Oene Spoelstra / Spul
In oanset ta nij theater
So auch führten wir das Stück auf wie einen Bericht aus grosser Zeit.
B. Brecht
In moaije dei yn april. De fûgels fluitsje.
As de seal nei fiif minuten stil is, komt in MAN op mei in STOEL. De earste oanset ta in dramatysk momint ûntstiet daelk:
de MAN bliuwt yn it midden stean mei de STOEL foar it liif.
Hy sjocht de seal yn, earst nei de foarste rigen, dan nei de achterste. Dêr sit nimmen.
De MAN set de STOEL mei in fûle biweging del, as wie er lulk. Dan heare wy applaus út lûdsprekkers achter yn'e seal. Wylst wy omsjogge - wy hiene dit net forwachte en wolle witte hwêr't it lûd weikomt - skine ús felle ljochten yn'e eagen. Tagelyk wurdt der noch lûder lake op de spylrûmte foar ús. Forheard draeije wy ús om. De MAN mei de STOEL is fordwoun.
In moaije dei yn april. De fûgels fluitsje. Nimmen to sjen. In MAN komt op, as it lêste hoastjen oer is. Hy draecht omsichtich in WASKBLIK mei wetter. It WASKBLIK is giel fan kleur. It hat hwat sakraels. De MAN hâldt it BLIK yn'e hannen, wylst er mei in skean each nei it publyk sjocht. Hy docht tige skruten oan.
Dan blaest er foarsichtich yn it wetter. Even mar. Wy sjogge it nou dúdlik: it wetter is gleonhjit. Hy rint trije lytse stapkes nei rjochts, as soe er it BLIK falle litte.
Op it gesicht is in greate spanning to sjen. Is de MAN út syn rol? Hy draeit him hoeden om en rint trije lytse stapkes nei lofts. Hy stiet wer op itselde plak as earst.
Sa rêd as mar mooglik is (men kin it suver net neikomme sa hurd!) set de MAN it BLIK del. Gjin spat rekket oer de rânne. Hy draeft ôf () komt werom, stoarret fiif tellen yn it wetter, rint ôf () en komt werom mei in great stik WASKERSSJIPPE. Mei in booch smyt er de SJIPPE yn it wetter, noch op inkelde meters fan it BLIK. De MAN