Trioel
Van der Ploeg en de feiten
Yn it petear mei frou sudema-mulder dat yn it alderlêste tsjernenûmer ôfprinte waerd, hat durk v.d. ploeg it ek oer ‘it jiskebakje’, in forhael fan bauke de jong, dat yn in skier forline troch de tsjerne-redaksje oan de auteur weromstjûrd waerd. v.d. ploeg fynt dit forhael noch altyd ‘in rotstikje’, dielt mei ‘dat foar net ien fan de redaksjeleden - dêr wie lolle nauta doe ek by - dat forhael ienige sin hie’ en fornuveret er him fierder oer, dat ik letter sein ha, dat it wòl kwaliteiten hat. nou wit ik fansels net krekt mear hwat ik wolris sein ha, mar ik wol graech sa dúdlik mûglik wêze en útsprekke dat ik ‘it jiskebakje’ in pûrbêst forhael fyn. ik hoopje dat de redaksje fan dít tydskrift it nochris publisearret.
dat oer ‘it jiskebakje’ sille durk van der ploeg, fan hwaens literaire noarmen ik nea folle bigrepen ha, en ik it wol net iens wurde. mar faeks wol v.d. ploeg wol eefkes mei biwizen komme, dat ik yndie yn de redaksje siet, dy't dit forhael ôfwiisde. foarsafier't ik wit, haw ik it foar it earst ûnder eagen krige as redakteur fan de rono, doe't ik yn de kunde kaem mei it wurk fan de jong. dat moat ein '65, bigjin '66 west ha. doe is it ûnder myn forantwurdlikheit yn it literair programma fan de rono útstjûrd. ek bauke de jong, dy't ik der noch eefkes nei frege ha, is der wis fan, dat er dit forhael fier foar 1.1. '65, de datum dat ik redakteur fan ‘de tsjerne’ waerd, ynstjûrd en weromkrige hat. dus v.d. ploeg, hwer binne jo biwizen?
yn itselde petear mei frou sudema moat v.d. ploeg fansels ek wer op 'e tekst oer de bisletten en letter wer ûngedien makke fusy fan ‘de tsjerne’ mei ‘asyl’ en ‘quatrebras’. hy seit dat dy fusy fierstentogau bisluten is. yn fiif menuten, wol er ha. hwat wol er dêrmei sizze? dat wy gjin tiid hiene foar langer birie? dat strykt net mei de feiten, wy hiene as tsjerneredaksje noch folle langer debatteare kinnen. de quatrebras- en asyl-redaksjes sieten separaet rêstich op ús to wachtsjen. of bidoelt er dat wy yn to koarte tiid it bislút nommen ha om to fusearen? dan antwurdzje ik dat bisluten altyd yn koarte tiid nommen wurde, hoe lang it birie ek is dat der oan foarôfgiet... en ús birie duorre in hiele middei. of mient v.d. ploeg miskien dat wy gjin kar hiene en ús ûnder pressy sette litten ha? ek dat kloppet net. wy hiene né sizze kinnen tsjin it útstel om in fusy oan to gean en tsjin de bitingst fan ‘quatrebras’ en ‘asyl’ dat hja neí it bislút ta fusy de frijheit ha soene om sels in redakteur yn de nije redaksje oan to wizen. wy seine lykwols ja, mar in part fan de redaksje sei lètter ynienen wer né, doe't de hearen spiekhout (en dat sit foar de soasjalisten yn de steaten) en brouwer út namme fan it establishment kamen mei in warskôging. dat is wierheit en ôfwaeid praet oer ‘bislúte yn fiif minuten’ foroaret dêr gjin grevel oan.
it wurdt sa njonkelytsen fortrietlik om hieltyd mar wer deselde âlde kou út de sleat to heljen; ik alteast bin it sêd; dit stikje haw ik allinne noch skreaun om in pear hurde feiten, dy't blykber net passe yn de selsrjuchtfeardiging fan v.d. ploeg toplak to setten.
lolle nauta