De Nieuwe Gids. Jaargang 33(1918)– [tijdschrift] Nieuwe Gids, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 764] [p. 764] Fersen fen Rinke Tolman. De hjerst scil komme. O, simmer dy 't m'ûntwine wol en fier Nei skiere en strielenleaze hernen fluchtsje, Hwet giestou rêd, hwet giestou pleagjend-ier, Towile ik 't kommen fen de hjersttiid duchtsje. Stjert al dyn rike fleur en blierste tier, Fordwynt dyn glâns en brekke ring dyn krêften? 'k Fornaem de lûden fen 't ûnlijich jier: In fûgelrop, de blêdfal yn de grêften. O, simmer, dy 't ien's dounse foar myn finsters, Sa boartlich as in jong en sjongend bern, Ei, treastgje my mei lêste brûnzen glinsters En sterkje my, det ik oan noeden wen; Ei, flamje ienris yet to moarn op 't glês, Op 't beamte, blomte en 't griene dimmen gêrs. [pagina 765] [p. 765] As de simmer to'n ein rint. Wer is to joun it ljeave ljocht fortein, Wer strûzet 't tichte tsjuster driigjend oan; En dêr't koartlyn de geaën gouden lein', Is ierde's tier en blierens nou forstoarn. Dêr dindert oer it heidepaed in wein, Dy 't kreakjend skoddet, swier fen 't skoandre koarn; De ripe simmer rint, o, gau to'n ein En skieik is dizich dei en jonge moarn. Ik fiel de hjerst al libjen yn de loft En 'k hear d'ûnwenn'ge rop fen't swalkjend fûgelt; De simmer wirdt al wirch en ringen rûgelt It brûnzen leaf mei dounsjend, sêft geroft Del yn de klearens fen in smelle sleat En stiet wer ienlik 't beamte, earm en bleat. [pagina 766] [p. 766] De fûnkljend-gouden simmerdei is rêst... De fûnkljend- gouden simmerdei is rêst, De roazen fen de jounloft bloeiden út: De fealens hat de fleur fen kleuren dwêst En makke skouw goê-klyster's sjonggelút. Nou slûpt de dize lâns it skiere fjild En nau en nauër wirdt aloan de wrâld; De lêste fûgel swei en nearne trill't It lûd fen derten wyn yn 't skymrich wâld. O, dei, dy 't weelden bead, wol komme op nij: Ik langje nei dyn prieljend, strieljend ljocht; Wol komme, det ik bliere lieten wij Oan dy, hwaens glâns troch alle romten tsjucht En himels klearet ta in rike seal Fol myldens, skiente en eale foarjierspreal. Vorige Volgende