Moat da sa?
Nei oanlieding fan Bauke de Jong: Durkjemuoi op 'e preatstoel, Trotwaer, jan. 1969)
De Jong hat mei syn titel daliks oantsjut hoe't it nivo fan syn earste bydrage oan Trotwaer wêze soe: ‘Durkjemuoi’. En grif om net misforstien to wurden hat er fierderop nochris de skaeimerken fan syn nivo jown: ‘Durk’ en ‘dy jonge fan van der Ploeg’.
De Jong hat in denigrearjend stik skriuwe wollen, en ik bin fan bitinken dat him dat slagge is. Mar hwat my bitreft: gjin applaus - ik hâld net fan denigrearjende stikken. Dêrom haw ik der tsjin stimd dat dit artikel opnommen wurde soe.
It liket op it earste gesicht frjemd dat De Jong der bihoefte oan hat in artikel oer of tsjin Van der Ploeg to skriuwen nei de foaropstelde konklúzje dat Van der Ploeg in eameljend âldwiif is. Ut it feit dat De Jong in stik skriuwt moat men dochs opmeitsje dat er Van der Ploeg justjes bilangriker fynt as in jeuzelgat. Ik nim dêrom oan dat de titel fan De Jong syn stik net yn eigentlike sin in konklúzje of definysje is, mar in skelwurd, in útdrukking dy't it doel hat immen op it sear to kommen.
Ik kin foar sa'n styl fan polemisearjen gjin wurdearring opbringe. Dit leechlizzend gepraet oer Van der Ploeg is yn striid mei gewoan, boargelik fatsoen. As men oer immens wurk skriuwt, dan hat men dat wurk en de persoan fan de skriuwer to respektearjen. Men bigjint net to lullen en to lêbjen.
Van der Ploeg syn réaksje op dit stik liket my net relevant. Oft er him der lilk om makket of it mei in ‘nou ja... Bauke de Jong’ oan kant leit, dat docht der net ta. Dit artikel hellet Van der Ploeg net omleech, it hellet De Jong omleech. Miskien kin him dat neat skele. It soe my ek net skele kinne as De Jong gjin redakteur fan Trotwaer wie, foar de ynhâld en it nivo hwerfan't ik mei forantwurdlik bin. Hwat my sa'n argewaesje jowt is dat De Jong it nivo fan Trotwaer - it nivo dat ik my foarsteld hie - omleech hellet.
De Jong lokket mei dit artikel gjin werwurd út. Ynhâldlik stelt it neat foar, dêr is it to sabeare-‘angry’, to egosintrysk en to grabbeltúne-eftich foar. Der wurdt neat sinfols biweard, net argumintearre en net biwiisd. Ynhâldlik is it rim-ram. Men kin allinne réagearje op de ynferieure kwaliteit.
Bauke de Jong hat yn it lêste nûmer fan De Tsjerne gjin redaksionele bydrage pleatse litten lykas de oare redakteuren. Dit is syn earste artikel yn De Tsjerne/Trotwaer. Ik freegje my ôf oft dit as program bidoeld is. Sa ja, dan sjoch ik it tsjuster yn. Bihalven in gebrek oan fatsoen en nivo moat ik De Jong ek in gebrek oan teamgeast forwite.
De Jong docht mei in pear smeulske opmerkingen de roman In man en in minske ôf. In koarte en ûndermjitske resinsje. De man dy't foar de echte resinsje opdraeit moat wol it idé krije dat him de rommel tasmiten wurdt dy't Bauke de Jong to min is. Him wurdt suggerearre dat beide de roman en hysels twadde kar binne. Hy wurdt net frijlitten yn syn oardiel.
In twad biwiis fan gebrek oan teamgeast fyn ik yn dizze sin fan De Jong: ‘Ik wyt net hwat de redaksje wol, mar al hwat ik sels bisykje sil;...’ De Jong rekkenet him net ta de redaksje of fielt him in minderheitspartij yn de redaksje. Hy set yn alle gefallen yn 't foar syn stikels al op en twingt syn kollega's ek yn 'e fjochthâlding.
It is fansels in healwize figuer dat de iene redakteur de oare yn it iepenbier in gebrek oan nivo, en fatsoen en kollegialiteit forwyt en noch wol yn it tydskrift dêr't beide oan arbeidzje. Dit is dan ek de lêste kear dat ik soks doch.
Tr. Riemersma