Trotwaer. Jaargang 1(1969)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 2] [p. 2] Steven de Jong / Gedichten Frustraesje wy bin sa frustrearre frustrations however lit ús ris neaken dounsje de seks lyk yn 'e eagen sjen faeks soe ik flechtsje nei in iensume oarde en mysels analisearje d w s biflekke sjochst him sitten 20 ieuwen kalvinistyske frustraesje it lamke sa guodlik hy kin it net helpe hy skriuwt fersen hy is in ‘minne’ dichter der wiene gjin tsjûgen doe't de âldman him forhong hy hie in stienpûst op... sst giisgobje ginnegappen spytgnyskje [pagina 3] [p. 3] Ald walske sjoch in fûgel en noch ien dyn kûten hja sweevje hallo wy binne gjin fûgels wy woll' it net wêze mar stjerre togearre in sillige dea de ingels bisjonge dyn delten en hichten ús ierdske brea dyn billen hja tille de ierd' yn 'e himel kom mei ik dy aeije dy knipe dy bite lit ús yn inoar dûke de ien yn de oar moarn ite wy suerkoal moarn bin wy wer gewoan dach beppe dach pake [pagina 4] [p. 4] Kommunikaesje sûnt de fuotten de holle oer har drage gappet de ierde hongerich kin ik har net weromfine dyn fjûr forbarnt myn ivige rêst alle triedden komme yn ús gear neaken rin ik troch dyn strjitten muorren fan skamte tusken ús deadensel hearst de bern net skatterjen? generaesjes eamelders bouwe ús út inoar wei har dampen foroarje yn toskronfele liven hearst de bern net gûlen? wy sille ôfbrekke moatte mar hwat is ûnder boppe lofts en rjochts? blyn en magnetysk bitaeste ús hannen de muorren fan it lichem SPREK IEN WURD IT SIL MUORREN SPJALTE (sjoch de beam mei ien tûke boppe it wetter biddeljende hân de blêdden rize nei de sinne bern en beammen leauwe net oan muorren) ik sil my nei dy ta leauwe salang sille de stikeme gnobbers ús biloere like iensum as wy iensum as wy kwetsber oer de honger fan 'e ierde krûpe [pagina 5] [p. 5] Klacht fan in aldfeint syn fêsting raketten mei atoomkoppen syn wiif is in glêd stik fjûr in linige hoer yn 'e earms fan in rôfdier har hert is ré foar transplantaesje har eagen bin fleanende skiven sinjalen út it hielal fan myn iene greate tean lykwols as ik nei har wiis grânzget er in houn mei bleate tosken oars wurdt er krusige mei deftige passionenmuzyk mar spikers bin hurd dêrom hy drinkt thús kofje en glimket guodlik nei my en de atoomkoppen de transplantaesje is net to fornearen seit er démoedich Vorige Volgende