Haadstik 11
Deisteg Bestjoer FA ynformjerret Brede Bestjoer FA mar heal en te jellen. Skriuwt Feitsma neat weróm. Fólget oare taktyk noot fwótstimmen Feitsma ûnder lieding Gerbenzon misljerre is. Wól no saak deabliede litte. Hopet dot Feitsma nócht kryget en boel hinne bruit. Bart dot net don DBFA fon doel Taalk. Wurkf. óp nónaktyf te stellen oant saak-Feitsma ferjirre is. Yn un skielk óp 'e nij óp te rjóchtsjen even oas organysjerre Taalk. Wurkf. kin don mei un skjinne laai - dus sûnder Feitsma - start wudde, takómst skeppend út dit ferlyne.
Tajekke:
HÛ LULLE JO DER UN KÓNT OAN
(Winken fwar lju dyt miene óp dizze romon réagerje te matten mar har de fingers net bane wólle).
1. Fierwei ut bêste is neane óp réagjerje. Freget ien jo miening don sizze dot jo ut stik noch net lêzen ha. Freget er letter wer don sizze dot jo de nije stavering net beheaskje.
2. Kinne jo der net fwarwei jo miening to jaan don safólle mooglek net óp 'e saak sels yngean mar wot óp 'e kont ómeamelje en -lêbje. Fwarbylden: 1, No ja, chot, dy Feitsma! Mat men dêr no safólle wudden óm smwarg meitsje? 2 Wês earlek, dy Riemersma mat yn elk nûmmer ien bij de kop ha. 't Is mar krekt wêrt er oer folt.3, Dy hiele tsjierderij oer de stavering sit my oant jirre! 4, Trotwaer sit grif óm kopij ferlegen. 5, Wij matte yn 'e Fryske Beweging meinunwar stean, tink mij. 6, Ik ljo net dot Riemersma de saak tichter bij un óplossing brocht hat.
3. Miene jo twóngen te wêzen jo oardiel óp pepier te setten, don matte jo suggerjerje dat de hiele saak net mear is os un misferstôn tusken juffer Feitsma en ut Akadeemje bestjoer. Besykje dus benammen net óm de feiten te efterheljen! Gjin ynterfiuws mei Feitsma dêróm, wont don soenen jo twóngen wêze ek ut Akadeemjebestjoer te ynterfiuwen. Wólle jo de skyn rêde, skilje don juffer Feitsma óp te Bûttenpost wylst se yn Amsterdam sit, don kinne jo fijn yn 'e kronte sette dot se ûnberikber wie fwar kómmentaar.
Yn gefollen os dit kryget de mon dyt de saak oan ut rôljen bringt yn 'e regel mear ómtinken os de saak sels. Krontelju matte bij dit gebrûk oanslútte wont tróch san manöövre liede jo de oandacht fólslein fon 'e saak-Feitsma-Akademy bestjoer ô. Ut is ferliedlek Riemersma fwar te stellen os ut lilke bist dot út nócht oan ûnnócht fon dizze mig un oaljefont makke hat, don soe ek de argewaasje him óp syn persoan rjóchtsje. Mar ut is gefaarlek! Riemersma soe nydeg wudde kinne en oergean kinne ta ut públysjerjen fon brieven fon ut Akademy bestjoer oan Feitsma.
Besykje dêróm nonken Bergstra c.s. en Feitsma ek Riemersma fwar te stellen os un persoan fon goede wól. Sis dot jo oas syn stikken mei nócht lêze, mar dot er diskear, fólslein te goeder trouw (útsoate), mei yntegere bedoelingen (geweldeg!), dochs, yn oas te priisgjen jeuchlek ontûzjasme, un bytsje tefólle ut belang fon ûnderskate saken, ek tot fon juffer Feitsma (dot is un fynst!!), út ut eag ferlen hat. No noch un pear ôbreidzjende sinnen wêrynt jo skriuwe dot jo miene te witten dot Riemersma oas ek drók gebrûk makket fon 'e fasylyteiten fon de Fryske Akademy. Dot hat der wól net ut measte mei út te stean, mar is un hint óm unwar un bytsje freonleker te behonneljen.
Dizze matearje mat sa fwarsichteg behonnele wudde ómt wij net wer ut gedónder yn De Nieuwe Linie ha kinne.
Skriuwe jo net yn un kronte mar yn un klupbledsje os Stim of Strikel, don kinne jo ta mei ópmerkingen dyt ûnder punt 2 neamd binne, ol sille jo ut wot suptyler sizze matte. Bijgelyks: ‘Mei gôns oerdriuwing soe men meskjin sizze kinne dot juffer Feitsma, yn un beskaat ljocht sjoen, yn gwón dingen, tinkt ús, sóms wot oer har hat, dot lju dyt har net fóldwaande kinne, meskjin wólres wot kjizzeg meitsje kinne soe.’ Dêrmei suggerjerje jo dot sij ut kónflikt útlokke hat, wylst jo dochs genôch slaggen óm 'e jermtakke hôde, en net te bewizen is dot jo ûnwiere dingen skreon havve.
Un lêste ried: Hôd jo óp 'e flakte.