De Gids. Jaargang 102(1938)– [tijdschrift] Gids, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 240] [p. 240] De Stim fen Fryslân (Op de pogroms yn Dútsklân, Nov. '38) As Beethoven hjoed libbe, eale fresena, Toskoerde 'r wèr de opdracht fen de Eroïca! Wy binne òars as Juda - siker wier! 't Germaenske bloed det troch ús ieren streamt, Twingt ús yn oare wei, ús geast ek òare dreamen dreamt.... Mar dêrom binn' wy noch net lyk oan 't reedleas djier! Hwet is biskaving, hwet foarútgong? Neat! As yn in lân fen hege geastesgroei Barbaerske krêften wer tobrekke hiel dy rike groei, En jowe dit forneamde lân oan elts' forachting' bleat. De minskheit hat koarts München priizge en seine, De Dútske lieder kaem ynienen heech op stâl to stean. Dôch skriklik is fen al ús bliid bitrou it drôve lean, Nou 't tûz'nen hânnen dêr de hege wetten skeine. Wy binnen òars as Juda - siker wier! 't Germaenske bloed det troch ús ieren streamt, Twingt ús yn oare wei, ús geast ek òare dreamen dreamt.... Mar dêrom binn' wy noch net lyk oan 't reedleas djier! As Beethoven hjoed libbe, hark Germania! Toskoerde 'r wèr de opdracht fen de Eroïca! J.P. Wiersma Ljouwert, 15 Nov. 1938 Vorige Volgende