tekkens en yn it kessen in grize tûfe hier.’ (s. 59).
‘In djippe krôk jowt har forromming.’ (s. 62).
‘Mei in gjalp fleant Tsjits oerein en leit op hannen en fuotten yn it bêd mei de mûle fol gear iten, makket fremde lûden om Jan to bitsjutten dat se de poat wer ha moat. Se koarret en blaest lange slimen fan 'e mûle.’ (s. 67).
‘Hwat moatte Jo wol net fan my tinke, dat ik hjir foar Jo yn it stof liz, mei de bek op 'e pispoat. Ik moat my foar Jo skamje, God, nou't ik hjir by Tsjits ûnder it bêd omklau, mei de fingers yn 'e mige.’ (s. 84).
‘It matras bigjint alheel troch to sakjen. Dyn grouwe kont sakket suver troch it bêd hinne. It springfear rekket de groun aenst ast sa troch giest. Dou bist yn 'e himel, mar dêrom hoechst net sa fier nei ûnderen to sakjen datst my op 'e kop hingest, dame. Ik liz hjir ek fatsoenlik. It drupt hjir ek, fanke. Dou koest wol yn 'e broek miigd ha. Dat is stout fan dy, hear. Fiis fanke, mei net broekjepisje, mei net bedtsjepisje. Lytse pop stout. Kom, ik sil de poat ûnder de drip sette, oars rint it aenst de hiele keamer oer; dan kin ik de learzens straks wol oandwaen. Fiislak. Swakke blaes, hear. Tonei potsjepisje, potsjepoepe. Moatst it tsjin Jan sizze. Fordomme, siz dan hwat, mar liz dêr net sa heislik to migen en to rotsjen.’ (s. 85/86).
‘Dan skout er it glês fan 'e kiste en triuwt Tsjits it gebit tusken de stive kaken. As er de mûle iepen bûcht leit de tonge as in grouwe swarte slak opkrôlle. De suster hat har in lúsjefersdoaske ûnder it kin set, mar Jan kin it spul net wer toplak krije. Der leit gjin fredige glâns mear oer har gesicht. Se hat de tosken driigjend foarút as in rôfdier. Elke kear as Jan se nei efteren triuwt komme se wer nei foaren. Dan triuwt er har it kin wer omheech mei in húskerôlle der ûnder.’ (s. 93).
‘Sa bliuwt er yn tinzen boppe de kiste stean en pluzet him in grou spoek út 'e noas.’ (s. 96).
Ik leau dat ik genôch foarbylden bybrocht haw dy't it naturalistyske fan Van der Ploeg syn styl biwize kinne. It tal kearen dat der skiten, mygd, krôke, koarre, goathimmele, rochele, rachele, kwile en flybke wurdt is bysûnder heech. Net dat ik it boek dêrom ôfwiis; it is wol slim ûnsmaeklik, mar dat mei hinnebruije. Wol freegje ik my ôf hwat Van der Ploeg mei dizze, lit ús sizze: ûnesthetyske útbylding fan minskene hâlden en dragen foar hat. It stellen fan dizze fraech ymplisearret dat it boek my net rekke hat. Né, ik bin der kâld ûnder