Bauke de Jong / Durkjemuoi op 'e praetstoel.
Durk van der Ploeg hie as eask steld, dat er it absolute frij ha woe om yn it ynterview mei Tiny Mulder krekt to sizzen hwat him goed tocht, en hy woe persé en perfoarst gjin sensuer fan de redaksje. Dat frij hie er yn 't foar al, dêr hoegde net iens oer praet to wurden, en sensuer is ús allegear stik foar stik in grouwel, as it skreaune tominsten hwat yn ús kream fan pas komt. Sokken as Durk ha it makliker as de redaksjeleden sels, mar miskien komt dat ek wol omdat gjinien fan Durk oait gefaerlike útspraken forwachtsje sil, hwa sil 't sizze.
Afijn, as immen sokke fanselsprekkende easken stelt forwachtet men al net folle mear. Mar dochs, men wol sa rear net, men set jin ta lêzen en it wie slimmer, as sels ien as ik forwachte hie. Ynsté fan nou ris ien kear yn syn libben in pear sinnige dingen to sizzen, ouwehoert er der wer ris op om. Sommige útspraken skine sa wichtich to wêzen dat se twa kear ôfprinte wurde moatte, mar dat kin him ek oan 'e ynterviewster lizze of oan 'e korrektor, of oan immen dy't sa deabinaud wie dat der ris hwat weifalle soe; sadwaende fan sensuer fortocht wurde soe en dêrom earst fan doel wie om alles twa kear ôf to printsjen. Dat is der spitigernôch by bleaun, oars wie 't nûmer tominsten yn ienkear fol west.
Ik woe mar sizze: Durk hoecht op 't lêst ek net alles op 'e bealch to hawwen, hy sjocht der mar min út.
Oer syn roman (nou ja) ‘In man en in minske’ seit er: ‘Dat is in frij pretinsjeleas forhael. Ik ha de earste opset wakker omwurke. Ik stel my by it skriuwen fan proaza nou hieltyd fragen as: hokker doel hat it? en bart hjir hwat? As dêr gjin anderten op binne, hâld ik op, of ik bisykje it oars. Dizze methoade helpt’. 't Hat net holpen, 't spyt my. As dy jonge fan Van der Ploeg net bigoun wie to skriuwen, hie der noch wol hwat goeds út groeije kind.
‘- Hoe komstou oan dyn ûnderwerpen.
P.: Dy kinne samar ûntstean. 't Kin wêze, dat ik jouns yn de bus sit...’ Dêr ha je 't al, dy bussen, dêr komt allerhande kwea fan. Ik soe sizze: pak 'e fyts.
‘- Bliuwstou meiwurker oan De Tsjerne? Trotwaer?
P.: Ik wol earst witte hwat de nije redaksje wol, earst witte hwat it programma wêze sil fan it programmatysk blêd. En dan sjoch ik wol wer.’
Ik wit net hwat de redaksje wol, mar al hwat ik sels bisykje sil: dat figuren as Durk - Durk hat de pech dat er foar my heapen argewaesje forpersoanlikt - ik sil bisykje, al sil 't my net slagje, dat sokken as Durk har wol tsien kear bitinke sille foar't se de pinne optille, dat se it skriuwen der oan jowe. Ik doch dit foar syn eigen goederbêst. It is fansels net taktysk om soks to sizzen, mar ik bin nou ienkear to earlik yn dizze dingen, dêr kin ik ek neat oan dwaen. Afijn, dit hat net yn 'e Tsjerne stien, lit him dát ta in treast wêze.
O ja, ik ha altyd wol witten dat Durk gjin literair oardiel hie, mar nou't er fan myn skoandere forhael ‘it jiskebakje’ seit: ‘It wie gjin forhael, it wie in rotstikje’, nou wit ik it hielendal seker. Der moat dy jonge in bulte forjown wurde. As ik it oait nochris wer fyn, dan sil 'k der dochs in analyse fan jaen dêr't jin steil fan efteroer slane.
As men bitinkt dat sokken as Durk jins skriuwerij ûnder eagen krije, en dat sokken de gelegenheit jown wurdt om har oardiel der oer to jaen - as men dat bitinkt dan soe men suver it skriuwen der oan jaen.