Nou is it om to laitsjen. Eltse kultuer hat in image noadich, lykas eltse skriuwer, eltse krante en regearing. |
| |
It is kranksinnich dat de minske der weze soe foar de sabbath,
Ne de sabbath is der foar de minske: genietsje
- |
Ik sjoch dat image krekt net yn dy kristlike tsjerke, dy't hast per definysje efter de feiten oanrint, binammen yn de ynterminslike relaesjes, bgl. de erotyk. |
B. |
Se rint fansels efter de feiten oan, mar ik ha it gefoel dat der hiel hwat foroaret. It is dat fordomde Grykske tinken om lichem en geast to skieden, of d' iene boppe de oare to setten. It |
| |
| |
|
is neffens my in fize saek, dat de erotyk net ynkalkulearre is yn it minslik libben. |
- |
Dy apokrive boeken, is dat ek sa'n foarm fan efter de feiten oanrinnen? |
B. |
As men it lêst, soe men sizze der sit forbân tusken, mar men sil genôch theolooch wêze moatte om dit sa to stellen. Se sille theologysk wol ûnfoldwaende wêze. Mar dat it ek mei sensuer en sa, en mei erotyk to krijen hat, stiet as in peal boppe wetter. |
- |
Dochs kin men wol stelle dat de seks net yn de tsjerke yntegrearre is. |
B. |
Dat is wier, mar ik ha al sein, de skokken sille dit bifoarderje moatte. Ik fyn dat ik wol konstatearje kin dat der yn 10 jier tiid in bulte foroare is, in greate forskouwing: doe wie it in mear technyke ynformaesje mei ethyske fragen, nou mear hoe 't men it sels tsjinoer jinsels forantwurdzje kin. Hoe moat ik der mei handelje? |
- |
It gewisse, mei oare wurden, wer dat bismette goede en kweade. |
B. |
Soks sil wol spyljen bliuwe. Mar it hat ek in hwat oare folling krigen. Men komt mear en mear ta de oertsjûging dat it kranksinnich wêze soe dat de minske der wêze soe foar de sabbath, mar dat de sabbath der is foar de minske. En om it noch oer to setten: goed is dat hwat de minske lokkich makket, en forkeard dat hwat fortriet docht. It kin in nije bifrijing wurde. |
- |
Symboalysk? |
B. |
Né, letterlik. Ut 'e slavernij wei. Ut 'e ûnderdrukking wei, en dan binammen dwaende wêze mei dy struktueren dy't dat binei komme, fan hwat men forstiet ûnder de hearskippij fan god. |
- |
En hwat is dat? |
B. |
Frij útlibjen. Sûnder sykte en âldwurden of op jins kop sitten to wurden. Of bang to wêzen. Sûnder fornield to wurden. |
- |
Der sil in kompromis foun wurde moatte, tocht my om dit to realisearjen. It establishment sil dit wol frij anarchistysk fine. |
B. |
Mei 'k in hwat nuvere forgeliking meitsje: it liket mear op in houlik. Je bliuwe jinsels, yn dy deistige diskusjes mei oaren oer dat hearskipjen fan god, mar je geane der beide oan. Je foroarje en wurde beide mear en mear ien, en wurde nea ien. Mar it is in yn petear bliuwen. It is gjin kompromis. It is wol in trochkringen nei dat idé, dat men ûnderweis is. |
| |
| |
| |
Soms is in houlik in stik slavernij dat men der fan kokhalzje moat
- |
Is it houlik ek in foarm fan bifrijing? |
B. |
Ik soe my bêst yntinke kinne dat in houlik, dat dat dy bifrijing bitsjutte kin, dat dy twa minsken bisykje elkoar to bilibjen. Se ha dan gjin forlet fan oaren. Of se ha deagewoan gjin oare mooglikheden, se sjogge it net oars.
Yntusken freegje ik my ôf: hokker houlik is nou eigentlik wol ienfâldich? Hwant in houlik, dat kin fansels ek in stik slavernij wurde, der't men fan kokhalzje moat. |
- |
Der binne noch party minsken dy't mei frustraesjes omrinne? |
B. |
My tocht dat sein wurde moast, dat ús frustraesjes ôfgryslik fruchtber wêze kinne. Wy moatte der wiis mei wêze. |
- |
Bin alle kunstuteringen foarmen fan frustraesjes? |
B. |
Nou né, sa slim is it nou ek wer net. Mar hwa fan ús is nou net frustrearre? |
- |
Is it lêzen en it meitsjen fan pornografy in foarm fan frustraesje? |
B. |
Dat sil't wol, mar om dat nou siik to neamen sa't sommige lju dogge, is ûnsin. Al wer moat ik freegje: giet it nou om de bifrijing, ja of né. Nou dan, meitsje dat spul frij, dat frekte oer de holle striken, sa'k niis sei. Wy binne gjin stakkers, en men hoecht ús alhielendal net to bifâdzjen. En nochris, net frij omt de aerdichheit der dan miskien wol ôf wêze soe, deasimpel: foarsafier der minsken libje moatte ûnder âlderen, dy âlderen dat mar opknappe moatte, en oars soe'k sizze sels bislisse. Dat is hjir yn't sintrum ek sa. Hwat men meisleept, is ús in soarch, fan ús is neat forbean. Ik ha it gefoel dat it ûnnoazel wêze soe sokke dingen to forbieden. Pornografy: ik bigryp der neat fan, hwat mei en hwat net mei. Dêr snap ik neat fan. |
| |
Men leart (de bern) toskboarstel en lusjefers to bruken
Hwerom dan gjin foarbihoedmiddels?
|
Itselde ha je mei abortus. Je konstatearje dat der geslachtsgemienskip is, foardat men troud is, bûten dat men troud is, en as men troud is, sûnder dat der bern fan komme moatte. Nou, dat is sa, en fan dat feit útgeande, moat je jins bern dus de |
| |
| |
|
mooglikheden jaen om dy foarbihoedmiddels to hantearjen. |
- |
As biskerming en gewoan gebrûk. |
B. |
Ja lykas lúsjefers. |
- |
Akkoard. Mar hwa sil sizze dat der net wer in tobekslach komme sil? |
B. |
Soe 't ek wêze kinne, dat de geslachtsgemienskip, dy't jierren lang yn 't teken fan de prokréaesje stien hat, hin, der moat bern komme, dat dy idé ûnmooglik wurden is troch ús wittenskiplike, medyske en technyske mooglikheden?
Dat wy dus leare moatte - yn theory is it wol bikend - dat geslachtsgemienskip totael hwat oars is as prokréaesje. Yn 't twadde plak konstatearje ik dat wy it oan 't learen binne, mar dat wy it noch net leard ha. Op 't stuit dat wy it leard ha, sille wy it hantearje, sa as it miskien wol bidoeld is, binammen nou't pillen en sa de boartersmooglikheden forheegje. Men kin frij operearje. |
- |
Kin de TV op dit stik fan saken hwat posityfs dwaen? |
B. |
Binammen de TV, dy't dan dochs mar soarget foar in greate ynformaesje. Men soe de omropbistjûren der fan oertsjûge moatte dat se mei elts programma dwaende binne mei ynformaesje. En dan net to binaud fansels. Taboes binne der om troch to brekken. |
- |
Hawwe Jo in foarbyld? |
B. |
Fan 'e TV binne der genôch, hie 'k tocht, mar ik ha in oarenien. It bart wol dat ik op in âlderjoun in praetsje hâld oer de seksuéle opfieding op skoalle. Lêstendeis wie dat wer ris it gefal. Nei in tydtsje die bliken dat men it allegearre mei my iens wie. En ik hie wier de koal en de geit net sparre. Ik tocht, ik fortrou it net rjocht. En ik gong noch in stapke fierder. Ik sei dat it needsaeklik wie de bern to learen om to gean mei foarbihoedmiddels. Men leart de bern ek om to gean mei in toskboarstel. En wit ik hwat. Dat hwat se kinne moatte. Doe wie it safier, dat se allegearre seine dat dit it slimste wie, hwat men dwaen koe. Hjir leit noch in great taboe. |
- |
Of hypokrisy. |
B. |
Ek. Mar it is yn de trant fan: dan jow ik it paed alhielendal frij. |
- |
Foar hwat? |
B. |
Ik wit net foar hwat foar seksuéle aeklikheden. Ik foun itselde by Jongeling: men moat de minske net yn forlieding bringe. Mar ik fyn dat sa'n waensin. |
| |
| |
| |
Neat op ierde is hillich/alles mei stikken
- |
De diskusje fine Jo it wichtichste? |
B. |
Ik soe alles hwat men wier achtet en hwer't men fan oertsjûge is, dat soe ik as diskusjemateriael op tafel smite wolle, en tagelyk mei alle réwilligens dat hwat ik wier achtsje ta punt fan diskusje meitsje. De wierheit kin ek net in statysk ding wêze, dat is ek altyd in saek dy't ûnderweis is.
Eltsenien hat neffens my folsein it rjocht negatyf to wêzen, de jongeren alteast. Ôf to brekken. |
- |
Mei men alles fynslaen, sûnder dingen dy't har wearde hâlde to biskermjen? |
B. |
Miskien wol. Mar ik bin der fan oertsjûge dat neat hjir op ierde hillich is. Alles mei fynslein wurde. Ik bin der nammentlik ek fan oertsjûge dat it net needsaeklik is dat der dingen trochjown wurde út it forline. Ommers alles hwat de minske dien hat, tocht hat, ensfh. is altyd sa breklik west. Men komt der net fan ûnder de yndruk. |
- |
Ik tocht dat ek de dûmnys hjoeddedei harren hwat op los sân fielden. Hwat soene Jo as dûmny, nou, yn in gemeente dwaen? |
B. |
Ik soe my foarstelle kinne der fanút to gean, dat it wichtichste is, dat minsken selstannige frije wêzens binne. Soene se hjir gjin bliken fan jaen, dan soe'k ôfgryslik polityk dwaende wêze yn sa'n gemeente. Gjin partijpolitik. Mar hiel simpel: jim leauwen spilet him ôf yn 'e wrâld. Dus: dat hat ek politike konsekwinsjes. |
- |
Is de Bibel dan nochto brûken op dat punt? |
B. |
Jawol. Hwant de Bibel makket dúdlik, dat de saken har ôfspylje op dizze wrâld. It giet om ierdske saken. Dat is dan ek wer monomaen: de úttocht út Egypte en de forovering fan it ûnthjitten lân. Libje, ite en drinke. |
- |
Jacq. de Haan neamt de Bibel, Freud en Marx de gefaerlikste boeken op 'e wrâld, yn de sin fan prikkeljend en kontroversen meitsjend. |
B. |
Ja, ja, dat is wol dúdlik, tige klear. Mar Freud is dea. Dat wol sizze, ek syn wurk. De takomst leit net yn hannen fan de psychologen, psychoanalyse en kompleksfordriuwing. Ommers, it sosjael-ekonomyske aspekt fan it minslik wêzen hat al foar in great part plak meitsje moatten foar it sosjael-kulturele aspekt fan it minslik libjen. |
|
|