Trotwaer. Jaargang 1
(1969)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 97]
| |
Wybren Veenman / Orkest en dirigentYn Nederlân bistiet oant nou ta de sitewaesje dat in dirigent fan in symfony-orkest bineamd wurdt, sûnder dat der in bipaelde termyn oan it tsjinstforbân steld is. Dat hâldt yn dat oan 'e relaesje dirigent - orkest pas in ein komt as der yngripende dingen bard binne: dea, slimme sykte, of in great iepenbier konflikt tusken dirigent en bistjûr, lykas yn Utert yn 1922 mei Van Gilse. Dit is tige ûnbifredigjend, likegoed foar't orkest as foar de dirigent. Hwant as dirigent en orkest sa'n tsien jier as langer meiinoar oparbeide ha, is it orkest tofolle bikend mei de persoan fan'e dirigent en wurdt it foar dizze stiloan swierder om troch yntensive rippetysjes optimale risseltaten to biheljen. Foar de fêste regionale orkesten soe in greater tal gastdireksjes tige forfrissend wurkje kinne. In ideael systeem soe wêze om alle dirigenten to bineamen foar alle orkesten en dan regelmjittich roulearje to litten. It is dûdlik dat soks foar de Nederlânske dirigent net botte oantreklik is: in dirigent is faek net allinne troch syn orkest boun oan in bipaeld plak, mar ek troch lespraktyk, koarlieding, kulturele kommisjes ensfh. It giet tofier winliken, om al dy funksjes los to meitsjen fan in bipaeld persoan en se to forbinen oan it dirigentskip fan in bipaeld orkest.
Yn dizze sitewaesje mei it bistjûr fan it Frysk Orkest foargean yn it sykjen nei in bettere struktuer yn'e organisaesje fan in orkest. Nou't it sykteforlof fan Alfred Salten útrinne sil op in definityf ôfskie, moat der in modus foun wurde om tonei dirigent en orkest to biskermjen tsjin it frustrearjende fan in to lange konfrontaesje.Ga naar eind*) It is to hoopjen dat it bistjûr fan it F.O. der yn slagje sil in regeling to finen, dy't foar dirigent en orkest bifrijend wurkje kin.
It muzykmeitsjen is foar it F.O. net in lichte opjefte. Dat hinget gear mei de funksje fan spriedingsorkest. It F.O. is it orkest dat yn | |
[pagina 98]
| |
Nederlân it measte docht oan sprieding: yn ien seizoen wurde der sa'n 120 konserten jown, hwerfan 80 ‘gewoane’ konserten, 10 jeugdkonserten en 30 bigeliedingen; hjirfan wurde 20 konserten yn Ljouwert jown. It gereis dat mei dizze organisaesje gearhinget, wurket útsoarte net ynspirearjend op it orkest.
De akkomodaesje fan'e sealen dêr't yn spile wurde moat is yn fierwei de measte gefallen folsein ûnfoldwaende. Omt alle gemeenten meidogge yn'e subsydzjeregeling foar it orkest, wurde safolle mooglik plakken bisocht; fakentiden moat dan spile wurde yn tsjerken, dêr't in to lyts podium yn slein is. Hwer't nije sealen boud wurde, soe oerliz mei it orkest oer minimumeasken oan akkomodaesje op syn plak wêze, soks barde b.g. yn Balk, Koudum en Easterwâld. Mar it barde net yn Hurdegeryp en op'e Lemmer; dêr waerd en wurdt in nije seal boud, sûnder dat der rekken mei hâlden is, dat it F.O. dêryn bihoarlik út'e wei kinne moat. En de middelgreate plakken ha gjin bouplannen, omt dêr ommers al in seal wie (mei to lyts podium en mei to min klaeikeamers). In reedlike akkomodaesje is al in minimumeask foar in orkest, hwant akoestyske easken kin der oan'e sealen fansels net steld wurde. De sealen moatte brûkt wurde foar it toaniel en meije dêrom gjin neigalm hawwe, dy't foar muzykútfierings needsaeklik wêze soe (oant sa'n 2.4’). Yn in seal sûnder in goede muzykakoestyk spilet it swier. As dêr noch by komt dat efter it podium de musici har net fatsoenlik forstrûpe kinne en gjin romte hawwe om har ynstruminten út to pakken en to stimmen, dan hearsket der net in ynspirearjende sfear. En krekt de sfear kin in orkest safier krije dat it alles jowt en sels meilibbet yn it muzykbarren, boppe it fakwurk út. Ien plak yn Fryslân soe it himsels ta taek stelle moatte it F.O. in hûs to jaen der't it him thúsfiele kin, mei in goede akoestyk. Oant nou ta is it yn Ljouwert noch net safier mei in Konsertgebou.
De funksje fan spriedingsorkest wurket ek troch yn it repertoire. De plakken dêr't b.g. ien kear jiers spile wurdt, moatte hwat ‘foarsichtich oanpakt’ wurde en mei net al to swiere stikken bisocht. As men dêrby nimt it greate tal bigeliedingen, dan is it dúdlik dat der net safolle tiid oerbliuwt om it repertoire út to wreidzjen. Dit repertoire is ûnder Salten stiloan útwreide oer de hiele muzykskiednis, mei útsûndering fan de dodekafonyske muzyk. Dêrby huldige hy it prinsipe dat in wurk net alline ien kear oan it publyk foarsteld, mar | |
[pagina 99]
| |
ek yn'e programma's fan de kommende jierren herhelle wurde moast, woe it orkest oan syn ynformative taek foldwaen kinne. De nei forhâlding lytse bisetting fan it F.O. biheinde dizze kar oan de praktyske kant. Hwat de moderne muzyk oangiet stie it orkest it ôfroune seizoen op it tredde plak mei it spyljen fan wurken fan Nederlânske komponisten. Ek hwannear't Alfred Salten nei it bûtenlân gie foar gastdireksjes naem hy in Nederlânske komposysje mei. De ienige tolftoansmuzyk dy't it F.O. spile, wie in stik fan Jan Masséus. Men kin jin ôffreegje hwerom't de klassike dodekafonisten as Schönberg, Webern, Berg net foarkomme op'e programs. Salten wie net oertsjûge fan har artistieke wearde en miende net genôch rippetysjetiid to hawwen om de nei forhâlding swiere wurken mei dit orkest yn to studearjen. It is to hoopjen dat as mei twa jier it orkest aerdich útwreide wêze sil, der ek hwat mear moderne muzyk spile wurde kin. De fraech bliuwt oft Fryslân dêrop sit to wachtsjen. De lieding fan it orkest wol ek de avant-garde wol oan it wurd komme litte, mar it probleem bliuwt dat men yn Ljouwert (noch) net in konservatorium efter de hân hat om yn ynsidentele gefallen it orkest mei bisûndere bisettingen byspringen to kinnen. Yn in kommende jier sil bisocht wurde Otto Kettings Collage nr. 6 foar symfonyorkest en Free Music op to nimmen.
Men mei oannimme dat sa njonkenlytsen it útgeanslibben, ek yn Fryslân, in hwat greatere rol spylje sil yn it libben fan de measte lju, nou't it nijste fan de tillevysje ôf bigjint to reitsjen. De bilangstelling fan de jeugd foar de konserten is winliken greater as earne oars. It orkest kin, ek yn'e takomst, yntensyf bydrage ta it kulturele libben yn Fryslân. De musici ha hjir in taek, dy't swier is troch tal fan bûtenmusikale faktoaren. Dêrom is it spitich dat it orkest yn in ympasse rekke. In greater tal gastdireksjes yn'e ôfroune jierren hie winliken hwat opsmite kinnen, mar dêrfoar wie net genôch finansiële romte. En sa knapt Alfred Salten ôf op in frustrearjende sitewaesje. En sa makket de parse (ek de Ljouwerter Krante, al hat Noordmans it letter hwat bihimmele) in skandael fan de tragyk fan in man, dy't syn kwael en syn wurk tofolle waerd.
Muzikael is it orkest ûnder forskate gastdirigenten al wer opbloeid ta in heech peil. It is to hoopjen dat it bistjûr ien fan harren oanlûke | |
[pagina 100]
| |
kin as fêste lieder foar de kommende pear jier en dêrneist genôch romte hâldt om in oantal gastdireksjes forfolle to litten. Hoe't in nije dirigent reagearje sil op in kontrakt fan twa as trije jier is noch in fraech. It F.O. hat nou de gelegenheit stâl to jaen oan in fornijing fan'e forhâlding tusken dirigent en orkest; in fornijing dy't alline mar it muzikale libben yn Fryslân ynspirearje kin. |
|