achtet er dy net folle better as ik. Dat wurdt net botte dúdlik út it petear. Nou skriuwt L.P. in aerdige styl, mar helder is oars. (Myn foarkar giet út nei in heldere styl, om myn part skreaun ‘mei de linker hân’; mar ja smaken forskille.) Ut syn fragen ‘Hwa sjocht yn 'e fredesnamme dy klisjéfirtuositeit foar poëzij oan?’ en ‘Hwerom is “menhir” sa'n goed fers?’ soe men ôfliede kinne dat syn oardiel noch negativer útfalt as mines, mar dan moat men al op jins iepenst wêze of mear witte as de lêzer wit. Dus L.P. en ik binne it der oer iens:
De fersenbondel ‘wite swan swarte swan’ fan Tiny Mulder is sa'n minne bondel, dat de útjefte dêrfan skande is fan it papier en alle oare kosten.
Men soe ek net oars forwachtsje fan in trotwaerredakteur.
Hwer makket de man him dan sa drok oer, freget men jin ôf.
Myn oardiel soe neffens him net botte fundearre wêze. Ik haw Tiny Mulder har fersen mei dy fan Ella Wassenaer forgelike; beide modern (lytse letters, gjin ynterpunksje ensfh.), beide út itselde millieu (prot. kr.) en beide Fryske dichteressen (safolle binne dêr net fan). Hwat leit mear foar de hân. Mar soks giet L.P. fier boppe de pet. Hy snapt der neat fan. Dêrom mar in parabel:
Ik hâld him twa potsjes foar mei etiket ‘pindakaas’. Yn it iene sit stront en yn it oare pindatsiis. Dat liket wol hwat op inoar. Ik siz de stront is fiis, dy stjonkt, de pindatsiis is lekker yn forgeliking dêrby. Ik kin wol mear biweare neffens L.P., toan dat mar ris fundearre oan. Ik ha lykwols gjin sin my yn 'e stront to fordjipjen en jow him in théleppeltsje stront en dêrnei in leppeltsje pindatsiis. Ja, seit L.P., it iene smakket nei stront en it oare nei pindatsiis mar dat seit neat oer de ynhâld fan dy potsjes. En boppedat dy pindatsiisfabrikant sil wol luik op dy wêze, hwant dat is in goeije freon fan 'e man dy't yn dat potsje skiten hat. Ja, siz ik, mar dat foroaret dochs neat oan it feit dat yn it iene potsje stront sit en yn it oare net.
Soks liket L.P. op gjin fuotten en fiemen nei to fetsjen. It byld giet fansels earne in bytsje mank en dat siz ik dan ek. Mar dat wurdt my ek al wer kwea ôf naem.
Unbigryplik dy L.P. Né dochs net, hwant al gau komt de aep út 'e mouwe: IK HAW DE HILLIGE NAMME FAN 'E TSJERNE SILGER OANTAEST troch it literaire oardiel fan 'e eardere quatrebrasredaksje (dêr't ik doe sels net ynsiet) heger to setten as dat fan 'e redaksje fan dit forheven fenomeen. Ik haw L.P. op syn seare tean trape. Hy bigjint dan ek wartael út to slaen, d.w.s. hy lit my wartael útslaen (pûrbêst pû... ensfh.). Myn greate sûndefal datearret al fan 1963 doe't ik de beide tydskriften ris nêst inoar holden haw om de (poëtyske) ynhâld (fan 'e potsjes) to forgelykjen (sjoch quatrebras jg 9 nû 1). Ik haw nou ienkear leaver pindatsiis as stront, dêr wol ik my wol op foarstean litte.
In feit is ek, dat in dichter yn Fryslân altyd via in literair tydskrift nei foaren kaem. Dat kin ik ek net helpe. As men dan yn in bisprek fan 'e net iens mear nijste poëzij ris it bilied fan 'e forskillende redaksjes neamt, is dat nei myn bitinken net sa frjemd.
Mar ja yn 'e literatuerhistoarje (hm) fan Fryslân fan 'e lêste tsien jier is L.P. net sa goed thús. Fan Bauke de Jong hat er bg. noait hwat lêzen (neffens eigen sizzen). Yn dat ljocht moat men de opmerking fan him sjen oer it feit dat ik yn 'e redaksje fan quatrebras siet ‘doe't dy de einen net mear oan elkoar krije koe’. Ja dat kaem om't ik troch omstannichheden de tiid net hie om dat ding fol to skriuwen (ik skriuw net sa fluch) en boppedat de organisatoryske kwaliteiten foar it redaksjeskriuwerskip mis. Myn skuld? Och, der ha ek wol skriuwers west mei treflike organisatoryske kwaliteiten en it formogen om feardich steapels papier fol to kwatteljen, dy't yn 'e redaksje fan 'e Tsjerne sieten, doe't dy de einen net mear oan elkoar krije koe. Elkenien dy't in bytsje thús is yn 'e Fryske skriuwerij wit dat feit en de oarsaek dêrfan, bihalven kollega L.P. Hy hellet syn ynformaesje dan ek út 'e ‘Stim’.
Hwat moatte wy mei dy man? Geduld. Wy kinne ús treflike redaksjeskriuwer net misse en hy hat wier wol kwaliteiten. Lês syn forhalen noch mar ris. Dit wie in slipperke, in racheltsje yn trioel, ienkear en noait wer.
St.