Trotwaer. Jaargang 1(1969)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 6] [p. 6] Tjitte Piebenga / Gedichten It wyfke nu minh de amerikanen hawwe mear troepen stjûrd blablablablablabla godfordomme buorfrou krige in soan met dank aan god geven wij hem de naam leo leo nota bene de roazen bloeiden dit jier as wyld sjalotten skroeiden op in sek en omke tys ús sûplap roun op bleate fuotten hy sei ik woe da'k toffels hie letter sylde de hjerst wyt troch de sleatten earme roazen en ik spriek in âlde flesse oan oer de reed pipen de assen sa swier met dank aan god geven wij hem de naam leo mar god libbet as god yn frankryk en hâldt him stil hwant it is gjin green pastures hjirre - myn fjildmoezeniers seinigje wol jow my mar in brette doffert of in banaentsje en set de radio hwat sêfter it knalt hjir sa - it lytse brune ryswyfke sûnder rys har eagen mei swiere gerdinen en hannen as hiele âlde apels hja rint fan ivichheit oant amen sûnder rys har âldens forseit neat ryklik let is hja altiten it tinne flues as hja sliept fan it lytse brune ryswyfke sûnder rys [pagina 7] [p. 7] met dank aan god geven wij hem de naam leo skielk is hy ek yn 't stiel bibiten dat wie in tiid jongens en god - jow my in doekje foar 't fet it dript my fan 'e fingers - neef paulus pleitet wer en ik ik spriek in âlde flesse oan freed is it sint salarius wy draeije bobby dylan it âlde brune ryswyfke it brune lytse ryswyfke sûnder rys hja rint fan ivichheit oant amen en buorfrou krige in soan met dank aan god geven wij hem de naam leo leo godfordomme Vorige Volgende