skriuwerij hwat to metsjen hat mei de tiid dêr't wy yn libje, dat skriuwerij tsjin Literatuer is, en dat polityk der ek hwat mei to krijen hat, dat opkommen wurde moat tsjin de trits by ús noch altiten oerskatte mar ûnbilangrike skriuwers, dy't publisearje by de graesje fan it frysk, dat skriuwerij gjin spultsje is fan moai waer en lange dagen, dat de establishment korreksje nedich hat, dat it seak is, yn'e skriuwerij deagewoan lestich to wêzen, en dat de skriuwerij it fiifde tsjil wêze moat.
Mar neat fan dit allegearre, ynsté dêr fan in stikje flauwe kul sûnder ein, dat by alle problematyk lâns riddenearret, en ynmoedich bisiket, ‘de tsjerne’ sa lang mooglik yn stân to hâlden. En dat, wylst it folderke, dat de nije útjowerij del stjûrde, dochs wol efkes dúdliker wie:
‘De nije redaksje wie fan bitinken dat in namme as “De Tsjerne” net mear passend is foar in blêd dat programmatysk wêze sil: mear krityk, mear polemyk en mear polityk. In blêd dat net allinne signalearret, mar ek ynspirearret, aktyvearret en miskien hwat provosearret. (.........). In “nij” blêd dus, mar ek “âld” as fornije Tsjerne; “âld” mei in tal fan yn Fryslân bikende meiwurkers; “nij” mei in mear by dizze tiid oanslutend program’.
Hwerom yn'e goedichheit is dêr neat fan wier makke, hwerom sitte wy noch hyltiten mei dy ‘tsjerne’, hwerom brûkt dizze redaksje de harren taparten poarsjes seachmoal net? It andert is leau ik maklik: de ynhâldsproblematyk is net útiten, de kwestje fan it boargermansfatsoen is net forwurke en de sitewaesje fan de skriuwerij yn dizze tiid is dizze redaksje net dúdlik. Hoe moat it stikje fan trinus riemersma tsjin bauke de jong yn it allerearste ‘trotwaer’ yn fredesnamme oars útlein wurde?
‘Ik kin foar sa'n styl fan polemisearjen gjin wurdearring opbringe. Dit leechlizzend gepraet oer Van der Ploeg is yn striid mei gewoan, boargerlik fatsoen. As men oer immens wurk skriuwt, dan hat men dat wurk en de persoan fan de skriuwer to respektaerjen. Men bigjint net to lullen en to lêbjen’. (blds. 38).
Dizze rjochtute fordigening fan it boargermansfatsoen, fan de spulrigels, fan hwat men wol of net docht, fan de establishment of hoe't men it ek mar neame wol, is dochs in ûnhâldbere stelling? (Hjirby noch ôfsjoen fan it feit, dat durk van der ploeg him yn it ynterview ek net oan de spulrigels hâldde). It is ommers by de analfabeten om't of, dat wy ús noch altiten drok meitsje om ditsoarte fan dingen, wylst der wichtiger saken oan de oarder binne en wylst it