Trioel
Plan stúdzje Fryske literatuer 1900-1940
Neffens de Leeuwarder Courant fan 16 jan. 1969 is deputearre Van der Mark fan doel it Ryk to freegjen in opdracht to jaen foar it skriuwen fan in stúdzje oer de Fryske literatuer fan likernôch 1900 oant 1940.
Van der Mark fynt dat Piebenga syn Koarte skiednis ‘hwat neamd tiidrek oangiet tomin jowt yn goed fjirtich fan de yn totael 290 siden.’ Ik tel grif hwat oars as de deputearre, hwant ik kom op goed tachtich siden (s. 190-272), mar dat nimt net wei dat ik it mei him iens bin: Piebenga jowt tomin. Net iens tomin ynformaesje, mar tomin krytyske bioardieling. De Koarte skiednis is tofolle in romantisearre forfolchforhael oer minsken dy't it swier hienen.
Van der Mark syn idé is dêrom bêst. Mar as ik lês dat er hopet fiif- à seistûzen goune foar dit kerwei los to peuterjen, dan freegje ik my wol ôf hwat foar soarte fan ‘stúdzje’ hy op it each hat, en oft er dat bidrach echt sjocht as honorarium of as smertejild foar de frou of as bydrage yn 'e ekstra kosten to meitsjen foar elektrisiteit, brânje, smokerij, drank, peppillen en medyske bystân.
In literatuerskiednis wurdt rjochtfeardige troch de hichtepunten yn it bihannele tiidrek, mar in opsomming fan inkeld de bêste wurken is yn eigentlike sin gjin literatuerskiednis. Ofsjoen dêrfan soe sa'n skiednis my ek to iensidich wêze. As men literatuer biskôget as in maetskiplik forskynsel, dan sil men ek witte wolle hwerom't dat boek doe skreaun waerd en hoe't de mienskip derop réagearre. De húslike omstannichheden fan 'e skriuwer sille jin net it measte skele kinne, mar al hwa't syn literaire freonen wienen, oft er al of net erkenning foun en al of net syn wurk opnommen krige yn tydskrift of rige. In koart oersjoch fan 'e útjeftemooglikheden en in lytse skiednis fan 'e tydskriften mei nammers net ûntbrekke.
Mar it feit dat literatuer en biweging in twa-ienheit foarmen twingt jin de sirkel noch wider to lûken. De biweging fan '15 wie net strikt literair en men soe dy biweging gjin rjocht dwaen en de tiid net forstean as men al it biwegerlike út jins literatuerskiednis weiliet. Trouwens, dat is net iens mooglik. As men de biweging net biwust en eksplisyt in plak ynskikt, rint men gefaer dy biweging fia in efterdoar dochs yn to heljen en eat as literatuer to bistimpeljen dat eigentlik allinne taelpropagandistyske wearde hat. Troch literatuer en biweging net goed to skieden is Folkertsma yn Piebenga syn Koarte skiednis bidarre. Men moat se beide bihannelje, dan pas kin men se skiede en de figueren har rjochtlik plak jaen. In literatuerskiednis fan 'e jierren 1900-1940 sil dêrom ek biwegingsskiednis wêze moatte, ek skiednis fan rountsjes, fan freon- en fijanskippen en fan keningen dy't letter bliken dienen yn har ûnderbroek to rinnen.
Ik leau net dat dit allegearre yn ien bân kin. Net allinne hwat de omfang, mar binammen hwat de stof bitreft. In opset as dy fan Piebenga, in ynliedend haedstik, en dan in searje skriuwers mei oan it bigjin wer hwat personalia, foldocht net. Mei in noch widere bihanneling fan it tiidrek soe it hielendal in forknipte boel wurde. Ik soe de forskillende fasetten fan it tiidrek leaver bihannele sjen yn in stik of hwat lykwidich rinnende boekjes.
Ien (of mear) boek(en) oer allinne it wurk, graech mei wiidweidige sitaten út eardere en lettere resinsjes. (Hwant hwa komt der ta om de krityk fan A op it boek fan B dy't stien hawwe moat yn ien of oare jiergong fan Frisia of in Sljucht en Rjucht út it jier nul op 'e PB oan to freegjen?).
Sadwaende soe der tagelyk hwat dien wurde oan de skiednis fan de literaire krityk, al wie it fansels net forkeard dy skiednis nochris apart to bihanneljen en dêrby ek rju omtinken to jaen oan krityk dy't gjin resinsje is mar mear algemien de literatuer skôget, en net to forjitten oan de polemyk.