stich har paed krusten. Jankend stouden de hounen útelkoar as it kwylwiif har by sturt of earen griep, om har lûden to probearjen en de krekt ûndutsen wurden oan'e wurklikheit to hifkjen.
Men moat alteast mar oannimme dat it har dêr om to rêdden wie. Mar oft se mins en dier, kop of sturt en dea en libben net trochinoar helle, sels koe se it net freegje of sizze.
De bylden op it hout wiene ûnbitrouber, heal to'n ein, kleurleas en amper noch to ûnderskieden. Net bjuster bimoedigjend wie it babel fan tekens dy't se op 'e muorre krite en alle dagen fan foaren ôf oan herhelle en fierder útskreau. As it monotoan gesang fan trollen wie har deun, hwannear't se wevend foar de muorre stie en har fingers lâns it skrift gongen.
Net dat se har skouwens to boppe kaem, mar de nijsgjirrigens fan it kwylwiif naem ta en forhaeste de ûndergong dy't se tocht op to kearen. Hwant dy't har koene en dy't men earder noch wolris mei har dwaende seach, gekjeijend en laitsjend, sa't it Net van der Mazelen it bêst bliek to foldwaen, en mei to lûde stim, amper noch murk men dyen.
Skrutel repten de froulju foarby en mompelen yn 'e gong wei fan achter de dellitten wale in hastige groet. Lûdroftiger as oars en út 'e eachhoeken fansiden loerend, kamen de manlju delsetten.
Alline de frjemd hie noch kâns troch it kwylwiif oerfallen to wurden. Twiveljend sette se de earste stappen, ûnwennich dippend en lûd sloarpend, dan sigesage se der op ta, en hwa sil it immen kwea ôf nimme dat er staf fan eangst mei him gewurde lit en net ta sprekken komt en fan ruten spilet sadré't er de alteraesje wer oermânsk is?
It plankje freegend nei foaren stutsen, de oare han, sunder omtinken rekrutearre foar in wichtiger doel nou, wizend en winkend en findelswaeijend, sa kaem se tichterby, Net van der Mazelen, it kwylwiif. En se bitaeste en braekte har klanken, mar waerd net forstien.
It bidjer gnaut súntjes en wurdt yn jierren net sjoen, mar hommels komt de fornieling oan it ljocht en nimt halje-trawalje ta.
Allinne Gesyn, de suster, bleau har trou, ûnsichtber yn it hûs, kleijend lâns de seam fan de wyldernis.
Dat wie langer de oarde dêr't it kwylwiif har thúsfielde en bisocht har ta to eigenjen hwat har fan de oaren forfrjemde.
Mei de tosken yn it hout, skuorrend en gnauwend, reizge se ôf út 'e doar en fordwoun yn 'e reiden. Sûnder ophâlden stiigde har deun yn 'e neimiddei op út it fjild. Stil as de mûzen hold se har, hwannear't