8
Op in sneintemoarn yn desimber kaam in hommels ein oan it krêftich meilijen op 'e wize fan psalm 6. Hy sil my wol thúskommen heard ha, dy nachts om in oere of twa, mar hy wie lizzen bleaun. Soe mem him keard ha? It wie njoggen oere moarns, de toersklok galme al, mar myn nacht stie noch rjocht oerein.
Hoe vrolijk gaan de stammen op!, rôp er driigjend, wylst er myn doar en de gerdinen wiid iepen luts en de lampe oanknipte. Hy bleau yn 'e doar stean.
‘Heechste tiid, jonge, dûmny Barends út Aldskoat giet hjoed foar mei in kategismuspreek. Zondag 14: Wat is dat gezegd, ontvangen van de Heilige Geest, geboren uit de maagd Maria?
Ik kaam oerein.
‘Wat is dat gezegd? Ik sis dit: Ik kom wol fan 't bêd ôf, mar ik gean net mei!’
Ik seach hoe't in ferskuorrende grammoedigens him troch de lea luts. Hy die in stap oer de drompel. Ik sprong derôf en stie flak foar him, in heale kop grutter as hy.
‘Reitsje my net oan, oars...’
Ik woe sizze: ‘Oars begjin ik in ûngelok,’ mar myn stim rûn fêst. Wy stiene stokstiif foar elkoar oer, yn dy krampeftige hâlding fan maartske boarren, sydlings útwikend en neierjend, blazend, mei fûle bekken, kromlutsen rêgen, sturten as húskeboarstels en djip yn 'e bealch in oanboazjend gûlen. Ik hie wier it gefoel dat my it hier rjochtop stie. By ien beweging tichter nei my ta soe ik him