Béatrys
(1993)–Anoniem Beatrijs– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 13]
| |
Béatrys1[regelnummer]
It dichtsjen jout my amper bate.
De minsken wolle 't my ôfprate:
‘Mêdzje dyn geast net langer ou.’
Ga naar eindnoot*Mar om de tigens fan de Frou,
5[regelnummer]
dy't Mem waard en Jongfaam dochs bleau,
begjin ik in swiid wûnder no,
dat God ús sûnder twivel joech
ta ear' fan Marije dy't Him droech.
'k Begjin no oer in non myn dicht.
10[regelnummer]
Mei God my gunne 't suver sicht,
dat ik de saak yn 't lid krekt reitsje
en dêr in goed beslút oan meitsje,
dat nei de wierheid 't sa folslein bart,
Ga naar eindnoot*lykas my Frater Gysbert sein hat,
15[regelnummer]
muonts, oan Sint Willems oarder bûn.
Dy hie it yn syn boeken fûn.
Hy wie in man, bedag' en wiis.
De nonne dy 'k jim neamde niis,
wie hoflik, kein en eal fan seden.
20[regelnummer]
Jo fine nimmen mear op 't heden
dy't dizze nonne, nei myn sin,
yn stal en dwaan belykje kin.
As ik har lichem prize, f'ral
de tsjeppens fan har kreaze stal,
25[regelnummer]
dan foege my dat alderminst.
Ik sil jim sizze hokker tsjinst
hja lange jierren die mei flyt.
Yn 't kleaster dêr't hja droech 't habyt:Ga naar eindnoot+
| |
[pagina 14]
| |
De kosterinne wie hja dêre.
30[regelnummer]
Jim sill' de kleare wierheid hearre.
Hja plichte net loai om te stippen,
mar fûl by nacht en dei te skrippen.
Hja wie yn d' arbeid rap fan dieden,
plichte de tsjerkeklok te lieden,
35[regelnummer]
Ga naar eindnoot*rette foar ljocht en paramint
Ga naar eindnoot*en wekke eltse moarn 't konvint.
Wel, dizze juffer wie net sûnder
de leafde, dy't sa mannich wûnder
bewurket rûnom op 'e ierde.
40[regelnummer]
Somtiids sil hja ta skande liede,
ta leed, fertriet en bitt're hate,
en soms ta blydskip en ta bate.
De wize makket hja sa sot,
dat hy yn 't ûngelok him wrot,
45[regelnummer]
oft dit him noflik is of noed.
Hja bringt gâns lju ta twivelmoed,
oft sprekken better is of swijen,
wêrmei se tinke baat te krijen.
Hja ûnderwerpt sa mannich minske,
50[regelnummer]
dy't pas wer riist, as hjà dat winske.
De leafde makket faak ien gol,
dy't leafst syn jeften hâlde wol,
as 't net troch leafde' oantrún is.
Ek binn' der guon sa fêst en wis,
55[regelnummer]
Ga naar eindnoot*dat leafde harren partsjen docht
al wat hja hawwe, noed of nocht,
en wee en blydskip, lok en rou.
Sjoch, sok in leafde neam ik trou.
'k Soe jim net alles sizze kinne,
60[regelnummer]
hoe folle lok en ûnk fan minne
út 'e rivier fan leafde streame.
Men mei de non net kwealik nimme
| |
[pagina 15]
| |
de swakkens, dat hja net ûntkaam
de leafde, dy't har finzen naam,
65[regelnummer]
om't de duvel minsken sûnder swichten
ferliede wol; hy docht gjin lichten,
mar ier en let, by dei en nacht
docht er syn flyt en al syn macht.
Mei mûklist, sa't er skoan ferstiet,
70[regelnummer]
brocht hy troch hertstocht yn 't ferlied
de non, dy't miende, hja gyng dea.
Hja smek' en ferge God en bea,
dat Er har sterke mei genede.
‘'k Bin sa beswierre’, hat hja rede,
75[regelnummer]
‘mei fûle leafd' en wûn' yn 't hart, -
dat wit Dy't oeral weet fan hat
en foar Wa't neat ferhoalen bliuwt -
dat swakkens my ta dwylsin driuwt.
Ik moat in oar bestean no liede.
80[regelnummer]
Dit kleasterkleed moat ik fan skiede.’
Hear no hoe't fierder mei har gie;
Hja stjoerde de jongfeint beskie,
dêr't hja mei grutte leafd' oan hinge,
in minlik skriuwen dat betinge,
85[regelnummer]
dat er mei gauwens by har kaam.
Dêrmei koe hy syn foardiel dwaan.
De boade gyng nei de jonge ta.
Dy naam it brief en lies wat hja
him tastjoerd hie, syn hertsfreondinne.
90[regelnummer]
Doe waard er bliid fan siel en sinnen.
Hy kaam mei hasten yn it spier.
Aloan sûnt harren tolfde jier
faksearre leafde dizze twa,
dat mannich smerte lijden hja.
95[regelnummer]
Sadree't er koe, ried hy de tocht
| |
[pagina 16]
| |
nei't kleaster, dêr't er har besocht.
Hy naam in sit foar 't finster doe.
Hy woe sa minlik graach, as 't koe,
syn lea sjen en ta wurden komme.
100[regelnummer]
Doe hat de nonne net lang somme.
Hja kaam, fol langst om him t' ûntfangen,
foar 't finster, dat mei iizren stangen
oerdwers wie en oerlâns bewuolle.
Hja suchten beiden faak en folle,
105[regelnummer]
wylst bûten hy siet en hja binnen,
oermast're fan sa'n sterke minne.
Sa sieten hja in hiele set.
Nee, 't folút sizze kin ik net,
hoe faken hja fan kleur ferskeat.
110[regelnummer]
‘Wee, my, myn freon’, sei hja beneard,
‘myn leave skat, it kwelt my sa;
sis dû tsjin my in wurd of twa,
dat my wer fleur jout yn 'e geast.
Sa slim ferlet ha 'k fan dyn treast.
115[regelnummer]
Ga naar eindnoot*De pylk fan minne stekt m' yn 't herte,
dat ik lij tige grutte smerte.
En ik bin nea mear bliid, myn oeke,
of dû moatst my dy pylk útlûke!’
Hy andre har mei gloed fan minne:
120[regelnummer]
‘Dû witst it wol, myn hertsfreondinne,
sa lang al ha w' elkoar bemind,
mar al ús dagen hat 't nea kind
en tiid en talis wie der nea
en jou elkoar yn rêst in pea.
125[regelnummer]
Ga naar eindnoot*Frou Venus, bjustere goadinne,
dy't yn ús hert brocht dizze minne,
mei God de Heare har ferdomme,
omt hja twa sokke moaie blommen
fertoarje en ferstjerre lit.
| |
[pagina 17]
| |
130[regelnummer]
Doch my in deugd en gun my dit,
datstû de kleasterpij ôfleist,
en no in gaadlik stuit my seist,
dat ik dy út dit kleaster lied.
Dan riid ik hinne en ik ried
135[regelnummer]
foar moai' en djoere klean fan wolle,
en dy mei bûnt befuorr' en folle;
in mantel, rok en boppekleed.
En ik ferlit dy nea yn need.
Mei dy set ik yn 't aventoer
140[regelnummer]
it lok en 't leed, it swiet en 't soer.
Nim oan as pân myn wurd fan trouwe.’
‘Goefreon’, sei doe de jonge frouwe,
‘dat nim ik fan dy oan mei nocht,
en 'k gean mei dy sa'n fiere tocht,
145[regelnummer]
dat gjint yn 't kleaster witte kin
't plak dêr't wy hinne reizge binn'.
Hjoed oer acht dagen kinst op tiidzje.
Kom dan nei 't kleaster wer en biidzje
my bûten yn it hôf in poas
150[regelnummer]
Ga naar eindnoot*by jûn ûnder in wylde roas.
Wachtsje my dêr, dan kom ik út,
Ga naar eindnoot*en 'k wurd dyn breid, is myn beslút.
'k Gean oeral dêrstû wolst, nei ta.
Wannear ik net in sykte ha
155[regelnummer]
of dingen dy't te swier my binne,
dan gean ik wis en wier dêrhinne.
'k Ferlangje sa, myn leave jonker,
datst komst op 't neamde stee yn 't donker.’
Dit sei elk d' oar ta as ferbûn.
160[regelnummer]
En hy naam ôfskie en hy rûn
nei wêr't er 't seale hynder liet.
Op stee bestiigd' er 't hoars en ried
yn telstap fuort en liet de happe
| |
[pagina 18]
| |
troch 't flakke fjild nei stêd ta stappe.
165[regelnummer]
Syn leave bout fergeat er net:
de oare deis gong hy nei stêd
en kocht blauw' en skarlekken lapen;
en dêrfan liet er meitsj' in kap' en
mantel, en beide rom en wiid,
170[regelnummer]
en ek in rok en jûpe swiid,
en alles fuorre nei 't fatsoen.
Nimmen hat moaier bûntwurk sjoen,
dat frouljusklean as fuorring stoppe.
Elts dy't it seach, moast hjirfan roppe.
175[regelnummer]
Hy kocht har mes en pong en gurl,
sydsulver, djoer en prachtich spul,
hierbân en gouden fingerring
en follerhanne sierlik ding.
Ja, al dat sieraad freg' er nei,
180[regelnummer]
wêrfan in breid ferlet ha mei.
Ga naar eindnoot*Hy naam oan jild fiifhûndert pûn
en ried doe op 'e lette jûn
yn it geheim út 't stedsje wei.
En hy naam al dy skatten mei,
185[regelnummer]
dy't er syn hynder tôgje liet,
wêrop er nei it kleaster ried.
Hy gyng yn 't hôf, sa hie hja 'm hjitten,
ûnder in wylde boskroas sitten
yn 't gers en wachte oant syn faam,
190[regelnummer]
syn leave breid, de doar út kaam.
'k Fertel no earst net mear fan him,
mar fan de tsjeppe praat ik jim:
de Minne joech har grutte smerten.
Tsjin midnacht lette hja de metten.
195[regelnummer]
Ga naar eindnoot*En neidat hja de metten songen,
sawol de âlden as de jongen,
| |
[pagina 19]
| |
dy't dêre yn d' abdije wiene,
en nei't de nonnen hinnegiene
Ga naar eindnoot*wer allegear nei 't dormitoar,
200[regelnummer]
bleau hja allinne yn it koar.
Doe sei hja har gebed yn earnst,
lykas alear ek wie har wenst.
Ga naar eindnoot*Hja knibb'le foar it alter hoeden
en spriek mei grutte frez' en noeden;
205[regelnummer]
‘O swiete Jezus, leave Heare,
no kin myn lichem 't net ferneare,
dat ik noch langer draach dit klaad.
Jo kenne op en út it aard
en wêzen fan it minskehert.
210[regelnummer]
Ik ha mei fêstjen en gebed
my twongen en mei selskastijen.
't Is allegear omdôch, dit lijen:
om't Minne my oermastr'e hat,
is 't dat 'k de wrâld no tsjinje moat.
215[regelnummer]
Sa wier Jo, leave Hear, mei smaden
tusken twa moardners hongen waarden
en folt're binne oan it krús;
sa wier fan 't grêf Jo Lazarus
opwekke hawwe út 'e dea,
220[regelnummer]
meie Jo oansjen al myn wea
en my myn kwea ferjaan yn allen.
Ik moat yn swiere sûnden falle.’
En hjirnei gyng hja út it koar
en rûn hja nei in byld, wêrfoar
225[regelnummer]
hja knibb'le en har bidden die
op 't stee dêr't Mem Marije stie.
‘Marije’, rôp hja dêr frijmoedich,
ik ha by nacht en dei earmoedich
myn leed Jo klag' en sein planút.
230[regelnummer]
It joech my lykwols net in sprút.
| |
[pagina 20]
| |
Ik reitsj' alhiel myn sinnen kwyt,
as 'k langer bliuw yn dit habyt!’
Hja lei op 't stee de pij dêr ou
op 't alter fan Us Leave Frou.
235[regelnummer]
Doe die hja har sandalen út.
Ei, harkje no, wat hja beslút!
De kaaien fan de sakristije
hong hja foar 't byld op fan Marije.
Nei wierheid wurdt it jim ferklearre
240[regelnummer]
wêrom dat hja se hinge dêre:
Dat men se maklik fine mocht,
Ga naar eindnoot* as men te prymtiid dêrom socht.
Altiten is 't in rjochte died,
wa't foar Marije' byld lâns giet,
245[regelnummer]
dat dy syn eagen dêrnei draait
en ear't er fuortgiet, ‘Ave’ seit.
Ga naar eindnoot* Mei ‘Ave Maria’ yn 't sin te bringen
hat hja de kaaien dêre hinge.
En no gyng hja dêrwei fan need
250[regelnummer]
mei oars neat oan as 't ûnderkleed.
Hja wist in doar dy't ek dêr wie,
dy't hja hiel hoeden iependie.
En hiel temûk gyng hja út hûs,
sûnder gespús, stil as in mûs.
255[regelnummer]
Mei eangst wie 't dat yn 't hôf hja kaam.
En de jongfeint fernaam de faam,
en sei: ‘Myn leaf, wês net benaud;
dyn freon is 't dyst hjir sjochste, bout.’
En doe't hja kamen by elkoar,
260[regelnummer]
doe skamme dizze nonne har,
omdat hja yn har pels hjir stie,
mei bleate holl' en fuotten wie.
Doe sei de feint: ‘Myn sierlik moaie,
| |
[pagina 21]
| |
dy soene grif gâns better toaie
265[regelnummer]
moaie gewaden en djoere klean.
Nim my net kwea, dat ik it neam.
Ik skik se dy fuortdaliks ta.’
Under de boskroas gyngen hja,
en al dêr't hja ferlet fan hie
270[regelnummer]
joech er, dat 't har te wille wie.
Hy joech har dêr in dûble jûpe;
de blauwe moast hja fuort oanstrûpe.
Dy paste goed; de snjit wie kwier.
Hy lake tsjin har minlik blier
275[regelnummer]
Ga naar eindnoot* en sei: ‘Myn leaf, dit himelsblau
stiet dy gâns better as dat grau.’
Doe loek hja in pear hoazzen oan
Ga naar eindnoot* en in pear Kordobaanske skuon,
dy't har perfoarst gâns better stiene
280[regelnummer]
Ga naar eindnoot* as dy't mei riemen fêstbûn wiene.
Ek waard hja doe troch him ferblide
mei 'n holledoek fan wite side,
dy't hja har wuolle om it hier.
Doe tute de jongfeint har blier
285[regelnummer]
en minlik op 'e mûle. Him tocht,
doe't hja sa foar him stie, 't waard ljocht
allyk de dei, klear as de sinne.
Hy stapte rap nei 't hynder hinne
en sett' yn 't seal har foar him del.
290[regelnummer]
Doe rieden hja tegearre tel
sa fier oant 't daagjen fan 'e dei,
en nimmen kaam har efternei.
Doe't earste ljocht yn 't easten kipe,
sei hja: ‘God, hiel de wrâld ta stipe,
295[regelnummer]
wol Jo ús nimme yn Jo hoede!
Ik sjoch de dage mei syn gloede.
Ried ik mei dy, myn leaf, hjir net,
| |
[pagina 22]
| |
dan hie ik no de primen let,
lykas ik wend wie, doe 'k alearen
300[regelnummer]
yn 't kleaster plichte te ferkearen.
'k Bin bang, de tocht sil my noch rouwe.
De wrâld hâldt selden 't wurd fan trouwe,
- al ha 'k my no oan har fersein -
S' is lyk in keapman fyn ynlein,
305[regelnummer]
Ga naar eindnoot* dy't in fergoude flodderding
ferkeapet as in gouden ring.
“Och hea, wat seist dêr, suv're skat!
Lit ik dy ea oer oan dyn lot,
dan mei my God de Hear ferdjerre!
310[regelnummer]
Wêrsanne wy ek gean tegearre,
ik skied fan dy yn gjin fertriet,
as ús de bett're dea net skiedt.
Hoe is dyn twivel oan my kommen,
Do hast dochs nea oan my fernommen,
315[regelnummer]
dat ik dy nat' of falsk dy swarde?
En sûnt ik dy foar 't earst ferkarde,
ha 'k nimmer op in oar myn sinnen
set, sels net op in Keizerinne.
Al soe ik har my weardich witte,
320[regelnummer]
skat, 'k soe dy net om har ferlitte!
Wês dêrfan wis, as fan de bank.
Ik haw fiif hûndert pûn oan blank
fyn sulverjild foar ús by my.
Leave, dat is tenei fan dy!
325[regelnummer]
Al reizgje wy nei 't frjemde lân,
wy hoege lykwols neat ta pân
te jaan; wy ha wol sân jier graasje.”
Sa kamen hja yn fikse faasje
oan yn in wâld by 't deilemieren.
330[regelnummer]
De fûgels wien' dêr feest oan 't fieren,
en sa lûd galmen harren stimmen,
| |
[pagina 23]
| |
dat rûnom koe men har fernimme.
En elk song nei syn eigen aard.
Dêr wiene moaie blommen spraat
335[regelnummer]
oer 't griene gers, yn iepen tier;
swietrokich en fol swide sier.
De iere loft wie klear en blank.
Dêr riisde mannich beam sa rank
omheech, dêr't ryk it leaf oan rûze.
340[regelnummer]
De feint seach nei de faam, dy prûze;
har leav' er mei wat trouwe minn' is.
Hy sei: “Myn lea, as 't dy nei't sin is,
ploaitsje wy blommen yn 'e gerzen.
My tinkt, 't is hearlik hjir te wêzen.
345[regelnummer]
Kom, jouwe w' ús oan leafde oer.”
“Wat wolstû?”, sei hja, “lompe boer,
dat ik hjir lizzen gean yn 't fjild
lykas in lelle, dy't foar jild
har lea biedt en te grabbel leit?
350[regelnummer]
Grif hie 'k net folle earsumheid!
Dû wiest net oankomd mei sok praat,
hiestû gjin boerehufters-aard!
Dit muoit my slim en docht my sear.
Gods grim' oer dyn ûnfoech begear!
355[regelnummer]
Praat my net mear fan sokke dieden.
Hear nei de fûgels yn de mieden,
hoe bliid har sin is en har sang.
Dan falt de tiid dy minder lang.
As ik spierneaken neist dy lis
360[regelnummer]
op 't bêd dat kreas opmakke is,
doch dan mar al dyn will' en nocht
en alles wat dyn hert foldocht.
Mar hjirom is myn herte kniesd,
datstû my no dy foarslach diest.”
365[regelnummer]
Hy sei: “Myn lea, fergriem dy net.
| |
[pagina 24]
| |
De frouwe Venus hie 't my ret.
God mei my skand' en pleagen jaan,
soe 'k ea dy wer sa'n útstel dwaan!”
Hja sei: 'k Ferjou dy dan dyn winsken.
370[regelnummer]
Dû bist myn hâld bopp' alle minsken,
dy't libje ûnder 't himelrom.
Ga naar eindnoot* Libbe de kreaze Absalom
no noch en wist ik wis en wier,
'k koe mei him libje tûzen jier
375[regelnummer]
yn frede en yn weeld' en fleur,
dan wie dat lykwols net myn keur.
'k Ha dy sa leaf en fêst ferkard,
dat men it my net neame moat,
ik soe dy altemets ferjitte!
380[regelnummer]
Ja, soe ik yn 'e himel sitte
en dû hjir op 'e ierd' omleech,
grif kaam ik by dy fan omheech!
God, rekkenje 't dochs net my ta,
dat ik sa wanwiis sprutsen ha!
385[regelnummer]
Gjin ierdske will' is dochs allyk
de lytste freugd' yn 't himelryk.
De minste is dêr sa folmakke,
dat neat de siele swieter smakket
as dat hja einleas God bemint.
390[regelnummer]
Al 't ierdsk' is neat as leed; gjin sint
wurdt wrâlds geniet en nocht wurdearre
neffens de minste blydskip dêre.
Wiis binne hja dy't dêrfoar lije.
Ik kin de dwaalwei sels net mije,
395[regelnummer]
mar moat m' yn grutte sûnden stoarte
om dy, kreas jonkman, leave harte.’
Sa wie har ûnderling petear.
Oer berch en delling ried it pear.
Ik sis 't jim net krekt sa en sa
| |
[pagina 25]
| |
400[regelnummer]
wat barde tusken dizze twa.
Hja reizgen fierder troch it mêd,
oant dat hja kamen yn in stêd,
dy't yn in delling lei sa skoan.
It kaam har dêre sa goed oan,
405[regelnummer]
hja bleauwen yn dat plak sân jier
en libben doe yn weeld' en tier.
Twa bern hien' hja as man en wiif,
wûn mei geniet fan elkoars liif.
Mar doe, nei't dy sân jier fergienen,
410[regelnummer]
doe't al har sinten útjûn wienen,
moasten hja tarre fan elk pân,
dat meinomd wie út 't heitelân.
Klean, sier en 't hoars dat men behearde,
ferkochten hja foar heale wearde,
415[regelnummer]
en brochten 't jild dertroch mei hasten,
en wisten doe net wat hja moasten:
Ga naar eindnoot* Hja koe net oan it rokken spinne
om mei dat wurk har brea te winnen.
De tiid waard djoer en heech de prizen
420[regelnummer]
fan wyn en bier en fan de spizen.
All' iten rekke yn 'e djoerte.
Doe waard it harren bang te moede.
Hja gyngen folle leaver dea
as dat hja biddelen om brea.
425[regelnummer]
Earmoed makke 'n spjalt yn 't pear,
dreau har útien, al die it sear.
De man ferbruts syn earste trou
en liet har efter yn grutte rou.
Hy gong nei't lân fan jierren her.
430[regelnummer]
Hja seach him neityd nea net wer.
Dêrjinsen bleauwen om har hinne
twa tige kreaze bern allinne.
| |
[pagina 26]
| |
Hja sei: ‘No komt my oer yndie
wat ik al tiden freze hie:
435[regelnummer]
ik bin yn djipp' ellinde stoart,
om't my de man ferlitten hat,
op wa't ik tidige yn trouwe.
Help my, Marije, Leave Frouwe;
bid foar my en myn bern tegearre,
440[regelnummer]
dat wy net fan de honger stjerre.
Wat moat ik, ûngelokkich wiif?
Ik moat myn siele en myn liif
mei sûndedieden smoarch ûntwije.
Stean Jo my by, Leaffrou Marije!
445[regelnummer]
Al koe ik oan it rokken spinne,
'k soe 't dêrmei net fertsjinje kinne,
noch net ien bôl' yn fjirtjin dagen.
Ik moat no, troch de need bejage,
de stêd út gean, en yn it fjild
450[regelnummer]
Ga naar eindnoot* myn lichem feil jaan om wat jild,
wêrfoar ik iten keapje wol.
Ik leau, ik kin yn gjin gefal
myn berntsjes oan har lot oerlitte.’
Sa gyng hja sûnd' en kwea temjitte,
455[regelnummer]
want men fertelt it ús foar wier:
bline nearing dreau hja wol sân jier,
hja gong as ljidske troch de wrâld,
en hja die sûnde mannichfâld,
kwea, dat hja mei har lichem die
460[regelnummer]
en har ta grutte wearze wie.
It wie har tige tsjin it sin.
Hja die 't om 't skeamele gewin,
dêr't hja har berntsjes mei genearde.
Wat joech it, as 'k fan alles bearde,
465[regelnummer]
de sûnden skandelik en swier,
dêr't hja yn libbe fjirtjin jier?!
Mar as hja leedzje hie of smert,
| |
[pagina 27]
| |
hja somme nea of nimmer net
te bidden eltse dei yn trou
470[regelnummer]
Ga naar eindnoot* de sân getiden fan Us Leaffrou.
Dy bea hja, har ta lof en eare,
mocht Mem Marije har bekeare
út alle sûnden dy't hja die
en dêr't hja mei beladen wie
475[regelnummer]
yn al dy tiid fan fjirtjin jier.
Dit, sis ik jim, is sikerwier.
Hja libbe sân jier mei har man;
dêr krige hja twa berntsjes fan.
Hy liet har yn 'e frjemdte sitte,
480[regelnummer]
dêr't hja in heap ellinde litte.
Jitris sân jier binn' sûnt ferdwûn.
Hear hoe't har libben fierder rûn:
Doe't fjirtjin jierren omgien wienen,
joech God har yn it hert ynienen
485[regelnummer]
berou, en wol sa djip en grut,
hja liet har mei it bleate swurd
noch leaver koart de holl' ôfslaan
as langer sûnden noch te dwaan,
- lykas hja plichte - mei har lea.
490[regelnummer]
Hja skriemde nacht en dei fan wea,
sadat har eagen selden droegen.
Hja bea: ‘Marij, dy't Kristus droegen,
wel fan gened’ oer alle froulju,
lit yn 'e need my net mear krôlje!
495[regelnummer]
Ik nim Jo hjir ta tsjûge, Frouwe,
dat my myn sûnden djip berouwe,
en hja myn herte swier fertriette.
Der binn' sa'n berch - ik soe net witte,
wêr't ik se dien ha of mei wa.
500[regelnummer]
O! Wat foar takomst sil ik ha?
Ga naar eindnoot*Gods eagen sjogge my net oan.
| |
[pagina 28]
| |
Ik soargje tsjin it oardiel oan;
dêr sille alle sûnden blike
fan d' earme minsken en de rike,
505[regelnummer]
wurdt alle wandied straf talein,
Ga naar eindnoot* as dêr net earst de bycht fan sein
en net oprjocht foar boete is.
Dêr bin ik wis fan, sûnder mis.
Dêrom sit ik yn eangst en need.
510[regelnummer]
Al droech ik aloan 't boetekleed
en kroep ik ek troch alle lannen
op bleate fuotten en op hannen,
dus sûnder skuon, yn wollen klaad,
dochs joech 't my net sa folle baat,
515[regelnummer]
dat ik fan sûnden my befrij,
as 'k net Jo stipe krij, Marij.
O wel bopp' alle ierdske deugd,
Jo joegen gâns de sill'ge freugd,
Ga naar eindnoot* sa't by Teófilus bliken die,
520[regelnummer]
dy't ien der swierste sûnders wie.
Hy hie him oan de duvel jûn,
en siel en libben oan him bûn,
en wie syn lienman woarn yn trouwe.
Dochs ha Jo him ferlost, Leaffrouwe.
525[regelnummer]
Al bin 'k in tige sûndich wiif,
ferdoarn, ûnsillich bûten kiif,
betink, o Frouwe, dat ik die, -
hoe 'n libben oft ik ea ek hie -
altyd ta Jo ear in gebed.
530[regelnummer]
O toan my Jo goedgunstich hert!
Ik bin in frou fol drôfenis,
ien dy't Jo help slim nedich is!
Hjirop betrou ik ûnferfeard:
te ninter bleau him 't lean ûntkeard,
535[regelnummer]
dy't, eale faam, Jo deistich groete
en mei “Ave Maria” moete.
| |
[pagina 29]
| |
En elts dy't faak in bea Jo seit,
dy mei it witt' yn wissichheid,
dat dêrút heil en baat him daget,
540[regelnummer]
om't dit, Leaffrouwe, Jo sa haget,
Ga naar eindnoot* Gods útferkarde breid sa goed!
Ga naar eindnoot* Jo soan hat Jo in groetnis stjoerd
te Nazaret, en Jo besocht
troch d' ingel, dy't Jo 't boadskip brocht,
545[regelnummer]
as fan in boade nea fernaam.
Dêrom binn' Jo sa oangenaam
Ga naar eindnoot* dy wurden, dat Jo sûnder mis
elts tankber binn' foar 't groetenis,
dy't faak dêrmei Jo ear bewiist.
550[regelnummer]
Al is yn sûnden hy fertiisd,
Jo bringe 'm ta gened' opnij
en pleitsje by Jo Soan him frij.’
Sjoch, dizze bea en klachte sei
de sûnderesse eltse dei.
555[regelnummer]
Hja naam in bern oan eltse hân
en gyng mei har troch 't hiele lân
yn earmoed en fan plak nei plak,
en wûn mei bidd'ljen har gerak.
Hja doarme sa lang oeral rûn,
560[regelnummer]
oant einlings hja wer 't kleaster fûn,
dêr't hja alearen non west hie.
Hja kaam doe't sinn' al ûnder wie,
jûns let by 'n widdo; hja fersocht,
oft hja de nachts dêr bliuwe mocht,
565[regelnummer]
in ûnderdak út minskeminne.
‘Ik soe jo min ôfwize kinne’,
sa sei dy frou; ‘omt jo berntsjes ha.
Hja binne wurch, liket my ta.
Gean sitten en rêst út, myn harte.
570[regelnummer]
Fan myn kant sil ik mei Jo parte
wat my ferliend is fan ús Heare.
| |
[pagina 30]
| |
Dit doch 'k Syn leave Mem ta eare.’
Sa bleaun hja mei har bern op 't steed.
Hja kaam no jerne oan 'e weet,
575[regelnummer]
hoe't gong yn 't kleaster om en ta.
‘O eale frou, sis my,’ sei hja,
Ga naar eindnoot* oft dit 't konvint fan joffers is.’
‘Ja’, sei hja, ‘op myn wurd, jawis;
en 't is sa prachtich en fol rikens,
580[regelnummer]
dat men fynt nearne syn gelikens.
De nonnen dy't habyt hjir drage,
nea heard' ik dat men oer har klage
of kwea geroft fan harren sprekken,
sadat de lju har dêrom lekken.’
585[regelnummer]
De frou dy't by har bern siet, sei:
‘Hoe sa? Wer hawwe jo dat wei?
Ik hearde dizze wiken krekt,
dat men faak fan in nonne sprekt.
Soe ik it goed ferstien ha kinne,
590[regelnummer]
dan wie hja hjirre kosterinne.
Dy't it sein hat, liigde net hjiryn:
it barde fjirtjin jierren lyn,
dat hja temûk út 't kleaster flein is.
Nea wist men wer't hja hinne tein is.
595[regelnummer]
noch yn wat lân hja d' ein fûn hat.’
Ynienen waard de widdo koart
en sei: ‘My tinkt, Jo binn' oan 't meallen!
As 't no mar út is mei 't fertellen
fan ûnsin oer de kosterinne.
600[regelnummer]
Oars sill' jo net hjir bliuwe kinne!
Hja is de kosterinne hjirre
al sûnt de tiid fan fjirtjin jierren.
Nea hat hja mist en nea fergetten
ien ink'le oere fan de metten,
605[regelnummer]
behalve as hja net goed sûn wie.
'k Leau dat dy minder as in hûn wie,
| |
[pagina 31]
| |
dy't oars wat fan har seit as goed,
want hja hat sok in rein gemoed
as hokker nonne hawwe mocht.
610[regelnummer]
Wa't alle kleasters sels trochsocht,
Ga naar eindnoot* dy't tusken d' Elbe en Gironde binne,
dy soe, leau 'k, net ien fine kinne,
dy't yn noch grutter frommens libbe!’
Har, dy't sa lang oan sûnde klibbe,
615[regelnummer]
liken dy wurden nuver ta.
‘Frouwe, ferdúts it my’, sei hja,
‘hoe dat har heit en mem krekt hjitte.’
En d' oar liet beide nammen witte.
Doe wist hja, dat hja hár bedoelde.
620[regelnummer]
O God! Hoe't hja yn stilte gûlde
fan djip fertriet nachts op har bêd!
Hja sei: ‘In oar pân haw ik net
as yn it hert in grut berou.
Wês Jo myn help, Marij, Leaffrou!
625[regelnummer]
Fan al myn sûnden ha 'k sa'n spyt.
As ik in oven seach sa hyt,
dat dy fan gloede stie gleonread,
sadat it fjoer de bek út skeat,
grif dat 'k der graach yn krûpe soe,
630[regelnummer]
as 'k sa myn sûnden kwytsje koe.
Ga naar eindnoot* Jo flokke wanhoop oan it heil,
Hear; hjirop gean ik fêst te seil.
'k Hoopj' op genede altyd, Heare,
al hat de eangst my slim beneare
635[regelnummer]
en my yn grutte freze prest.
Nea hat der sa'n grut sûnder west,
sûnt Jo op dizze ierde kamen
en 't minsklik stal en flêsk oannamen,
en sûnt Jo oan it krús ferstoaren
640[regelnummer]
dat Jo dy sûnder, Hear, ferdoaren.
| |
[pagina 32]
| |
Dy't yn berou genede sochte,
dy fûn har, en hy kaam terjochte,
al wie 't ek let. Dat blykte klear
by d' iene sûnder fan it pear,
645[regelnummer]
dy't oan Jo rjochter side hinge.
It wol in sterke treast ús bringe,
dat Jo him rêden sûnder straffe.
Oprjocht berou kin alles skaffe.
Dat merkbyt ik oan dizze goed;
650[regelnummer]
want Jo ha sein: “Freon, dû silst hjoed
jit wêz' yn 't paradiis mei My,
mei wisse wierheid, sis Ik dy.”
't Wie doe, Hear, dat it bliken die,
Ga naar eindnoot* dat Gisemast, dy't moardner wie,
655[regelnummer]
yn 't lêst pas om genede bea,
en hy gjin goud of skat Jo bea
as dat syn sûndeskuld him smerte.
Net te trochgrûnjen is Jo herte
en Jo ûntferming, likemin
660[regelnummer]
as men de see leechskeppe kin
yn ien dei, droech oant op 'e grûn.
Gjin sûnd' is ea te grut befûn
foar Jo genede, dy't ik wachtsje.
Hoe soe 'k my dan ferwurpen achtsje
665[regelnummer]
fan Jo ûntferming, Leave Frouwe,
as my myn sûnden sa berouwe?’
En wylst hja lei yn dizze bea,
kaam har de sliep oer hiel de lea.
Sêft foelen har de eagen ta.
670[regelnummer]
En yn in fizioen tocht hja,
wylst hja dêr stil te sliepen lei,
dat har in stimme rôp en sei:
‘O minske, dû hast sa lang kerme;
Marij hat har oer dy ûntferme.
| |
[pagina 33]
| |
675[regelnummer]
Har pleit hat dy genedich rêden.
Gean 't kleaster yn mei hast'ge trêden.
Dû fynst de doar dêr iepen wiid,
dêrstû trochgien bist yndertiid
mei dy jongfeint, dyn leafst' yndied,
680[regelnummer]
dy't yn 'e need dy sitte liet.
Hiel dyn habyt fynstû ek wer
op 't alter útspraat lizzen dêr.
Dyn pij, dyn kape en dyn skuon,
lûk s' allegear gerêst wer oan,
685[regelnummer]
en tankje bliid dêrfoar Marij.
De kaaien fan de sakristij, -
dyst oan Marije byld ophongst
dy nachts, doest út it kleaster gongst, -
dy kaaien hat hja noed foar stien,
690[regelnummer]
sadat dy fjirtjin jier net ien
yn dyn ôfwêzichheid dy miste,
en nimmen fan dyn missen wiste.
Marij is dy sa tagedien:
hja hat foar dy de tsjinst trou dien,
695[regelnummer]
yn stal alhiel oan dy gelyk.
Ga naar eindnoot* De Keninginn' yn 't Himelryk
die, sûnderesse, dat foar dij!
Gean 't kleaster yn, hjit dy Marij.
En op dyn bêd fynst nimmen lizzen.
700[regelnummer]
Fan God haw ik dy dit te sizzen!’
It duorre dêrnei net sa lang,
of hja waard wekker en sei bang:
‘O grutte God, almachtich Hear,
lit dochs de duvel nimmermear
705[regelnummer]
my bring' yn mear bekommernis
as dat my no oerkommen is!
Wannear't ik no nei 't kleaster gong
en men my as in dief dêr fong,
wie 'k yn noch grutter skande fierd,
| |
[pagina 34]
| |
710[regelnummer]
as doe 'k alear 't konvint ferliet.
Ik smeekje Jo, o God sa goed,
o Kristus, by it kostber bloed,
dat út Jo siden wâl' as boarne:
wannear't de stimme dy't my moanne,
715[regelnummer]
hjir komd is ta myn heil en baat,
jou dat hja net ta swijen waard,
mar dat hja jitris komt en klear
fernommen wurdt in tredde kear,
sadat ik sûnder wifelsin
720[regelnummer]
nei 't kleaster no werom gean kin.
Dan sil 'k dêrfoar altyd opnij
priizje en loovj' Us Frou Marij!’
't Wie d' oare nachts dat hja fernaam
de stim, dy't jitris ta har kaam.
725[regelnummer]
En dizze rôp har oan en sei:
‘Dû minske, draalst te lang hjirmei!
Gean no gerêst wer yn dyn kleaster.
God sil dyn sterkte wêz' en treaster.
Doch dû no wat Marij dy hjit.
730[regelnummer]
Har ingel bin 'k; twiv'lje 't net.’
Sa hie hja 't twaris no fernommen.
Hja hearde dy stimme ta har kommen;
dy hiet har 't kleaster yn te gean.
Lokwols doarst hja it net bestean.
735[regelnummer]
De tredde nachts bide hja noch.
Ga naar eindnoot* ‘Is 't faaks in wrigge syn bedroch’,
sei hja, ‘dat ta my komd is harren,
lit my mei hasten dan beswarre
de duvel syn geweld en macht.
740[regelnummer]
En as er wer hjir komt tenacht,
Hear, meitsje him dan sa beneard,
dat er it hûs ferlit mei feart,
sadat er my gjin skea dwaan mei.
| |
[pagina 35]
| |
Marij, wês Jo my no benei!
745[regelnummer]
De stim, dy't Jo oan my stjoerd ha
en dy't my hiet nei 't kleaster ta,
ik smeekje by Jo bern Jo, Frouwe,
dat Jo de tredde kear har jouwe.’
Sa wekke hja de tredde nacht.
750[regelnummer]
Doe kaam fan God in stim mei macht
en strieljend mei in grutte gloed.
De stim sei har: ‘It is net goed,
datstû net dochst wat ik dy hiet,
Ga naar eindnoot* omdat Marij troch my gebiedt.
755[regelnummer]
Dû soest te lang wol wachtsje kinne.
Gean sûnder skrom nei 't kleaster hinne.
Dû fynst de doar wiid iepen stean;
wêr'tst hinne wolst, dêr kinstû gean.
Hiel dyn habyt fynstû ek wer
760[regelnummer]
op 't alter útspraat lizzen dêr.’
Neidat de stim dy wurden sei,
koe 't sûndich minske dat dêr lei,
de glâns oan d' eagen net ferneare.
Hja sei: ‘Gjin twivel kin my mear keare.
765[regelnummer]
Fan God komt dizze stim ta mij.
't Is d' ingel fan de Faam Marij.
Dat wit ik sûnder eftertocht,
want hja is komd mei sa'n swiid ljocht.
No sil 'k net mear te wetten stean,
770[regelnummer]
mar hastich nei it kleaster gean.
Ik sil it dwaan yn goed betrouwen
op help en krêft fan Us Leaffrouwe.
'k Betrou de beide bern dy 'k ha,
oan God, ús Heit, syn hoede ta.
775[regelnummer]
Hy sil wol noed fan harren stean.’
Doe loek hja redsum út de klean
| |
[pagina 36]
| |
om dêr de bern mei ta te dekken,
hiel súntsjes, dat hja net har wekke.
Hja tute beid ‘op 't mûltsje rûn,
780[regelnummer]
en sei: “Myn leave bern, bliuw sûn.
Tiidgjend op help fan Us Leaffrouwe,
lit ik jim hjir yn goed betrouwen.
Wie my gjin geunst jûn troch de bea
fan Mem Marij, 'k ferliet jim nea
785[regelnummer]
om al it guod dat Rome hat.”
Hear wat mei har hjirnei noch bart:
No gyng hja nei it kleaster hinne
yn grutte drôvens, poer allinne.
Doe't hja de kleastertún yn sette,
790[regelnummer]
seach hja op 't stee de doar ûntsletten.
Hja gong 't konvint yn sûnder skrom
en sei: ‘Marije, tank hjirom.
Ik bin wer kommen binnendoarren.
Mei sein' en lok fan God my barre!
795[regelnummer]
En dêr't hja kaam, fûn hja de doar
wiid iependien foar har yn 't foar.
Doe gong hja de kapelle yn;
dêr sei hja lústerjend en fyn:
‘O Heare God, ik bid Jo from:
800[regelnummer]
help my yn myn habyt werom.
Dat lei 'k foar fjirtjin jierren ou
op 't alter fan Us Leave Frou
dy nachts, doe't ik omfierrens tige!’
Wat ik fertel wol 'k wier net lige.
805[regelnummer]
Ik sis 't jim sûnder gekkerij:
har skuon, har kape en har pij
fûn hja op 't selde stee yndie
werom, dêr't hja se dellein hie.
Hja loek se oan en tige kwyk,
810[regelnummer]
en sei: ‘O God fan 't himelryk
| |
[pagina 37]
| |
en Jo, o eale faam Marije,
mei ider sein' en eare wije!
Jo binn' de blom fan alle keinens!
Jo droegen yn Jo steat fan reinens
815[regelnummer]
in berntsje sûnder smert, o Breid,
dat Heare bliuwt yn ivichheid.
Jo binn' in skat mei ealens sierd.
Ga naar eindnoot*Jo Bern skoep 't himelryk en d' ierd.
Ga naar eindnoot*God woe in swiden macht Jo jaan;
820[regelnummer]
dy stiet altyd ta Jo foldwaan:
Jo kinn' as Mem gebiede oer
de Heare God, ús ierdske broer.
Syn leave dochter neamt Er Jo.
Dêrom libj' ik gerêster no:
825[regelnummer]
dy't Jo genede siket, wier,
dy fynt, al komt er ek pas ier.
Jo help is tige grut yn leed.
Al libb' ik yn fertriet en need,
troch Jo, Leaffrou, feroare 't sa,
830[regelnummer]
dat ik no wiere blidens ha.
Ik priizje Jo mei rjocht, Marij!'
De kaaien fan de sakristij
dy hongen oan it byld yndie,
dêr't hja se earen hongen hie.
835[regelnummer]
Hja hong se om lykas alear,
en gong nei 't koar; dêr seach hja klear
de kearsen barnen yn alle hoeken.
En dêrnei gong hja nei de boeken;
hja lei elk op syn plakje ree,
840[regelnummer]
sa't hja alear faak die op 't stee,
wylst hja de Faam Marije bea,
oft dy har hoedzje woe tsjin kwea,
en ek har bern, dy't s' efterliet
yn 't widdohûs yn swier fertriet.
845[regelnummer]
De nacht gyng wyls sa fier syn baan,
| |
[pagina 38]
| |
dat 't oerwurk tolf begûn te slaan,
sadat men wist, midnacht hie 't slein.
Hja naam it klokketou by d' ein,
en lette metten kreas op tiid,
850[regelnummer]
dat elk koe 't hearre wiid en siid.
Dy't boppe op 'e sliepsaal leinen
dy kamen daalk nei ûnd'ren tein en
fuort allegear har sliepstee út.
Hja wisten fan de saak gjin sprút.
855[regelnummer]
Hja bleau yn 't kleaster tenei altyd,
en hie gjin skande of ferwyt.
Marij hie ommers foar har tsjinne,
as soe hja 't selme wêze kinne.
Sa wie de sûnderes bekeard,
860[regelnummer]
Marij ta lof, fan minsken eard
as Faam en Himelkeninginne,
dy't jimmeroan mei trouwe minne
har freonen bystiet yn 'e need,
Ga naar eindnoot*as hja beswierre binn' mei leed.
865[regelnummer]
De joffer dêr 'k ferhaal fan die,
is nonne, sa't hja earen wie.
No wol ik lykwols net ferjitte
har beide bern, dy't s' efterlitten
hie by de widdo yn grut wea.
870[regelnummer]
Hja hienen neat, gjin jild noch brea.
Ik kin jim net alhiel beskriuwe,
hoe 'n grutte weeklacht hja bedreauwen,
doe't hja har seagen fan mem ferlitten.
De widdo gong nêst harren sitten;
875[regelnummer]
hja hie begrutsjen om 't gemis.
Hja sei: ‘Ik gean nei de abdis
mei dizze beide bern fol smerte.
God jout d' abdis wol yn it herte
de wil ta goeddwaan oan de bern.’
| |
[pagina 39]
| |
880[regelnummer]
Hja liet har klean en skuon oantsjen,
en naam har nei it kleaster mei.
Hja sei: ‘O Frouwe, nim Jo nei
de need fan dizze beide wezen;
de mem hat har yn noed en frezen
858[regelnummer]
fannacht yn myn hûs efterlitten
en is har gong gien oer de strjitten;
ik ha gjin aan derfan wêrhinne.
De bern binn' sûnder hoed' allinne.
Ik holp har jern' as 'k wiste hoe.’
890[regelnummer]
D' abdisse sei dêrta har doe:
‘Om't hja betroud binn' oan jo hoede,
stean noed fan har; 't wurdt jo fergoede,
dat jo der net oer kleie sille.
Jou fan it miel - om Goades wille -
895[regelnummer]
Ga naar eindnoot*har eltse dei de jeft fan minne.
Stjoer eltse dei in feint hjirhinne,
dy't drinken hellet en har iten.
Untbrekt har eat, doch 't my te witen.’
De widdo wie sa op 'e trie,
900[regelnummer]
dat 't har sa nei it sin gien wie.
Hja naam de bern mei op har noed
en soarge foar har tige goed.
De mem dy't ienris 't boarst har joech
en pin' en smert om harren droech,
905[regelnummer]
har wie it no sa wol te moede,
doe't hja se wist yn goede hoede,
har bern dy't hja ferlitten hie
yn grutt' ellinde, doe't hja gie.
Hja hie tenei gjin frees noch soarch
910[regelnummer]
mear om har bern mei sok in boarch.
Har fierder libben wie yn hill'gens.
Mar suchtsj' en beevje fan ûnsill'gens
die dizze non by nacht en dei,
om't har berou yn 't herte lei
| |
[pagina 40]
| |
915[regelnummer]
oer slimme sûnden dy't har kwelden.
Hja doarst net heal dy te fermelden
oan hokker minsk' of bleat te lizzen,
of yn in skreaune foarm te sizzen.
Ga naar eindnoot*Hjirnei kaam op in dei yn 't stichte
920[regelnummer]
in abt, dy't 't fisitearjen plichte
te dwaan. Ien kear yn 't jier kaam hy
om te fernimmen oft d' abdij
mûlk skandelik geroft bedrige,
wêrtroch men in kweanamme krige.
925[regelnummer]
Deis doe't er kaam yn har fermidden,
lei dizze sûnderes te bidden
yn 't koar en sei har bea fol twivel
en grutte twastriid, want de divel
ferlokke har, dat hja har skamme
930[regelnummer]
en diel har skand' en sûnd'ge namme
yn bychtsjen oan de abbet mei.
En wylst hja sa te bidden lei,
seach hja bylâns har eagen gean
Ga naar eindnoot*in jongeman yn wite klean.
935[regelnummer]
Hy droech op d' earm in neaken bern;
it bern wie dea, tocht hja te sjen.
En op en del smiet dy jongfeint
in appel, en dy waard wer heindnoot
foar 't bern; hy boarte sa aloan,
940[regelnummer]
De nonne seach dat tige skoan,
wylst hja yn har gebedens lei.
Hja frege: ‘Freon, as 't wêze mei,
dat jo hjir kommen binn' fan God,
dan smeekj' ik jo by Syn gebod,
945[regelnummer]
dat jo my sizz' en klear bekenn'
wêrom't jo boartsje foar it bern
mei dizze moaie appel rea.
It leit dochs yn jo earmen dea?
| |
[pagina 41]
| |
Jo boartsjen jout him net in spier.’
950[regelnummer]
‘Non’, sie de feint, ‘nee, dat is wier.
'k Wit fan myn boartsjen absolút
net folle; nee, noch net in sprút.
It bern is dea, en sjocht noch heart.
Krekt en allyk wit God ek net,
955[regelnummer]
dat jo hjir bidd' en fêstje. Wyt,
sok boetsjen jout jo net in byt.
Omdôch is alle lêst en lijen,
dat jo frijwillich jo kastije.
Jo binn' yn sûnden sa fertiisd,
960[regelnummer]
dat net ta God jo bidden riist
dêrboppe yn Syn himelryk.
Ik ried jo, hastich op besyk
te gean by d' abt, faar fan jo siel.
Fertel jo sûnden him alhiel,
965[regelnummer]
ja, sûnder ligen allegearre.
Lit net de duvel jo ferdjerre.
De abbet sil jo frijspraak skinke
fan alle sûnden dy't jo krinke.
Mar wolle jo se net útsprekke,
970[regelnummer]
dan sil God swier oan jo se wrekke!’
De feint gyng út har eagen wei,
ferskynde har net mear dêrnei.
Mar wat er sei, hie hja ferstien.
De oare moarns gong hja meiien
975[regelnummer]
nei d' abt en frege him faksearre
har bychtsjen wurd foar wurd te hearren.
De abt wie in ferstannich man.
Hy sei: ‘Myn dochter, leave non,
it bychtsjen wurdt jo net ûntsein.
980[regelnummer]
Betink jo goed en doch folslein
fan al jo sûnden my ferslach.’
En dêrop gong de nonn' opslach
sitten nêst d' abt sa from fan steat,
| |
[pagina 42]
| |
en lei him hiel har libben bleat,
985[regelnummer]
har wannel sûnt it earst begjinnen:
hoe dat hja troch in dwaze minne
sa bjuster yn ferlied brocht wie,
dat hja benefter litten hie
't habyt, om 't op in nacht fol frezen
990[regelnummer]
op 't alter fan Us Frou te lizzen,
en mei in man 't konvint út rûn wie,
dy't doe by har twa berntsjes wûn hie,
Al wat hja ea dien hie oan evel,
dêrfan ferswijde hja gjin grevel;
995[regelnummer]
al wat hja wist djip yn har siel,
bekende hja de abt alhiel.
En doe't hja alles bychte hie,
joech d' abt, dy fromme faar, beskie:
‘Dochter, ik sil jo frijspraak skinke
1000[regelnummer]
fan alle sûnden dy't jo krinke,
en dy't jo my belieden niis.
Dêrom mei eare, lof en priis
de Mem fan God, Marije, ha!’
Hy lei har op 'e holl' er ta
1005[regelnummer]
de hân en skonk ferjeffenis,
en sei: 'k Sil yn in preek foarwis
jo bycht yn 't iepenbier ferklearje,
mar dy sa hoeden presintearje,
dat jo noch ek jo bern hjirmei -
1010[regelnummer]
op hokker plak of tiid tenei -
ea mear jit smaad en skande krije.
It wie ferkeard, soe men 't ferswije,
dit hearlik wûnder, dat ús Heare
ferrjochte hat, Syn Mem ta eare.
1015[regelnummer]
'k Sil rûnom tsjûgje fan dit wûnder.
Ik hoopje ek, jit mannich sûnder
sil troch 't eksimpel him bekeare,
Marije, Us Leaffrou, ta eare.’
| |
[pagina 43]
| |
Ear 't er nei hûs wer gong, die earst dêr
1020[regelnummer]
de abt te witten oan it kleaster,
wat ienris bard wie mei in non.
Hja wisten lykwols neat derfan
wa't hja wol wie - dat bleau ferhoalen.
D' abt reizge ôf, oan God befoalen.
1025[regelnummer]
Hy naam de non har beide bern
en liet har yn syn hoede tsjen.
Ga naar eindnoot*In skier habyt joech hy dy twa;
twa brave minsken waarden hja.
Ga naar eindnoot*Har mem dy hiet fan Béatriis.-
1030[regelnummer]
Jou God no lof en ear' en priis
en oan Marij, dy't Kristus droech
en ús dit swide wûnder joech!
Hja joech út alle need behâld.
Lit ús no bidde, jong en âld,
1035[regelnummer]
Ga naar eindnoot*dy't dit mirakel hearr' yn 't lêzen:
mei Mem Marij ús foarspraak wêze
Ga naar eindnoot*yn Josafat syn delling swiet
dêr't God it oardiel seit oer d' ierd.
Amen
|
|