[Nummer 1]
Redaksioneel
By it earste forskinen fan ‘trotwaer’ hat de redaksje eksplisyt gjin literair programma oan to bieden. Wy sjogge wol.
Hwa't yn 't foarút ynformearre wêze wol oer de idéen ûnder de redaksjeleden kin der yn de lêste ôflevering fan ‘De Tsjerne’ hwat oer fine.
Dizze idéen rinne genôch lykop foar redaksioneel gearwurkjen. Se rinne genôch útinoar om in libben tydskrift meitsje to kinnen.
Dêrom, skriuwers en dichters, abonnees en oare lêzers, noegje wy jim hjirby út om mei ús it ‘trotwaer’ op. Nim in paraplu mei, hwant ‘trotwaer’ is net mijen.
Omt de putlidden dounsje hat de redaksje by wize fan ekspearimint ûnder de namme ‘trioel’ in aparte rubryk ynsteld. Hjiryn kinne op forskillend nivo alderlei saken de oandacht krije.
De redaksje bisjocht de teksten foar dizze rubryk minder normatyf, dêrmei in greatere forantwurding, littend oan de skriuwer en tidigjend op réaksjes fan it lêzerspublyk. Wy skamje ús net foar immens ôfgong.
Oer in moanne of hwat sille wy bisjen hoe't dizze ‘stream’ bliuwend past yn ús tydskrift.
Lêzer, skriuwer, siz ús jou miening dêrmei ris.
Goeije.
Geart van der Zwaag, redaksje-foarsitter.