13
Nei syn earste prostaatoperaasje lei er op in seal mei seis bêden, tusken twa mannen yn dy't harren krupsje betsjoenden troch heech op te jaan fan har seksuele prestaasjes yn it ferline. Har ferslach tilde op fan wurden en útdrukkings dy't foar ús heit it lûd hiene fan in neil op in skoalboerd. Op syn protesten sloegen se gjin acht. De iennichste ynfloed dy't er op it petear hie, wie dat se wat lûder prate moasten. Hy lei der misbrûkt by.
Doe't ik oan syn bêd siet, in pear dagen nei de yngreep, kaam der in frommeske yn dy't mei in ferromme glimke yn ien fan de trije oare bêden har man of heit werkende. Ien fan de fersierders stuts in middelfinger op, de piamamouwe sakke om syn tatoeëarre earm wei.
‘Dêr moast ik nochris oerhinne. En dan do my mei in hinnefearke efter de kloaten hysje, Knillis.’ Hy lake skurf. Knillis flokte ynstimmend. It klonk ûnfoech yn dat sealtsje en it bleau lang hingjen.
Us heit besocht op ien earm omheech te kommen, mar út it bêd by de frou kaam in oerslaand lûd:
‘Do smoarge smearlap!’ Us heit sakke werom yn 't kjessen.
De reaksje taaste de tatoeaazjeman net op 'e lever.