| |
17
It pleatsen fan dizze twa stikken nei elkoar soe de yndruk fêstigje kinne as woe ik de ‘trouweleasheit’ fan Fedde Schurer yn it ljocht sette troch sjen to litten hoe't hy in krityske ‘tsjinst’ út 1956 sawn jier letter biantwurde mei in ‘wantsjinst’. Dat is myn doel alheel net. Myn skôging is trouwens yn it positive krekt like ûnbillik as syn skôging yn it negative. Ik brûk de tsjinstelling wol as in yllústraesje fan hwat ik yn myn praetsje oer Schurer syn emosionéle ynstelling sein haw op it stik fan de literaire krityk. Ik bin der wis fan dat as ik yn novimber 1963 nei him tagien wie en ik hie sein: ‘Fedde, ik haw sa'n fortriet hawn fan dyn krityk’, dat er dan yn gûlen útbarst wie en sein hie: ‘En ik ha der noch mear spyt fan as dou fortriet’. Sa wied
| |
| |
er. Mar by al syn goede hoedanichheden kin men him net ta de goede literatuerkenners rekkenje. Hy skeat soms raek en like faek mis. It wie in kwestje fan krekt sa't it foel. Dêr is dizze krityk - dêr't ik nou echt wol om laitsje kin - in treffend foarbyld fan: hy forliest him yn emosionéle útbarstingen en guodkeape, foar de publike tribune bidoelde grapkes. Ik wol dizze krityk net útinoar raffelje, om in ‘tsjinkrityk’ giet it my net - as ik dat wold hie, hie 'k it doe dien - mar om in nijsgjirrich forskynsel, as krityk dy't yn wêzen mear seit oer de kritikus as oer de bisprutsene, as in foarbyld fan in oant it uterste trochfierde, âlderwetse yndrukke-krityk op libbensbiskoulike basis, dêr't elk each foar strukturéle saken ûntbrekt. It blykt bygelyks hjirút, dat Fedde Schurer alheel net sjoen hat dat myn ‘Smearlappen’ yn de ik-foarm skreaun is, in bychtkarakter hat en dat de psychologise forklearringen dy't er fan my easket yn dat ramt alheel net passe. Yn itselde flak leit syn oukear fan myn saneamde ‘smoarge wurden’. Hy hie him oufreegje kinnen oft it brûken fan dy wurden yn 'e mûle (of út 'e pinne) fan sa'n jonge frou as Eelkje wol rjochtfeardige wie; mar dat docht er net; hy stelt allinne fêst dat hja de tael net op bysûndere wize forrykje en dat hja net bydrage ta in forklearring fan de ‘karakters’. En as er dan in ‘foarbyld’ neamt, neamt er gjin foarbyld, mar bigjint er to krimmenearen oer myn ‘lêzersrounte’. In serieuze kritikus sil noait de lêrzersrounte brûke as tsjûge foar of tsjin in boek.
It grappige is, dat er in jier letter, doe't it sin blykber better wie, mei de heechste himelse super-lof spriek oer in oar frysk boek dêr't ik op 3 bledsiden bihalve rotsoai, skyt, frek, kont en twa kear frette net minder as njoggen kear stront tel. Oars ek gjin wurden dy't de tael op in bysûndere wize forrykje. Dan is de fizewurde-foby yn ienen oer.
Mar by einsluten net dàt en ek net syn moreel oardiel oer dingen dy't der niks mei to meitsjen hawwe, net ienris oer syn persoanlike insinuaesje oer myn seksuëel libben haw ik Schurer kwea-ounommen. Wòl de guodkeape grapjasserij mei de flaptekst fan ‘De Smearlappen’, in tekst dêr't sûnder mis in rookje
| |
| |
èn fan kommersialiteit èn fan haestwurk oan sit, mar dy't fierders gjin leagens fan bûtenwenstich formaet bifettet. De flaptekst wurdt hjir net as sadanich foroardiele, mar brûkt om it boek to kreakjen. En ik soe dêroer nòch net sa rekke west hawwe, as Schurer syn eigen flapteksten oer alle boegen krityk forneare koene. Om in aerdichheit helje ik ris in flaptekst fan syn eigen wurk foar 't ljocht, dêr't ik dan ek mar fan oannim dat er ‘grif net sûnder oerliz mei de skriuwer ta stân kommen’ is, dy fan ‘Beam en bast’. Hwat siz ik: flaptekst? Der binne op dit boekje fan 160 bledsiden mei (inkelde goede en in mannich midsmjittige en ek wol minne) forhalen mar leafst trije flapteksten loslitten. Ik wol der dochs hwat út sitearje. De earste bigjint sa: ‘It forskinen fan de forhalebondel Beam en Bast soe men om twa reden in grinsforbrekking neame kinne.’
Ik nim oan, dat reden net it meartal is fan reed, mar fan reden; ik nim ek oan dat Schurer of syn hantlanger, net bidoelt ‘grinsforbrekking’, mar sokssahwat as terreinforbreding. Fierder:
‘Earstens hat Fedde Schurer him as dichter, dramaturch en essayist tsjinoer it forheljend proaza altyd bigrinzge witten’.
Earstens is in germanisme; it wurd dramaturch wurdt tsjintwurdich hast allinne mar mear brûkt foar: tonielkenner, skriuwer oer toniel- of regytechnyk; mar ik jow ta: neffens Van Dale kín it ek noch toneeldichter bitsjutte; dus toemar. Mar hwat bidoelt de man mei ‘hat him bigrinzge witten’? Schurer hat earder noait forheljend proaza skreaun (net helendal wier, leau ik). Hwerom dat net ienfâldich konstatearre? Fierder:
‘Pas yn de jierren nei de Twade Wrâldoarloch hat er in rige forhalen skreaun, dy't syn oeuvre forbreedzje en it tagelyk in folslein nij faset jowe’.
Dat faset is wol hwat in outrape skoech, mar dizze sin litte wy foar hwat er is. Fierder:
‘Twad nimme dizze dynamyske forhalen in eigen plak yn yn de Fryske proazaliteratuer, fanwegen har oarspronklikens fan in strakke persoanlike styl dy't tsjûget fan forbylding en werkelikheit.’
| |
| |
Twad - is in wjerslach op ‘Earstens’ út 'e twadde sin, soe dus in twadde reden ta ‘grinsforbrekking’ ynliede moatte, mar dat kloppet net. In eigen plak fanwegens oarspronkelikheit troch persoanlike styl is in rige neatsizzende, pleonastise klisjé's; forbylding en werkelikheit is gjin goed alternatyf; hie ‘wurklikheits-sin’ of sokssahwat wêze moatten. Fierder:
‘Fedde Schurer hat as proazaskriuwer de eigenskippen fan de dichter bihâlden’.
Dus: sà nij wie it faset út sin 3 dochs ek wer net. Fierder:
‘Syn forhalen binne strak en byldzjend, en hawwe de spontaniteit fan in libbene en aktive fortelkunst, dy't har yn elk forhael wer yn in stikmannich sinnen gearlûkt ta eksakte formulearringen’.
Fraech: hwa lûkt har yn in stikmannich sinnen gear ta ‘eksakte formulearringen’, de spontaniteit of de fortelkunst? Fierder:
‘It siket yn dizze forhalen net nei klimaksen en de pointe leit trochstrings net oan it oerflak’.
Dat lêste lit ik dêr, mar hwa is dy ‘it’ dy't net nei klimaksen siket? Fierder:
‘It understatement, de poétyske lading, de argeleaze windingen jowe dizze forhalen in psychologysk draechflak.’
Hwat, yn jezusnamme bitsjut dat? Dat de forhalen psychologise kwaliteiten hawwe? Siz dat dan. En hwat binne ‘argeleaze windingen’? Lêste sin, klimaks:
‘De psychology fan de skriuwer is yntuïtyf en krekt dy skerpe yntuysje fan dizze auteur jowt dat dit wurk in fin mear hat as in bears’.
‘Jowt’ - bidoeld makket. En dan dy fin en dy bears - yn 't Hollânsk oerset (mei help fan wurdboek): dit werk heeft een streepje voor. Op hwat? Op hwa?
Wy sille de iepenbiere les yn helder tinken en sindlik wurdgebrûk net al to lang mear rekke. Flaptekst 2), ûnder it blierlaitsjend portret fan de ‘auteur’ jowt trouwens allinne feitlike informaesje oer syn wurk. En mei flaptekst 3), op de efterbân, sil ik koart krieme. Dy bigjint mei de prachtige, ûnstjerlike
| |
| |
folsin: ‘Mei dizze bondel forbalen stekt Fedde Schurer de pinne tusken beam en bast’. Hoelang't dy pinne dêr sitten hat, wurdt ús net fordútst, mar der wurdt noch al tizerich bisocht de symbolyk fan beam en bast to forklearjen, hwer't men út opmeitsje moat, dat de skriuwer los fan it symboal syn pinne stutsen hat tusken it libben (de beam) en de ‘mantel fan it libben’ (de bast); wer fierder hjit it: ‘De bast is de rûge skyl hwerefter de libbenssappen stige en dy't it blanke hout bidekt.’ It libben is dus it blanke hout sels. En by einsluten, as wy der ek noch oan wend rekke binne, dat de skriuwer dizze forhalen ‘opgnist’ mei ‘boartlike irony en filosofy’, docht noch bliken dat yn dy tipys dichterlike biskriuwing de minske stiet ‘as in beam iepen en bleat ûnder de himel’: hwer't de bast ûndertusken bidarre is wurdt ús net forteld.
Nou ja, de rest is navenant, mar hwat ik sizze woe: immen dy't sokke godgeklaegde kul op syn beam en syn bast printsje lit (yn 1963) hie him better de bek hâlde kinnen oer de flapteksten (1963) fan in oar, tocht ik (yn 1963 en noch gâns in skoft dêrnei).
Myn earste moeting mei Fedde Schurer wie op in hast symboalys plak: op 'e nachtboat fan de Lemmer nei Amsterdam, yn 1939 of '40. Myn namme hie doe al frijhwat kearen ûnder mear of minder slagge literaire misbaksels stien yn blêdden en tydskriften en doe't ik my, nochal bleu-eftich nim ik oan, bikend makke, waerd dat daliks in fleurige boel yn dy sombere stjonkende kajút. Dochs siet der, lei my sa by, doe daliks al in elemint fan intimidearre-wêzen yn. By al syn fleurichheit en kammeraetskip wie Fedde Schurer noait jins (ik bidoel fansels: myn) gelikense. Fan dat gefoel haw ik my noait frijmeitsje kind, en dat sil minstens sa folle oan my as oan him lein hawwe.
Ik haw koart dêrnei nochris by him útfanhûze oan 'e Admirael de Ruyterwei, en it mei my noch tinke, dat er yn myn ûnderdûkerstiid op in simmerdei yn as 't my net mist 1943 ris op 'e fyts delkaem út 'e Lemmer yn Langwar, dêr't ik doe as in soarte fan alibi allerhande plannen en konsepten foar letter oan it útbrieden wie, ûnder oaren ek in nochal pretinsieus kultuerplan foar nei-de-oarloch. Syn bisite sterke ús beide yn ús wurk- | |
| |
enthousiasme - de forskrikking fan de oarloch woede op dat stuit alteast wol héél fier fan de réaliteit ou - en ik nim hast oan dat dy reis fan him út 'e Lemmer wei de saek fan ‘De Rattelwacht’ ta doel hie, dy't winter 1944 ta stân kaem, mar dy't ik pas yn maeije '45 to sjen krige.
Dêrtusken leit dan ek noch de oprjochtingsgearkomste fan De Tsjerne, om krysttiid 1943 hinne: ‘midden yn 'e oarloch, hawwe wy by surrogaetkofje en eigenboude tabak it bislút ta stifting nommen’, seit Schurer yn it earste nûmer fan De Tsjerne. It heucht my likegoed, dat restaurant Piso op oanstean fan de hear Van Rossum doe noch in achterdoarke hie foar in skoander miel. Fierder wit ik fan dit barren sa goed as neat mear, as allinne dat de namme Tsjerne, dy't by Fedde djip siet - al foar de oarloch, doe't de oarlochssimbolyk fan it tsjernjen per molkflesse noch alheel net meispile, hied er mei Inne de Jong en oaren plannen hawn foar in tydskrift dat sa en net oars hjitte soe - my net wyld makke; my to agrarys; to âldfrinzich; sels tocht ik oan in heel oar soarte namme, hwat yn 'e trant fan ‘glês’ of ‘kristal’. Mar ik haw my stilhâlden, wierskynlik ek wol hwat intimidearre troch de ‘greatelju’ dêr't ik as fierwei de jongste mei forkearde, en dat moatte bihalve Schurer: Jan Piebenga, Freark Bergstra en Douwe Tamminga west hawwe, foar my doe al lju mei swiere reputaesjes.
Nei de bifrijing, binammen, nei Schurer syn forhúzjen nei it Hearrenfean - plak my út myn H.B.S.tiid bikend, mar dêr't ik him net pleatse koe - komt dan dy lange rige redaksjegearkomsten, dêr't it Tsjerne-archyf grif mear fan fêsthâlden hat as myn ûnthâld. Der hawwe by myn witten noait gjin grutte konflikten west, mar der wiene wol dúdlik twa bilangetsjinstellingen. It iene uterste wie Fedde, dy't de gearkomsten natuerlikwei brûkte om der, al piipdampend en moppen en anekdoaten fortellend en fersen deklamearjend, wiidweidige gesellige jounen fan to meitsjen. En ik wie binammen de man dy't de dingen leafst sa saeklik mooglik oanpakte en dat dan ek wol fornimme liet.
Yn dyselde jierren hat Schurer gauris in bimiddeljende rol
| |
| |
spile yn persoanlike swierrichheden dêr't ik doe yn forsille rekke. Reden ta tankberheit haw ik mear as in bytsje: hy stie altyd ré - ek yn oare dingen, bygelyks de gearstalling fan ‘Frieslands Dichters’, dy't er tige folge - en dat dy swierrichheden har by einsluten net oplosten sa't er him dat foarsteld hie, hat grif ek meiholpen tahwat ik altyd as in soarte fan forwidering field haw dy't aksintuëarre waerd (mar nèt ta in persoanlik konflikt útgroeide!) troch myn út De Tsjerne gean, ein 1953. Ik haw dêr al forslach fan dien, mar ik leau achterou, dat de affaire-Wybenga mear de direkte oanlieding wie fan hwat dat al lang mei my dwaende wie: wurgens fan it redakteurke- en dus skoalmaster-boartsjen, binammen ek fan it administrative gedoch fan printkladden, roun- en weromstjûren fan kopij, ivich moanjen by de meiredakteuren en briefkjen. Troch myn eigen iver en tsjin myn sin waerd ik oanienwei mei De Tsjerne identifisearre, sawol yn it negative (de ‘beul fan Fryslân’, mar miskien is dat mar in leginde) as yn it positive, hwat ik winliken noch biroerder foun. Myn winsk om earnst to meitsjen mei in proefskrift, hat der miskien ek net frjemd oan west. In mins moat trouwens syn front nou en dan forlizze, haw ik altyd sein.
Dat Fedde en ik moeten elkoar net sa faek mear. In pear kear haw ik noch by him thús west, mooglik in kear op syn buro. Hy siet ek, al woed er it faeks net skine litte, permanint yn tiidneed. Bileefd en hoeden hawwe wy om elkoar hinnemaneuvele, mar dat der hwat heakke, ek tusken him en in part fan it Fryske ‘kultuerlibben’ (sil ik it nou mar neame), fornaem ik op in Tsjerne-middei dêr't it gyng of gean soe oer moderne poëzij, en dêr't Schurer, ear't der mar ien wurd, lit stean in mis wurd, fallen wie, al emosioneel útbarstte yn in troch neat forantwurde krityk op ‘de jongerein’, dêr't er allinne syn eigen misledige-wêzen yn oantsjutte, as wie de hele ‘moderne’ poëzij allinne útfoun om spesiael hìm to hunen en to bistriden, It wie in bytsje tragys, foarsafier't dat wurd mei him yn forbining to bringen is. Ik wit net mear oft it dyselde of by in oare gelegenheit wie, dat er in retoarys sukseske bihelle mei to driigjen mei it iepenbier foarlêzen fan in fers fan Hessel Miedema der't it wurd ‘Kul’ of
| |
| |
‘lul’ yn foarkaem, en it doe oan it ‘ja’ of ‘né’ fan it publyk oer to litten; en dát sloech fansels yn: alle hearen en alle âldere dames rôpen lûd fan ‘né’, en dêrmei wie biwiisd, dat alteast dizze ‘nije poëzij’ weardeloas wie en oan 'e skandpeal nagele wurde moast. Bigryp my goed: ik skriuw hjir gjin skôging oer Fedde Schurer, lit stean in biografy. Yn dat gefal soe der foaroersteld wurde moatte dat dyselde man yn dyselde jierren mear as ienris, net sasear as dichter, mar wol as journalist, magistrale dingen skreaun en sein hat.
Fan de fierdere insidinten leit my noch by - mar dat wie folle letter - in hwat revoltearjende gearkomste fan it Kunstnersboun, dêr't er lûdroftich en misledige as lid fan bitanke omdat wy - net om him to hunen, mar as provosearjende died tsjin de provokaesjes fan Hindrik Algra - Gerard Kornelis van het Reve to Greonterp as lid fan it Boun foarstelden. Hy wie doe tige emosioneel laden. Mar ta in regelrjochte botsing tusken him en my kaem it net. It wie trouwens nèi de smearlappen-affaire.
Persoanlik kontakt haw ik sûnt dy tiid net mear mei him hawn. Ien kear haw ik him noch moete, op in Boekejoun yn Bolsert, as 't my net mist dy kears fan Jo Smit. Hy stiek my doe mei syn bikende golle, mar ek net alheel fan selsynnommenens frije jovialiteit de hân ta, en ik sei nochal sûr en miskien ek net alheel frij fan alkoholise wrantelichheit, ûnder it fûstkjen: ‘Ik bin oars net sa Feddeschurerich mear.’ Hy hat my dat leau 'k wol kwea-ounommen (net helendal sûnder reden) (en him letter tsjin in mienskiplike kunde biklage dat ik wegere hie him de hân to drukken, hwat nou ek wer net wier wie; ik fielde de knyp dagen letter noch) (it hie oars west, as der noch mooglikheit op in petear (útpraten) west hie, mar dat wie der net: hy soe nei hûs, hie de oerjas al oan en naem allinne mar ouskie).
It hie fansels net wêze moatten, dy demonstraesje fan myn kant. Dêr stiet tsjinoer: hy wist hwat my stiek, syn emosionéle ‘Smearlapperij’, dêr is er noait op weromkommen, ek net doe't Geart Jonkman bimiddelje woe. Hy wie net in man dy't gau weromseach en slim omtiisde mei dingen út it forline. Sadwaende naem er ek net gau distânsje fan syn eigen wurden of oardie- | |
| |
len; dy wiene nou ienris in bytsje sakrosankt, foaral as se in puntige of aforistise foarm hiene, - dêryn wied er by útstek in master. De foarm legalisearre it oardiel - en dat markearret ek in bytsje syn kommen út en nea alheel útsliten relaesje mei it esthetisisme fan de Jongfriezen (de Fryske Tachtigers).
Ik haw der wolris oer tocht om fan myn kant de stap to dwaen, en ik bin der wis fan dat er dan as in bern sa bliid west hawwe soe. Mooglik hat dat formoeden-sels my wjerhâlden; plus it ivich to-drok; plus it gjin-bilang-by-hawwen: it stadich weigliden út de Fryske boat. It hie by neijer ynsjen dochs wêze moatten. Mar skuldgefoelens haw ik yn dit stik tsjinoer him net, lykas wol tsjinoer oare lju.
It byld dat ik yn myn Ronopraetsje oan it bigjin fan dit haedstik joech, is net ûnwier, mar wol hwat flattearre. Foar my wied er mei al syn grutte kwaliteiten en al syn sjarme en al syn golle minslikheit - dêr't ik gjin wurd fan weromnimme wol - in figuer dy't út syn ekstraverte natuer wei to folle dominearje en yn it middelpunt stean moast. Hy hie in fin mear as in bears. Hy wist dat en makke der sûnder euvelmoed, yn bernlike soargeloasheit, gebrûk (yn myn each faek: misbrûk) fan. It kin ek oars sein wurde: hy waerd net frustrearre troch selskrityk en selswantrouwen; hy koe dêrtroch syn eigen boartsjen yn alle earnst opnimme. Dat akkordearre net tusken dy twa. Mar it hie fansels wol oars en better kinnen.
P.S. In man op in Tsjerne-gearkomste plm. 1950: ‘Dy romankritikus moat earst mar ris sjen litte dat er sels ek romans skriuwe kin’.
Immen achter de redaksjetafel: ‘Om aeijen to keuren hoecht men se net sels lizze to kinnen’.
Dy ‘immen’ wie ik net, sa't de leginde ha wol, mar it wie Fedde Schurer. (Miskien haw ik allinne de foroardiele kritikus west).
|
|