(L.C. 13-2-1969)
Jiskefet - Trotwaer?
Yn de lêste ‘Tsjerne’ (dés. 1968) hat in, nochal groffe, réaksje stien fan Tr. Riemersma op ûnderskreaune syn artikelen yn ‘A-Wyt’, ‘De Stiennen Man’ en it boekefeest-Manifest. Deselde redaksje hat, wanmoedich genôch, it net opbringe kinnen it rjocht fan werwurd yn to skikken en nim it stik der tsjinyn fan my op. My tinkt, jiskefetmethoaden.
De publikaesjemooglikheden binne foar it Frysk net sa great. Graech wol ik, foar't der mooglik misbigryp ûntstiet oer it weibliuwen fan in wjerlizzen fan T.R.'s heldensang yn ‘Trotwaer’, dizze ‘heldendie’ buorkundich meitsje. Ljouwert.
G. Abma.