tyf binne te finen yn twa legindenboeken fan de Cisterciënzer muonts Caesarius fan Heisterbach (in abdij by Köningswinter, Súdeast fan Bonn). Dy boeken, beide út 'e earste helte fan de 13de ieu, geane oer wûnders, sa't de titels al sizze: Diálogus miraculorum (=petear oer wûnders) en de Libri octo miraculorum (=acht boeken oer wûnders). Mei it lêstneamde boek hat de middelnederlânske leginde it measte mien. Dochs binne der gans ferskillen; by Cesarius komt Béatrys har bycht bygelyks net foar. Dat men moat net tinke, dat de ûnbekende dichter in skriftlike tekst bewurke hat (naar 's lands gelegenheid verdietst). Nee, hy hat in eigen foarm jûn oan in him mûnling oerbrocht teltsje:
‘Volcomelijc na der waerheide, Als mi broeder ghijsbrecht seide’ (r. 13 en 14). Dêrby moatte wy wol betinke, dat foar de leauwigen yn de Midsieuwen, de wierheid hiel wat oars wie as uzes, ja dat de wierheid hast it tsjinstelde is fan de ierdske wurklikheid.
Fan alle ferzys dy't der besteane oer it ferhaal fan de kosterinne, is de Flaamske dichter sines fierwei de moaiste. De dichter moat in grut skriuwer west ha: de sobere styl, de ienfâldige, suvere taal, de serene ynhâld, de djipgeande karakterbeskriuwing fan de fallen frou, de dimmene ynbannigens by in tear ûnderwerp tsjûgje allegear fan syn keunstnerskip.
It ferhaal is ienfâldich, mar goed fan taal, mei goede pearrimen en hast sûnder stoplapen. De struktuer is goed trochtocht en lykwichtich; nei in koarte ynlieding folget de motivearring fan de sûnde (37-248) dan it sûndigjen sels (249-396) en de gefolgen dêrfan (397-482) en nei it jierrenlange wûnder it weromgean (tink oan de gelikenis fan de ferlerne soan) en einlings op 'e nij it ferbliuw yn it kleaster. De byfigueren (har man en bern) wurde licht sketst, mar Béatrys har aard wurdt klear tekene: sa't hja earst lijt ûnder de oermacht fan har ierdske leafde en letter beswykt ûnder it berou oer har swiere skuld.