oars as koarjen, hwat jo fan boppe dogge, dat doch ik fan ûnderen. Fansels it is net itselde, mar dochs....
Dochs fine wy inoar hjir, al soe men op't earste gesicht sizze dat it ûnderskie, prinsipieel is. Mar dat is mar skyn, ik kots bygelyks faken yn't húske.
Ik soe gjin gaedliker plak bitinke kinne.
En it soe neat deare as ik aembeijen hie, ik kotse der allyksa goed om.
Mar nei't húske gean hat ek wol hwat foar.
It leit him mar oan'e mage.
Hwat in waer hen
(optein)
Ik samlje húskepapier.
(slim ynteressearre)
Skjin of brûkt?
(hellet in rolle húskepepier út'e koer en rûkt der oan)
Ik sammlje allinne hiele rollen, dy't noch ynpakt binne.
En brûkt húskepepier wurdt net wer ynpakt of wol?
Ik ha der tominsten noait fan heard.
Men kin nea wite, men heart fan rare dingen.
Dêr hat menear gelyk oan.
Mar botte warskynlik is it net.
Se kinne jin bidonderje hwer't je bysteane.
Men hat der gjin siz fan.
Men kin it net mear neikomme, men kin it net mear kontrolearje.
Men moat altyd op jins iepenst wêze.
It iene kin krektlike goed wêze as it oare, men hat der gjin siz mear fan.
Men moat tsjintwurdich oeral op bitocht wêze, dat seit de Skrift ek al.
En hwat sammlje jo menear?
Ik sammlje ôfbarnde lúsjefersprikjes.
Hwerom gjin hiele? ha je altyd lúsjefersprikjes as je smoke wolle, of in sigret oanstekke moatte.
Da's fierstento gefaerlik.
En de forsekeringspreemje giet raer omheech.
Jo soene se wiet hâlde kinne.