Trotwaer. Jaargang 1(1969)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 106] [p. 106] Steven de Jong / Une femme mariée 1. it tsjerkhôf De tsjerke leit op 'e knibbels yn 'e kosmos de toer riist smeekjend ûnder in tekken fan stjerren eangst me krûpt krûpt it breidsboeket gûlt forgielet stjert forjisket in earkrûper krûpt yn it HIELAL ûnder dyn skedel leafste de nacht forknûkeret tusken syn KAKEN [pagina 107] [p. 107] 2. lykas al faker útienset waerd hjir is in blom dêr in heit it strieljende eech fan 'e mem yn in fytsbel (praehistoarysk) * yn it chroom fan 'e slide blikkerje de tosken fan 'e dochter en de soan en de kromlutsen fitraezjes fan (och hea) it âldershûs [pagina 108] [p. 108] 3. dyn wurden leafste der falt ien oan diggels hark de nacht rint leech dyn sissende slange lústeret jow my in stikje wurd fan dy de sydkant fan dyn lûd bring my de romtefeart fan 'e gedachten oan 'e binnenkant fan dyn hân (yn 'e fierte gestamp fan learzens) UNEINICH TICHTERBY KOMT DE SINNE OP leafste dyn wurden to tear foar de biznis hark der falt ien oan diggels op it pânser fan myn harsens de motoren raze sa [pagina 109] [p. 109] 4. myn god lit my net wer de fingers yn jins stopkontakt stekke ik soe it bistjerre fan 'e koartsluting dû bist de transformator ûnbidich great liz ik rjocht oerein yn it laden fjild fan dyn bêd dû boartest sémearmin blau fan 'e kjeld iispegelseks Presto presto realiteit as in BLIKsemstriel noch nea ha myn wetters sa hyt west dyn heupen gounzje fan energy yn 'e rook fan NIVEA NIVAJA NIWANA [pagina 110] [p. 110] 5. hja sliept hûndert jier tusken fûgels en kûgels yn it swarte wetter fan 'e nacht driuwe boatsjes nei de krústochten taeste har earms oan adam ta har folk sjongt toe mar toe mar hja heupdounset greatsk de sedyk giet dwerstroch fan it ritme MEM MEM IK HALD FAN HIM se brânne stêdden plat mar hja laket al wer troch de dizen fan 't hielal yn har boarsten mar dan toe mar toe mar himet hja dû triuwst de dolk oan myn herte ta fiel mar oan myn hier bûten draeit de kosmos om ús keamer tagelyk tutet de jonge sjinees syn breid en siedt de môlke oer 6. krekt ûnder har pyama tusken knibbel en krús dôvje de ljochten Vorige Volgende