28
Dy jûn skilje ik Nyls. Hy is op 'e hichte fan de sitewaasje yn Sinnejûn.
‘Dat kinst ynearsten wol ferjitte. Se binn' oan it ferbouwen. Nije foarskriften út Den Haach. De apparteminten wurde grutter makke. De leefkwaliteit moat omheech. Dat betsjut dus minder plakken, wylst al in wachtlist bestiet fan mear as tachtich minsken. It kommende healjier sille heechút tsien fan har plak krije, of it moast wêze dat yn dat tehûs in epidemy útbrekt. En dy urginsje... Nei in oanmelding giet standert ien mei in checklist nei sa'n adres om fêst te stellen ûnder hokfoar kategory... ferwachtsje der neat fan.’
‘Checklist? Is dat de intake dêr't er it oer hie?’
‘Intake? Ja, dat sil 't wol. It giet om in foarseleksje. Kin er op 'e list komme of net. Ik bin bang dat it net folle mear is as in formaliteit.
Nyls hat wol wat kontakten mei oare fersoargingshuzen, mar oeral besteane wachtlisten. En oeral sjochst dy kwaliteitsferbouwings. Op It Hearrenfean, yn Wolvegea, is de wachttiid faaks in bytsje koarter, mar hy hat der in swak moed op. De soarch hat prioriteit yn it regearbelied, mar dan wol as besunigingsterrein.