ik: |
Jo krigen in rare smaek yn 'e mûle nei dy jampot mei in toanderke. Hwat foar mooglikheden bin hjir neffens jo forlem gien? Krekt omskriuwe graech. |
dJ: |
Lit ik my net oer út. |
ik: |
Hwa sjocht yn 'e fredesnamme dy klisjéfirtuositeit foar poëzij oan? (sic) |
dJ: |
Ik, ja dat haw ik my ek ôffrege. |
ik: |
Hwerom is ‘Menhir’ sa'n goed fers? |
dJ: |
Dit is in rake opname. (sic) |
ik: |
Mar in bytsje selskrityk, hen? |
dJ: |
Tiny Mulder? |
ik: |
Sa't jo wolle. |
dJ: |
Ja in forrekt lyts bytsje. |
ik: |
Hwat tusken heaksjes stiet achter it fers ‘Hwerfoar ik libje’ ha jo dy der wier hielendal allinne sels achter set? |
dJ: |
Humor, jong, irony, sarkastysk. |
ik: |
Skerp bisprek, hen? Ofslachtsje? |
dJ: |
Né, in lulstik, ik hie der leau'k gjin nocht oan. |
ik: |
Dêrom mar hwat biwearingen dy't net botte fundearre binne? Se hie dochs in flink wan op 'e hûd fortsjinne? Wiene jo hwat preokkupeard? It hat der de skyn fan as is de saek hwat denigrearjend oanpakt. Brûke jo leaver in oare as de literaire degen? |
dJ: |
Ik haw Ella Wassenaer oanhelle. |
ik: |
Soe dy dêr wiis mei wêze? Jo brûke har as kûgelfrijfest. Dy wurdearring foar ‘reade runen’ is wol forrekte opportunistysk. |
dJ: |
Ik haw tajown dat it net hielendal earlik is de iene dichteres mei de oare to forgelykjen. |
ik: |
Elk minske is in eigen persoanlikheit? |
dJ: |
Dat haw jo goed sein. |
ik: |
Mar dochs ien fan de minste fersen fan Tiny Mulder nêst ien fan de bêste fan Ella Wassenaer? |
dJ: |
Ik haw sein dat it natuerlik in bytsje gemien is. It kaem sa út. |
ik: |
Sa yn 'e kream to pas? |
dJ: |
Ik haw sein dat Ella Wassenaer ek wol minne fersen skreaun hat. |
ik: |
It is wyt of it is swart? |
dJ: |
Ik haw sein dat Ella Wassenaer ek wol minne fersen skreaun hat. |
ik: |
Ik ha presiis witte wollen hwerom't jo dizze fersen fan Mulder sabeare fine en haw op jou ried de bondels ‘wite swan, swarte swan’ en ‘reade runen’ nêst elkoar lein. |
dJ: |
Forskil hen? |
ik: |
Ik haw allinne de konstatearring lêze kind dat ‘dou kinst’ tetteretet wie yn forgeliking mei ‘reade runen’. |
dJ: |
Dat is de echte krityk dy't Tiny Mulder yn De Tsjerne noait op har fersen hawn hat. |
ik: |
Hwat ropperich? ‘Lykwols yn 'e bondel “reade runen” is de needsaek fan it fers fierút de baes. By Tiny Mulder is it krektoarsom. Dêr is it kitschelemint in ‘woekerplant’ ensfh. |
dJ: |
Presiis, sa is 't presiis. |
ik: |
Ella Wassenaer hie ek in great foarrjocht. |
dJ: |
Supervisy fan 'e quatrebrasredaksje, hen! |
ik: |
Hea, dêr ek al? Avant la garde? |
dJ: |
Avant-garde! |
ik: |
Jo sieten yn 'e redaksje? |
dJ: |
Jaja. |
ik: |
Doe't dy de einen net mear oanelkoar krije koe? Hwerom jin dêr sa op foarstean litte? |
dJ: |
It wie pûrbêst, pûrbêst, pûrbêst, pûrbê...., pû..... |