| |
| |
| |
Steven de Jong / Boekbisprek
Anne Wadman ‘De feestgongers’
Drachten, Laverman, 1968.
‘De Feestgongers’, it nijste boek fan Anne Wadman giet oer seks. In man en in frou hawwe swierrichheden yn harren houlik. Hy is net kompetint en sy net bifredige (suver biologysk).
In wichtich element yn 'e konstruksje fan it forhael is it perspektyf (ek wol‘point of view’ neamd) d.w.s. de hoeke fan hwerút de lêzer it barren bilibbet.
Yn 'e earste twa haedstikken wurdt de lêzer oansprutsen troch in figuer dy't him yn 'e wy-foarm presintearret. Dizze ‘wy-figuer’ is de skriuwer (forteller) fan it forhael. As sadanich stelt er him ek oan 'e lêzer foar; yn it bigjin fan it twadde haedstik sels ien kear yn 'e ik-foarm:
‘hwat dogge in man en in frou
(ik bidoel: hwat tinke en hwat fiele se, hoe sjogge se elkoar oan, hoe hifkje se elkoar, hwat sizze se, hwat sizze se net?)
dy't nei bygelyks 8 jier skaplik, goed, lokkich, yn alle gefallen trou houlik op in moarntiid
(lit ús sizze in sneintomoarn yn 'e maertmoanne)
yn in frjemd hûs wekker wurde, lizzend yn it bêd fan of leaver by in oare, in ûnechte partner, hy
(it is ynearsten mar in foarbyld, in skriuwer moat dochs earne bigjinne, n't wier?, klauwender- en stroffeljenderwiis)
by in hwat jongere frou, sy by in justjes âldere man?’ (31)
Op side 37 komt de wy-figuer as sadanich foar it lêst foar (útsein dan op 'e lêste twa siden, mar dy herhelje de lêste alinea's fan it earste haedstik). Dêrnei giet it perspektyf suver ûngemurken wikseljend oer op Wouter en Lena. M.o.w. de skriuwer fordwynt yn syn haedfigueren en wol sadanich dat men jin ôffreegje kin: hwa is dy ‘ik’ út boppeneamd sitaet, de frou of de skriuwer? Oan dit sitaet foarôf giet de sin: ‘De frou....... freget har, freget ús ta, ou:’
| |
| |
Nijskjirrich is yn dit forbân ek dat it forheal bigjint mei it slot fan 'e story. (in sirkelkonstruksje, dy't de fisieuze sirkel dêr't de haedfiguren yn forkeare treflik yllústrearret).
Dat wy-perspektyf twingt de lêzer him mei de skriuwer to identifisearjen. Op syn bar identifisearret de skriuwer him stadichoan mei syn haedfiguren en mei him docht de lêzer itselde.
(ik bidoel mei ‘de skriuwer’ fansels net de konkrete persoan Anne Wadman, mar de skriuwer sa't dy him yn dit boek manifestearret. Dizze skriuwer is fiktyf, is ien fan 'e persoanen fan it boek).
De skriuwer giet dus út fan 'e frage (dy't er de frou yn 'e mûle leit): Hwat dogge in man en in frou yn dat en dat gefal (= populair sein oerhoer, beide skuldich nou ja)? Hoe mear dizze man en dizze frou stal krije, hoe mear de skriuwer yn har oplost. Hy leit der de klam op dat dizze minsken der yn neat útkypje, alteast uterlik sjoen, boppe de streek.
‘De man (hjit Wouter Hendrik Keuning) is 37 jier, biolooch fan professy en learaer oan in middelskoalle, in iepenbier lyséum... út in geef millieu... in goed fakman... In kreaze man boppedat, al geane der fan sokken mear as tolve yn in dosyn, dat wol wer’ (32). ‘De frou (hjit Helena Maeike Stellinga) is 32 jier, hat foar har trouwen in koart skoft húshâldlerares west... Mar mei artistike ynslach: pianospilet net ûnfortsjinstlik... hat hwat talint en leafhabberij (mar ek wer net àl to folle) yn tekenjen, skilderjen, bordueren, boetsearjen’ (32, 33).
Dizze net abnormalens wurdt ûnder de streek (lit ús sizze ûnder de tekkens) al gau redusearre. Se hawwe gjin bern (dochs hwat fan in PROBLEEM, side 33). Dat leit oan 'e man. Troch in knoffelich petear mei de dokter-seksuolooch (bril op-bril ou) wit de frou dat, de man net.
En hjir komme wy by de rêchbonke fan it forhael:
‘Sy wit dus mear as hy, en dêr is it faeks net minder om. Se wol him bygelyks net ûntmoedigje, him gjin frustraesje bisoargje, him yn syn eare-fan-folweardige-man litte. Hwant earne, dat moat wol goed dúdlik steld wurde, is dizze man gefoelich foar syn tokoartkommingen, is er hwat je neame kwetsber, kin er forlies of nederlaech min ûnder eagen sjen. De frou wit en begrypt dat, sparret him (hâldt fan him)’ (33).
Dêrtroch wit se ek net krekt hwat der mei him oan 'e hân is. It docht bliken, hy hat de bof hawn op 16 jierrige leeftyd mei as gefolch ‘orchitis’. Hwat dat krekt ynhâldt komt er net achter. De
| |
| |
Winkler-Prins en syn fakliteratuer jowe op dat stik gjin útslútsel. It neisneupen yn in medysk hânboek bliuwt der by. Trochdat er dizze krupsje hawn hat is er yn it lichamelik forkear mei syn frou net hielendal hwat er wêze moat en hat er ek erotyske fantasijen lyk as ynwindige niget oan skoalfammen, kontsjekike ensfh., dy't mear gapje as bite. Hy hat 80% frede mei it feit dat se gjin bern hawwe. Dat er syn frou net hielendal bifredigje kin ûntgiet him net:
‘Myn technyk, myn apperatuer hâldt net oer, ik bin diletant, nei 8 jier foaroplieding noch... Fan 'e 10 kearen binne 8, dat is 80%, sa goed as weardeloas’ (49).
De frou sjocht it houlik as ‘in suver akkoard, in reine kwint (c - g) mar sûnder de tuskenlizzende, tofredenheit, frede bringende greate terts (e)’ (40).
In ridlik goed houlik dus as men alle aspekten meitelt, mar dochs op it lichamelik-erotyske mêd mei in problematyk, dy't der net om liicht, binammen net yn it ramt fan dit forhael, dêr't de seks in alles bihearskjende rol yn spilet.
As men it boek mei in elektromotor forgeliket, is de seks de stream dy't dizze motor draeijen docht. De wurden ‘kontakt’ en ‘de fonk slacht oer’ komme der geregeld yn foar.
Der binne twa soarten fan seks. Yn 't foarste plak de seks yn 't algemien, sa to sizzen de ûnpersoanlike seks. De figuer Herman Merkurius is de greatmaster yn it omfierskoppen fan hillige húskes op dit algemiene seksuele mêd. Herman Merkurius is lykwols tipearre as in soarte fan sekseleaze figuer. Hy giet mei net ien fan 'e froulju om. Fan 'e frou as sadanich bigrypt er mar o sa'n bytsje.
‘... is it net sa... dat de need ûnder de manlju yn dat stik greater en funester is as dy ûnder de froulju? yn 't algemien sprutsen dan. Utsûnderingen lit ik fansels dêr.
Dat is myn ûnderfining net seit Annet mei in stielen gesicht... mar ik kin allinne op it persoanlike flak prate, en dat ynteressearret jimme fansels gjin stûr. Mar der wurdt in soad stil leed droegen, sa is 't al’. (70, 71).
Folle wichtiger en folle provosearjender biskreaun is lykwols dat aspekt fan 'e seks, dat de persoanlikheit oant yn syn fynste triedden bipaelt (Wouter en Lena). Krekt dat persoanlike, dêr't Annet yn boppeneamd sitaet de klam op leit, is de seks sa't dy yn it boek nei foaren komt. Fan dit aspekt wurdt oan 'e lêzer gjin detail ûntholden.
Yn it flak fan Herman Merkurius hat de minske de seks yn 'e bûse,
| |
| |
kin er swetse en provosearje safolle as er mar wol. Yn it persoanlike flak moat er bilies jaen, is er lytsman. Dêryn slacht Wouter in figuer, docht Lena hwat, dat se yn wêzen net dwaen wol, is Annet ûnbifredige, Eke hwat kjizzich, Joukje jaloersk, leit Ate yn echtskieding, wyt Jan Knol net dat er winliken homo is, krijt Ank Hilverda in kop as fjur en hat Merkurius neat to fortellen. Sels de fanatike Gerlof Fels, mei syn útsprutsen muzikale smaek, dy't alle problemen fan 'e wrâld yn syn marxistyske bûse liket to hawwen, is dêryn o sa'n lyts jonkje (in slaef). Dizze seks is in macht, dy't de minske bihearsket en dêr't er net sûnder diggels de gek mei slaen kin. Elk sil op syn eigen persoanlike wize mei dy seks leare moatte to libjen (mei opstean en fallen).
Wouter réagearret him ôf yn syn auto, dêr't er in gefaerlike swiber mei makket en mei it smoken fan 'e iene sigaret nei de oare en Lena troch tas yn tas út to pakken, trep op trep ôf to rinnen en har op it lêst ôf to freegjen, de frage dêr't de skriuwer (wy-figuer) mei begjint. Bisjocht men yn dit ramt de problematyk, dêr't de skriuwer fan útgiet:
1e | Hwat dogge in man en in frou as... |
2e | De man is yn it seksuele net hielendal kompetint. |
3e | De frou is yn it seksuele net hielendal bifredige. |
dan is binammen it twadde punt in komposysjemotyf, dat bipalend is foar de rin fan it forhael. Uteinliken binne it earste en it tredde punt gefolch fan it twadde. It hiele gedrach fan Wouter en Lena en har gong nei it feest binne gefolch fan dit twadde punt.
In wichtich punt dus en nei myn bitinken wol sa wichtich, dat men Wouter net yn 'e rige fan mannen sette kin, sa't der mear as tolve yn in dosyn foarkomme.
Ympotinsje is wol it summum fan lullichheit yn 'e sfear dêr 't dit forhael yn spilet, alteast foar Wouter. Hy is dan ek de greate forliezer fan it forhael, mear noch as syn frou Lena.
Troch it wikseljend perspektyf foarmje Wouter en Lena in hechte ienheit. Men kin net sizze dat se as ien persoan optrede, mar wol as ien patroan, it houlik. Man en frou binne ien en bliuwe ien nettsjinsteande fan alles en noch hwat. It perspektyf wiist wol út, dat de skriuwer dit boargerlike houlik tige serieus nimt. It is syn útgongspunt, dêr't er sels mei foar it fuotljocht komt. It feit, dat er sels foar it fuotljocht komt, jowt klam oan it fiktive karakter fan it forhael. De skriuwer wol himsels distansiearje fan syn haedfigueren, har objektivearje en dat wol er tocht my om't er hwat fan him ôfskriuwe
| |
| |
wol, in probleem: ‘hwat dogge in man en in frou as ensfh.’. Dit probleem wurdt net oplost, it boek slút der mei, mar it wurdt stal jown, it wurdt libben makke en dêr binne 153 siden foar nedich. In wichtige diminsje fan it boek is, dat dit in persoanlik probleem fan 'e skriuwer is, alteast dat soe men sa sizze om syn identifikaesje mei de haedfiguren. (noch ris ik bidoel net Anne Wadman sels mar de implied author, de fiktive skriuwersfiguer, dy't dúdlik syn lûd hearre lit. Yn hoefier dy identyk is mei Wadman ynteressearret my yn dit forbân net, yn hoefier mei Wouter, wol).
Om dizze diminsje relief to jaen, wol ik de tsjinpoal fan 'e implied author, Herman Merkurius even nei foaren helje. Merkurius hat de meast wylde idéën op it mêd fan 'e seks. Mar dy idéën binne allegear frijbliuwend, hawwe neat mei syn persoanlike problematyk to meitsjen, d.w.s. net ien hat der persoanlik bilang by; se binne allinne grappich. Hy is fan ûnbirispelike libbenswannel. Drinkt o sa'n bytsje, mar tapet oaren fol, is ûnderwilens fol noed foar syn frou dy't yn 'e kream leit. Hy is it soart skriuwer, dêr't de wy-figuer him ymplisyt (via Wouter) tsjin ôfset. Wouter docht krekt hwat Herman Merkurius neilit: himsels kwetsber stelle. As Wouter de berte oankundiget fan Merkurius syn soan bislút er mei de wurden:
‘Hy (= M.) hat it... hy hat it fierder skopt as ik... it oait fan myn libbensdagen skoppe sil...’ (125).
Dêrmei set Wouter himsels (en Lena) foar it hiele selskip foar skut. Dizze persoanlike ynset is eat, dat Merkurius folslein mist en dêrtroch wurdt er in protserich frazeur, in literair forlakker, in kunstlûs. Dit is net it lêste oardiel oer de persoan Merkurius. Wouter wit dat syn antipaty foar it greatste part út syn eigen ûnmacht fuortkomt. Hy hat Merkurius troch en tagelyk fielt er him bidrige. It is krekt dizze skriuwer foar it nut fan 't algemien dy't it op it punt fan Wouter syn kardinale swakke sté fierder skopt hat as Wouter it ea skoppe sil.
Dizze persoanlike ynset is in ‘must’ foar in skriuwer fan bitsjutting. Merkurius fielt wol earne dat Wouter dat troch hat. Hy hat as ‘mislearre intellektueel’ in soarte fan ûntsach út jaloerskens foar Wouter, hwat dúdlik blykt op side 91, as Wouter mislik fan 'e drank troch Lena de keamer útfierd wurdt:
‘Hwat sille wy nou ha? freget Merkurius yn it foarbygean, is doktorandus Keuning net by de tiid?
.... Lena sjocht dat der in gnyske oer syn âldmannegesicht mei de gouden brillerânnen glûpt’.
| |
| |
Literair sjoen is dizze tsjinstelling tusken de beide skriuwers ien fan 'e wichtichste thema's fan it boek. De iene skriuwt fanút in persoanlike problematyk wei, de oare frijbliuwend, om't er syn eigen problematyk net oandoart. Merkurius doart net wier to libjen, hy forneukt syn lêzers.
Hjir komt fuort de frage om 'e hoeke, oft de problematyk fan Wouter wol de problematyk fan 'e ‘implied author’ is. M.o.w. is Wouter syn problematyk net to ynsidinteel. Soe dat it gefal wêze, dan wiist dat dochs wol op in swak sté yn it forhael. Dochs wol in punt om hwat neijer to bisjen.
De skriuwer giet út fan 'e frage: Hwat dogge in man en in frou as ensfh. Hy leit der de klam op dat Wouter en Lena 8 jier troud binne en der yn neat útkypje. Dan blykt al gau, dat Wouter sûnt it bigjin fan syn trouwen in diletant yn it seksuele forkear is. Dêrtroch is Lena net foar 100% tofreden en Wouter likemin. It hiele forheal is boud op dit tokoart yn it houlik.
Neffens myn ynformaesje by in medikus hat ‘orchitus’ perfoarst gjin diletantisme yn it seksueel forkear ta gefolch. Wol kin der ûnfruchtberens troch ûntstean en soks kin frustrearjend wurkje. Wouter wit lykwols net dat it oan him leit dat der gjin bern komme al wit er dat oan 'e ein fan it boek wol as er mei Annet op bêd giet. Dan wurket dat witten ek hielendal neffens it boekje ntl. frustrearjend. It wurdt net dúdlik út it forhael dat Wouter by it bigjin fan syn houlik ek al sa frustrearre wie, wierskynlik net. Hwannear ha Wouter en Lena nei de dokter-seksuolooch (bril op-bril ou) ta west?
Nou kin men de problematyk fan Wouter en Lena net absolút stelle d.w.s. sa logysk mooglik binaderje, hwant dy leit yn it boargerlik miljeu, m.o.w. yn 'e taboesfear. Har swierrichheden bin fansels hwat foar de www-rubryk yn ‘Sekstant’. Mar dêr komme Wouter en Lena net oan ta, alteast Wouter net, oan hwaens apparatuer troch de monteurs fan 'e N.V.S.H. grif wol hwat sleutele wurde koe. Mar syn boargerlike status (arrivé as er is en boppedat learear biology) stiet soks net ta. Syn skamtegefoel wjerhâldt him, né dan noch leaver in kaeiklub of in wyld feest (alteast yn'e fantasije). Hy soe troch de groun gean as syn defekt yn in kaertsysteem kaem. Hy is yndividualist en wol sels leare to libjen mei syn problematyk dy't er handich sa goed sa kwea as dat giet wit to forkringen. Ek Lena is net goed op 'e hichte fan 'e moochlikheden en hat har eigen fatasijen en dreamen (de jonge op Flylân, de moeting mei in Skot yn it bûtenlân), dêr't ek frijhwat bledsiden oan bistege wurde. Unbiwust wol se net it measte
| |
| |
fan har problematyk ôfwitte. Beide libje ûnder de izeren tucht fan har boargerlike status en dêrom fiele se har ûnmacht tagelyk mei har langstme om út 'e fisieuze sirkel to kommen.
Stap foar stap geane se op it feest út inoar. Kostlik biskreaun is de wize hwerop se de forantwurdelikheit foar dy respektivelike stappen op inoar bisykje to skouwen oant der gjin werom mooglik is. Stap foar stap komme se wer by inoar. Uteinliken oerwint datjinge, dêr't se ta biwend binne, al bliuwt der in fraechteken, alteast by Lena. By Wouter?
Hwat dogge in man en in frou as...?
Is dit úteinliken wol de frage of is dat Wouter syn handicap?
Wouter leit him der by del, ‘Flaters binne der om makke to wurden’ seit er.
Dat de frou de frage stelt is alhiel forantwurde, likegoed as Wouter syn gedrach. Mar dat seit noch net alles. Yn Wouter syn gefal soe ik foar 't neiste krektsa handelje, dat wol, mar it gefal Wouter bliuwt my justjes to ynsidinteel, hwat foar restriksjes men ek makket, binammen omt it sa'n wichtich komposysjemotyf is.
Wouter sjocht it krijen fan bern as taestbere biwizen fan syn folwaerdich manwêzen. By Lena leit dat oars (sy wit mear). Har langstme giet út nei in bifredigjende koïtus, dy't se mei Ate Frijling bilibbet. Se doart dy allinne oan, omt se der wis fan is dat der gjin bern fan komme. It net krijen fan bern wurket by har net frustrearjend yn it seksueel forkear. Hwerom is dat bij Wouter wol it gefal fan it bigjin fan it houlik ôf oan, as syn frou der yn earste ynstânsje allinne op út is om bifredige to wurden? Ik bin fansels gjin seksuolooch mar as lêzer wurdt my dat net rjocht dúdlik.
Nefkens Joukje (side 128) is Wouter hwat to intellektueelderich. Mar de lêzer freget him ôf: soe in grienteman mei syn eigen frustraesjes yn sa'n gefal net yn 'e selde posysje forkeare? M.o.w. hat it yntellektueel wêzen fan Wouter wol hwat mei dy syn problematyk út to stean?
In swak sté dus, mar net sadanich dat it forhael as mislearre biskôge wurde moat, perfoarst net.
Krekt Wouter syn handicap stelt in hiele protte saken yn dit houlik suver, biljochtsje dy ekstra skerp. Syn posysje fan Jan Lul yn dit selskip fan echte en sabeare seksuele krachtpatsers krijt der reliëf fan. Hy wurdt der net folweardich man, mar wol folweardich minske troch. Ek it motyf fan syn persoanlike ynset foar de frijbliuwendheit fan Herman Merkurius oer springt der hjirtroch út. It
| |
| |
hiele spul fan syn himsels foar de gekhâlderij mei spitsfondige redenaesjes wurdt der trochsichtich fan. Wouter moat úteinliken bilies jaen op alle punten. Ek Jena har gedachten sirkelje om dat iene punt, de ûnmacht fan Wouter. Wouter en Lena wolle inoar helpe, wier, mar net yn it lêste plak út eigenbilang. Beide wolle hwat oars. Wouter kin úteinliken net en Lena bliuwt by him (hâldt se fan him of is it har ûnmacht út 'e sleur to kommen?).
It houlik fan Wouter en Lena kin men sjen as de boargerlike poal fan dit boek. Fanút dit boargerlik formidden mei syn tipyske ûnmachts-gefoelens wurdt de situaesje biljochte, hwat nei myn bitinken in hiel authentyk faset is fan it boek.
De tsjinstelde poal moat men sykje yn 'e nomadensfear, de antimaetskiplike artysteklub fan Joet en Joukje Jellema. Der wurdt net fanút dit formidden wei skreaun, mar de lêzer dúkt der fan bûten ôf yn. It wurdt tige kritysk trochljochte en der bliuwt net folle posityfs fan oer.
Gjin fan beide poalen wurdt forhearlike of forkettere. Se geane yn mekoar op, forneatigje mekoar sa to sizzen en út dit proses ûntstiet it forhael, it stikje libben dat de lêzer ûnder eagen kriget.
Dit libben is biskreaun mei in hieltyd wer forrassende ôfwikseling yn 'e petearen en in greatmasterskip foar it lytse detail bg.:
‘Ate set syn tosken der yn. Gebyt fan in goed konserfearre man. Of is it kunst?...
It wie wol even pynlik, hè? seit Ate, ear't er syn twadde hap nimt. (né dochs echt, hjir en dêr in gouden kroan)’ (131).
Sa sit it boek fol fan fine mar rake pinsielstreken.
‘De Feestgongers’ is grif ien fan 'e hichtepunten út it oeuvre fan Wadman, in oeuvre dêr't it lêste wurd noch lang net oer sein is.
|
|