[Adres]
In dei of fiif forlyn is oan myn adres in oankundiging fan ‘Trotwaer’ ta ús bus yn rûgele. Sûnt rin ik mei de fraech om: hwat bitsjut ‘Trotwaer’.
Wy hawwe yn Fryslân alderhande soarten waer, iiswaer, teiwaer, simmerwaer, winterwaer, sels einepikewaer en ek wolris rotwaer, mar nou dit trot-waer. Dat ‘trot’ kin ik net thúsbringe. Efkes haw ik tocht, de namme soe op it lûd ôf skreaun wêze, trije fan de fiif redaksjeleden sjogge dêr yn alle gefallen noch al heech by op as it my net mist, mar dan soene der fansels twa t's yn moatte ‘trottwaer’, dus dy kant moat ik it net út sykje. Hokker kant dan wol?
Frou D. Rienks-Wallinga
Antwurd redaksje:
-a-e-r-t-r-o-t-w-a-e-r-t-r-o-t-w-a-e-r-t-r-o-t-w-a-e-r-t-r-o-t-w-a-e-r-t-r-o-t-w-a-e-r-t-r-o-t-w-a-e-r-t-r-
x x x