Trotwaer. Jaargang 1(1969)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 52] [p. 52] Jan de Nie / Diogenes op alle hoeken fan de diken stiet in man dy't skrousk oan 'e skouders lûkt de himel flokt mar hwa't er oansprekt - minsken fynt er net en yl spint syn forfeling nije wegen nijmoadske huzen stoarje blyn it asfalt oer en alle strjitten dêr't er rint hingje de lampen oer - noch baernend op har lêste fjûr jitte hja rynsk har skaden oer it pún fan ieuwen en de absurde stielen bôgen fan in berneboartersplak steane op wacht foar in biskaving slegs vir blankes Vorige Volgende