Oan dy fan 2068.
Lykas de tweintichste ieuwers wolle jimme miskien wolris op in feilige manier kultureel dwaen.
As jimme sa lang net wachtsje kinne - oare jier al is Joast Halbertsma twa hûndert jier dea - soene jimme it ûntstean fan Operaesjes Fers bitinke kinne.
Hawwe jimme allinne mar hwat literairhistoaryske niget oan dizze aksje? Neat net slim.
De Rimen en Teltsjes en it houtsjefabryk, dat bliuwt. De fretfersen binne langendelang al fortard.
Mar dit hâldt oer: jimme kompromitearje jim mei in bitinking nei hûndert jier net.
Sykje it oars yn de allegoaryske stunt. Dat slagget altyt.
De Stichting Operaesje Fers hat op 14 febrewaris 1969 werris in kommuniké útjown. De redaksje skriuwt dêryn:
‘Operaesje Fers’ viert vandaag haar éénjarig jubileum....
De kâns sit der yn, dat O.F. by de Fryske Akademy forkeard op 'e bittinkingslist kommen is.
Tink der dus even om: 16 febrewaris is de dei.