Ik wie ús heit kwyt. Wer wiene der eksploazjes yn it foarhûs en batste fan alles troch de finsters, dakpannen stoden troch de loft. Hy kaam wer foar 't ljocht.
‘It is ferskrikkelik. Frou Baarsma dea.’
Gjin blinderhalem, gjin maleur. Dit wie slimmer.
Wy waarden efterút dreaun. Baarnende stikken hout kamen oeral op it hiem telâne. De hite wie op fyftich meter ôfstân fielber. De wetterstrielen liken taastende teisters yn it wâljende fjoer.
Mei it sein ‘brand meester’ de oare middeis, doe't de pleats as in rikjende houtskoalruïne yn it folle ljocht stie, tekene de brânwacht syn ferlies.
Mei de tadracht kaam ús heit dy jûns by it iten. Der wie ynbrutsen. De boerinne hie wat heard yn 'e keamer en gong derôf. Doe't se net werom kaam, sette Baarsma ek nei ûnderen. De frou lei foar it oanrjocht yn in dobbe bloed, mei it breamês dwers troch it hert. De gerdinen stiene yn 'e brân. De ynbrekker wie flechte troch de skuorre en hie it hea yn it foarbygean ek nochris op in tal plakken oanstutsen.
Se pakten de dieder al rilligau. It wie Gommert Kikkertbek, dy't eins Dikkerberg hjitte. In wurkleaze jongkeardel mei in grutte bek en in kweakjend lûd, dy't mei syn freondinne Tilly Tyt (leave titen) deunby yn in arkje wenne.
‘Ynbrutsen, betrape, yn panyk de boerinne delstutsen en besocht de spoaren út te wiskjen.’ Alteast, dat wie de lêzing fan dûmny Ruis. Us heit seach it in slach oars. Gommert wie mear as samar in misdiediger. Hy wie in moardner sûnder gewisse, dy't him yn syn habsucht troch neat en nimmen keare liet. Dy't likemin respekt hie foar eigendommen fan oaren as foar har libben. Foar sa'n man wie gjin straf te swier.
De predikant stuts in bulte tiid yn syn pastorale taak. Hy brocht Gommert alle wiken in besite yn it hûs fan bewar en syn Tilly op syn minst twaris de wike yn har arkje. Doe't ús heit nei in goed