de dichter lytsman makke (alteast dat lês ik der út). De dichter kin dus ek net tsjin de frou op. Fuort dêr achteroan komt de omkearde preek fan Don Juan. De geast (syn dreamen, syn Don Juan wêze wollen) is swak (de wjokken brekke) en mei syn gewillige fleis sit er krekt boun oan syn Cleopatra. Syn spreek is de preek fan Don Quichotte. De morael is stoarn, mar hwat dan noch? Hwa is amoreel? Is Don Juan dat of de plysjeman?
De dichter fielt syn boun wêzen (yn wêzen dus oan'e frou) earne as in skuld, as in swakheit fan him, mar tagelyk is it syn privileezje:
‘sa/ en net oars/ seit de hân/ dy't it bern slacht/ ik sil dy foarmje/ nei myn gelikenis/ goedskiks of kweaskiks/ krekt as myn skuld/ oan dyn bistean/ is dat myn privileezje.
Syn privileezje is dus in soarte fan misdied, krekt as syn plysjeskip. Dêrom syn ôfwizing fan 'e morael, mar dêrtroch is er wer krekt plysje. Hoe graech er elk oars wol, hy sit yn in fisieuze sirkel ‘sonder hope op in ein’.
De boune plysje en de frijfochten artyst binne yn dizze poëzij twa poalen, dy't yn wêzen ien punt foarmje, it deade punt, dêr't de dichter op stiet, dêr't er op roundraeit en dêr't er net ofkomme kin. Nei myn bitinken binne de bêste fersen út dizze bondel dy, hweryn it deade punt, dêr't de dichter op stiet ûnder wurden brocht wurdt bg.:
‘de saek/ leit/ wier net swier// sa/ hat de heit/ it sein/ sa/ sil de soan/ it sizze// in potsje/ neuke/ en/ hwat ite/ en op tiid/ in gleske bier/ that's the story/ is 't net wier.
Ek syn bêste engagearre fersen skriuwt er fanút dit deade punt wei bg. ‘kill a commy for christ’
‘bleate skonken/ fodden/ en swart hier/ in siel miskien/ en eagen// yn wêzen/ oars neat/ as hwat fleis mei bonken/ wol gongber fan model// it tou/ it griene u.s-ding/ dat binne frjemde eleminten/ foar de frijheit// dy twa/ kill a commy for christ// yn wêzen/ oars neat/ as hwat fleis mei bonken/ wol gongber fan model.’
Yn syn ûnmachtsposysje makket de dichter ynkringende notysjes, frâl de rigel ‘wol gongber fan model’ bliuwt jin by. De dichter skildert hjir in forskriklik forskynsel. Elkenien is dêr forantwurdlik foar. Der moat hwat oan dien wurde. Dizze dichter is dêr net ta yn steat. In biskriuwing fan dy ûnmacht, dy't jin troch ieren en sinen giet, hie it fers ‘selsmoard’ wêze kinnen. Mar dit fers is nou krekt in foarbyld fan it feit, dat ien wurd in fers forknoeije kin.
‘Myn blanke slavinnen/ waskje de teannen/ foar de nacht/ hja binne