7
Ik draai my wer om nei de keamer. Us heit leit nei it plafond te stoarjen. Hy hoastet. Jacob makket syn plak oan it hollenein frij. ‘Se bedoele it hjir goed. Ik mei net kleie, mar as ik op bêd bliuw, gean ik hurd efterút, dat is fansels. Sjoch, it tilt hjir op fan 'e stumpers dy't wenne moatte oan har ein. Mar se moatte my net oer ien line lûke mei dy âldsjes. Ik moat, eh... revalidearje, dat hast se dochs wol dúdlik makke?’ Hy tilt de holle op en sjocht my oan. ‘Dat witte se dochs?’ Ik bûch my nei him oer.
‘De foarige kear klage heit dat er der hieltyd ôf moast, dat se rekken hâlde moasten mei heit syn kondysje. No, se ha it oer “algehele uitputting”. Ear't der oefene wurde kin, sille earst de krêften weromkomme moatte. Dat nimt wol in wike of twa.’
Hy snúft.
‘Wat seist? Twa wike? Wêr hast it oer, jonge. Wêr soene dy krêften dan weikomme moatte? Oer twa wike bin ik te stiif om de iene foet foar de oare te krijen. Mem moast nei har heupoperaasje daliks wer rinne. Oars wie der kâns op... hoe hjit dat, sa'n bloedklute...’
‘Tromboaze.’
‘Watte?’
‘Tromboaze!’ rop ik.
‘... wie der kâns op tromboaze. Libbensgefaarlik. Sa'n klútsje kin yn it hert of yn 'e harsens telâne komme en dan hast in beroerte, kinst yn ien klap ferlamme reitsje, of stom. It bloed moat streame, de spieren moatte wurkje. En as ik yn beweging bin, yt ik ek better,