It ferset
(2004)–Harmen Wind–
[pagina 85]
| |
de fuortsetting fan it bânferhaal. Ik ha him juster, op ús mem har jierdei, net skille. Hy wol dy dei net yn it teken fan it weromtinken sette. It is tweintich oer ienen. Om twa oere ferwachtet er my. Ik sil fiif minuten te let wêze. Yn it noarden hinget in inketswarte loft.
By it tichterby kommen fan Staphorst begjint de dyk fertroud te weagjen. De ûndergrûn moat hjir âlde sompe wêze. Deselde dêr't ea, wat fierder nei it noardwesten, yn 'e omkriten fan Giethoorn, it feandoarp Beulake út ûntstie, komôf fan myn foarâlden. It liet syn namme nei oan 'e mar dêr't it yn weirekke. De stoarmfloed fan 17safolle hat har nei Fryslân ferdreaun, dêr't harren neiteam feanbaas, winkelman of feehâlder waard. Us heit syn oerpake wie noch feanbaas, krekt as dy fan ús mem. Ierdminsken. Oan 'e súdkant fan Boarn leit de âlde feanderij, De Deelen, dêr't oant fjirtich jier lyn de waarmte foar de winter út it wetter baggele waard. ♦ Rûnst der, troch de greiden, in healoere oer, nei de petgatten en de stripen, dêrst fiskje koest en swimme. Ik seach dêr, tegearre mei myn neven, turftrapers oan it wurk, in stik of tsien âldmannen út De Tynje en Beets. Us heit sei dat der earder folle mear wienen, fral yn de oarloch. ‘De oarloch wie in goeie tiid foar de turfmakkers. De nije tiid knoeit har. It is foargoed maleur. Der sit gjin takomst mear yn 'e turf.’ Troch it lân krinkelen twa soarten paadsjes: hazzepaadsjes en turfmakkerspaadsjes. Op 'e fyts rieden se nei de petgatten, dêr't de baggelmasines leine. Smoarge koppen hienen se, it fel rûch en teskuord. Swarte neilen oan 'e bonkige hannen. Swijers wiene it. Ien kear mar ha ik mei in turfmakker praat. Hy hie brune tosken. Foar de ôfkôge stâle fan syn pipe miste er twa. | |
[pagina 86]
| |
‘Soa. En fan wa is hy ien.’ ‘Fan Wisch,’ sei ik. In snjit reek walme him út 'e noas. ‘O, fan Homme en Femke.’ Us heit en mem! De turfmakker koe har. Grutsk fernijde ik it myn freonen.
Wy beseagen it wûnderlike wurk, dêr't se wiken oer dienen. In stik lân setten se ôf mei houten skudden. Dan spuiten se it, mei in piipjende baggelmasine troch in houten slurf, fol blabze. It wetter sipere troch de skreven fan it beskoaisel. Se rûnen dêr in pear dagen letter oerhinne mei klompen op plankjes, turftraapjen hjitte dat, dat dochs wol wat wei hie fan it wûnder fan Jezus op 'e See fan Tiberias. Dan snienen se it stjurre wetter sekuer, mei in grut mes tusken twa brede tsjillen. De turf waard op it lêst, om troch te droegjen, ta keunstige húskes oploege, mei reiden dakken. Húskes dêr't net ien yn koe, behalven de wyn. De turfmakkers hiene in keet op in pream. In stikmannich wennen dêr simmerdeis, op it wetter. |
|