sinnblommen beskildere ein, op 'e weromreis fan in wykje Amelân. Se rûkten noch swier nei sûnde en sinne en liken my as in neigerjocht te sjen. Ik holp har om it lêste bier op te meitsjen.
♦
‘Kijk, Hattum. Jij lietum los, ik hattum vast.’ Se joegen in toeter fan in joint troch. ‘Over welk water zou die IJsselbrug nou eigenlijk liggen? Eens lekker van zo'n brug af zeiken in de rivier, en dat die straal dan als je klaar bent als een gouden speer in de diepte verdwijnt... wauw!’
Se songen I can't get no satisfaction, klapten heale rútsjes iepen. Wâljende wolken reek en hier om my hinne. Dy neist my op 'e efterbank (‘Hai, ik ben El’), wipte by Heerde in titte, noch glei fan 'e sinne, út 'e hals fan har truike, seach der leaf nei, kniep de brune spien yn myn rjochting en frege mei in memmestimke:
‘Je bent toch niet bang voor die meneer?’
De ein makke spronkjes fan wille.
‘Zie je hoe geil dat landschap hier is?’ rôp de rodzige sjauffeuse.
‘Hé, feut, spit it up, hoe vind je deze wiet?’ Oer it bleate skouder lange se my it walmjend geniet.
Ik naam in haaltsje en joech it fredespypke troch oan El, dy't har brune skonken ûntspand op 'e bank luts en har boarst noflik luchtsje liet. De wyt die my tinken oan winters yn myn bernetiid, as it rak mei waskguod te ticht by de kachel stie, mar dat sei ik net. Lofts en rjochts rôle de Feluwe foarby en ik besocht my yn te tinken hoe't it wêze soe om dêr yn 'e bosk troch harren oerweldige en ferkrêfte te wurden. Sûnder mis om't se myn swijsumens net as opwinend beskôgen en ik te skiterich wie om myn bydrage yn it ûndogense poppespul foar it ljocht te heljen, dumpten se my op in flechtstripe by Apeldoorn, want dêr hiene se noch in fergetten pukkel ôf te leverjen by in kazerne, foar sersjant Joepiajee, Joepiohoo Snorremans.
It wie opfallend stil dêr yn 'e berm.