mannichien tinke soe. Dit hoekje groun mei stek en stoepen, it hie mei himsels, mei syn boerwêzen en syn wolstân to meitsjen. It lei dêr foar de pounsmietten en it frije hiem, foar de dôgge en it granyt fan'e pleats. It lei dêr foar himsels, as útdrukking fàn himsels: prielgrêf fan in rintenier.
Túntsjen hâldde de man oars hielendal net fan. Mooglik hie er dêr gjin doel oer of hie er wichtiger dingen to dwaen. Hoe dan ek, geregeldwei kaem in túnkersfeint de pear fjouwerkante meters to wjudzjen, to biplantsjen, to bidongjen en alsamear.
Sadwaende lei it túnstje der altiten kreas hinne. De paedtsjes en de blombedtsjes, neist jierren sa útsetten, moasten hieltyd yn itselde fatsoen wer ôflevere wurde.
Dêrom strûnde de boer, as de arbeider der wie, gauris yn'e sneinske foarkeamer om. De feinten fan it túnkersbidriuw wisten oars wier wol hoe't de boer it hawwe woe, mar hja hiene faken de oanstriid en foroarje de boel, f'ral as de groun doch om moast.
It hie dus sa syn reden, dat de âld boer dan hwat by de foarste finsters om skarrele. Dit brocht de túnkersfeinten op stuiten de opdracht wer yn gedachten: litte sa't is. Ja, foar guon feinten hoegden de gerdinen mar to forwegen. Hja reägearren, sa to sizzen, al op'e kat, as dy - by forsin yn'e foarkeamer litten - by de kleden lâns streake. Dit wiene f'ral de túnkersfeinten, dy't it op'e kofjekanne fan de âld boerinne forsjoen hiene. Hja foldiene rojael oan de boer syn forlet nochris wer de keallen to boarnen.