(ljocht en decor) fan de Praagske theaters. Hy is útfynder fan de Laterna Magica en it Polyvisions- en Diapolyecransysteem, dat spegeling, projeksje en trochsichtichheit tagelyk mooglik makket. Sa binne net earder kende rûmtewurkingen ûntstien mei in hielendal eigen poëzy, tapast op stikken fan û.o. Sophocles, Shakespeare en Tsjechow (to bisjen yn Theater Heute, jannewaris 1969).
- Akademy en foarljochting: de mooglikheit bistiet, dat studinten yn gearwurking mei provinsiale blêdden foarljochting jowe op kunstgebiet, theaterpremières, film, ballet ensfh. Op'e skoallen kin foarljochting jown wurde, de studinten kinne op útnoeging parten fan'e lessen kultuer- en maetskippijlear forsoargje.
- Akademy en massa-media: It stribjen fan'e N.R.U. en de Televisystifting om yn'e takomst mear oer to gean op regionale programma's, ferget in greatere bydrage fan ús skriuwers as op't heden mooglik is. In oplieding ta it skriuwen fan teksten is heechst needsaeklik. Yn Amerika is dizze oplieding al jierren oan guon universiteiten forboun.
It Fryske theaterplan:
Troch in greatere deskundichheit kin oergien wurde ta in bilied, dêr't alle selskippen fan op't heden part oan hawwe kinne. De semibiropsselskippen sille yn oerliz mei ien fêste dramaturch it jierplan fêststelle moatte. Sadwaende is forskaet mooglik lyk as yn'e Fryske kabarettiid van der Wal, Gratama en Tetman de Vries ek in eigen styl hiene. Mei trije semi-biropsselskippen soe it hiele toanielrepertoire min of mear biflapt wurde kinne:
Groep A spilet it wurk oan't likernôch 1880: Aeschylos, Sophocles, Euripides, Plautus, Aristophanus, Lope de Vega, Shakespeare, Molière, Goldoni, Tsjechov, Ibsen, Strindberg ensfh. ensfh.
Groep B spilet wurk út'e tiid tusken likernôch 1880 en 1950: Brecht, Garcia Lorca, Wilde, Pagnol, Giraudoux, Anouilh, Dylan Thomas, Arthur Miller, Tenessee Williams ensfh. ensfh.
Groep C spilet wurk nei likernôch 1950: Adamov, Arrabal, Beckett, Ionesco, Albee, Pinter, Wesker, Ustinov, Osborne, Grass, Frisch, Dürrenmatt, Walser ensfh. ensfh. Dêr komt dan noch by it wurk dat troch de skriuwersopheding ûntstiet.
De praktyske toanielman sil as biswier oanfiere dat wurk fan bygelyks Sophocles as Shakespeare net to bringen is fanwegen ús toaniel-