Jimme dogge dat siker net troch jimme oan te sluten bij it
Algemeen Nederlandsch Verbond,
want dat slacht de eagen allinne om utens, allinne derhinne wer it Néderlánse ras, wer wij dochs ek ta hearre, yn 'e pine sit. Der wol it kreft, der wol it blierens bringe troch it sielen dat min bruorren het. En dan, as ienkear dij boun stiet as in beam mei hege krún. skadich oer al wat Néderlânder is, dan, wa wyt as wij dan net troch dij greate boun stype wudde om us eigen nommele, swietlûdige as oanbrûzjende, sprake te helpen.
Earst mat it iene barre en pas dernei it oare.
‘En sadwaende forkomt it Frys? - Ei né, lit jimme nea wat wys meitsje; dat ha se nou al salang sein en it Frys libbet noch as in hart, it wudt oeral yn 'et Fryske lân noch sprutsen en libbet wer op, tinkt mij. Binne der net flinke selskippen oprjochte te Grins, Amsterdam, Haerlem (- 120 leden ensfh) en Pretoria? Dus de moed net forlern. Meitsje jimme ek selskippen, lyk as wij it jir dien hate Haerlem en rop se op, de Friezen. Jimme sille sjen, se komme op jimme oprop ta.
Mar forjit net, dat jimme Néderlânders binne, dat de Néderlânse flach, koaninginne en folkssangen, as it Wilhelmus, uzes meienoár binne.
Slut jimme derom oan by it
Algemeen Nederlandsch Verbond.
J.B. Schepers, foarsitter fen it Selskip Gysbert Japix.
Haerlem.