stjoerde mem en my de dyk op mei in kollektebus, dêr't yn reade letters op stie: Met PIT op PAD. De opbringst wie foar it Protestants Interkerkelijk Thuisfront, dat it geastlik wolwêzen fan ‘ús jonges’ op peil hold. Dûmny Ruis krige oardel jier ferlof foar syn frijwillige militêre tsjinst en klattere út en troch yn in frij wykein yn syn unifoarm by de preekstoel op. De pet lei er op 'e râne. Hy fernijde oer de kadaverdissipline en de sinleasheid fan it kriichsbedriuw yn fredestiid.
Ook een soldatenhart is niet van steen,
waarom schreef jij die brief en liet me zo alleen?,
galme er gûlerich, doe't it gong oer de ûnderstelling dat de tsjinstplicht keardels makke fan memmepopkes. Syn ûnderfining wie oars: ferfeling, drank en seks wat de klok sloech, dêr yn dy kazerne. Nee, dy hiele tsjinstplicht wie in gefaar foar de folkssûnens. Noch nea hie in predikant yn ús tsjerke it wurd seks yn 'e mûle nommen. It like my, krekt as dy smartlap, gjin wurd fan God, en ‘suver betsjinje’ koe der dus net op fan tapassing wêze.
Soms lake er húnjend, dêr ûnder dat kânseldak mei dy hingjende houten ikel boppe de holle. Hy hie gjin geef gebyt.
Yn 'e jierren dêrnei hie dûmny Ruis in progressive toga mei in lange rige knoopkes oan en in nuvere wite slabbe foar. Der hearde ek in seishoekige baret by. En de preken waarden koarter.
‘Het is mooi weer, gemeente, ik zou zeggen: Verheugd van zin de schepping in!’ It wie krekt ús natuerkundeboek fan 'e legere skoalle: ‘Met oog en oor de wereld door’.
Nei't er op in moarn preke hie oer de útspraak fan Jezus: Wie niet voor mij is, is tegen mij, in learrede dy't ús heit syn hoeden ynstimming weidrage koe, kaam er middeis mei de tekst Wie niet tegen mij is, is voor mij, ek in sitaat fan de Hear, dêr't er him gefoelich mei fan 'e soallen lichte.
Yn de konsistoarje fertroude dûmny syn âlderlingen en diakens ta: