‘Jo en ik soene dat naasje dêr yn Den Haach oars noch wolris op it harspit nimme wolle, of net mem? As mem noris ûnderwiis nimt, en ik justysje, dan helje wy tegearre it lân út 'e nederklits.’ Hy mike har raar oan. Us mem kaam oerein en frege, wylst se bûten syn eachweid warskôgjende gebearten makke oft wy faaks wat oars drinke woene.
Sûunt it ferstjerren fan ús mem besiket Ina wol mei ús heit op fertrouliker foet te kommen, mar it minefjild fan it ferline leit tusken har yn.
Jûns by it iten fertel ik har oer de lêste ûntjouwingen.
‘Hy wol de lieding dus dochs yn 'e hannen hâlde,’ seit se, ‘ek as er him oerjout.’
As ik in wike letter wer foar ús heit oer sit, knypt er yn 'e stoelleunings.
‘Kinsto dêr no yn de goedichheid by? Alwer maleur. In healjier, miskien wol in jier wachtsje! Binne se dêr dat nije gebou oan it fertimmerjen. Nije noarmen, in pear fjouwerkante meter derby. Wat moat dy âlderein mei dy romte? Ik ha genôch oan in keamer fan fjouwer by fjouwer mei in bêd en in waskbak. Ik hoech gjin lisbad. Wolle se ús fersûpe litte soms? Op It Hearrenfean ek alles fol? Leausto dat samar allegearre? En hoe krijsto no yn 'e frede Wolvegea yn it hier? Wolvegea! Wat ha wy dêr oan 'e oare kant fan de Tsjonger te sykjen? Jonge, wêrom brûksto dyn ferstân net? Ik ha it al lang yn 'e rekken, sa wurdt it neat, blinderhalem. Do litst dy gewoan ôfskepe. Dat soe mem hiel oars oanpakt ha. Se hiene my ôfskreaun, yn '83 dêr yn Drachten. “Het spijt ons, meneer Wisch, maar dat gezwel zit achter het hart. Daar is niet bij te komen. Neemt u maar afscheid.” Se tochten dat der gjin muzyk mear yn siet.
“Nou,” sei Femke, “dat zullen we dan nog wel eens zien.”
Afijn, sy nei Grins belje en de saak útlein. In wike letter sitte wy foar dy arts, en dy man ûndersiket my en hy seit:
“Hoezo achter het hart. Kletspraat van Klovenkamp!” Als u zorgt