| |
| |
| |
Fedde Schurer
Lofsjonger fan it dûbeld paradys
It is by tiden in flau en kâld kunstke, allerhande artyste-naesje yn swierwichtige skôgingen yn twa polaire helten útelkoar to ropjen en de beide einen mei in triomfantlik ‘Sa hat it sitten’ wer yn elkoar to triuwen by wize fan synthese. Flau en guodkeap, hwant by eintsjebislút komt it der op del dat men halsbrekkende maneuvels útheeft mei in polaire tsjinstelling dy't men mutatis mutandis yn elke krintewager weromfine kin, al sil men se dêrre djipper opdolle moatte en blike se by einsluten simpelder en ûnkomplisearder as by de ‘artyst’. By de kunstner is de polaire libbenshâlding makliker to ûntdekken en bleat to lizzen, omt hy ta ‘maetskiplike’ funksje hat se yn himsels kamp leverje to litten, omt er him yn dat gefjocht traine moat, mar oan 'e oare kant is de krekte lizzing fan de poalen en har presize bineaming foar it bleate each sa waernimber net as by syn saneamde ‘tsjinfuotter’, de boarger. De minske, dichter of boarger, kin net oars libje as yn in ûntmoedigjend dualisme. Hy libbet foar de helte (lit ús it gunstichste gefal oannimme) mei de geast en foar de helte mei it fleis, syn corpus. Geast wurdt yn absolute sin automatysk ‘himel’, fleis like automatysk: ‘ierde’. Ek de winkelman libbet tusken dizze poalen, tagelyk ierdsk en himelsk (hoe't dat ierdske en himelske har dan ek by him oppenearje of..., hwat yn wêzen itselde is, kamouflearje meije), mar by him wurdt it net ta ‘konflikt’, en is it gefaer foar koartslutingen tige biheind. Hy lit syn ierdske en syn himelske sillichheit freedsum neist elkoar trochweidzje, hy manoeuvrearret ûnbiwust
| |
| |
om it konflikt hinne, hy sjocht amper of net dat der mooglikheden ta in konflikt lizze. Komselden komt it by him ta koartsluting, noch seldsumer ta in explosy, dy't namsto ûntsettender (foar hìm) is omt hy gjin útwei fynt op it forduldich papier, dat ommers alles nimt. Hjir leit it punt fan mislearre winkelmannen, mar ek fan mislearre dichters! Hwant likegoed as de explodearre winkelman kunstner wêze kin yn potinsje, wurdt de mislearre dichter (d.w.s. de kunstner dy't himsels in konflikt ynskúnd hat en trochgeand explosys to weech bringt dy't njonkelytsen de útwurking krije fan opblaesde sûkerpûden) ta in winkelman, en faeks mear as allinnich yn potinsje.
Principiëel is it dus net de polariteit op himsels dy't de dichter garandearret. Miskien sels net allinnich it konflikt, de explosy. Hwant dy kinne op in hiel oar punt losbrekke as dêr't it dichterskip him uteret. Hy hinget earder ôf fan de lytse nuancearringen yn syn polariteit, fan mooglike krusingen mei oare, minder yn 't each springende polariteiten, dy't wol yn wêzen op de ierdsk-himelske delkomme, mar der dochs in speciale nuance fan foarmje. Dêrom is it ek ryklik oerstallich, Fedde Schurer to skôgjen ûnder it simpel aspekt heidensk-ierdsk en kristlik-himelsk. Op 't lêst is ek it Walhalla, brûkt as symboal fan it heidensk-ierdske, in himelkoncepsje, al is it dan gjin kristlikenien. It giet om de wize hwerop Schurer syn himelsk en ierdsk aspekt forwêzenliket, èn om de wearde dy't beide aspekten foar de dichter hawwe en de middels dêr't er se mei uteret. De polariteit yn strange foarm bliuwt mar in helpmiddel, in wurkhypothese. Ek in formule ‘Fan twa wâllen’ wol en kin oars net wêze as dat - bileaven gjin poëtysk dilemma, gjin poëtysk credo. Men kin jin hûndert fan-twa-wâllen-fretters tinke, dy't mei
| |
| |
Fedde Schurer allinnich it rymkjen mien hawwe. It komt der op oan hoe't de dichter libbet mei syn beide helten, hoe't er him der trochskuort of him der ôfmakket, hoe't er skipperet op dit ierdske en him tarist foar it takommende, en binammen hoe't er se dichterlik uteret.
En dêrby is in dominante trek de eigenaerdige foarm fan geastlike dynamyk, dêr't ek tagelyk in sterk statysk elemint yn opnomd is. Yn Fedde Schurer kin men in frjemde mingeling waernimme fan ‘opportuniteit’ en tradysjonalisme. Dat kin him bygelyks uterje yn it ‘protest tsjin it protest’, yn apodiktyske oardielen en formules, dy't gjin ivige wierheit hawwe, by útstek foar de situaesje jilde mar foar de folgjende net mear, en dus forlitten wurde en allinnich yn anekdoatyske foarm trochlibje. It kin him ek uterje yn it feit dat dizze dichter, dy't fan Kristlik skoalmaster troch de wei fan pacifistysk strider waerd ta (sit venia verbo) soasjalistysk journalist, dy't him thúsfielt tusken de huzeklibers fan Amsterdam-West en op gearkomsten fan Fryske-biwegings-smoute-praters, immen dy't de streamingen fan de kultuer net allinne folge mar ek absorbearre hat, dochs troch alles hinne fêstsitten bliuwt oan in stik Jongfryske romantyk. Mar miskien sit hjir to folle it oardiel fan anekdoatyske en persoanlike feiten yn bimongen om it as in litterair oardiel to jaen. Wis is dit: Schurer bliuwt deselde en is dochs iderkear in oar. En dizze dynamyk, dit algeduerigen oerslaen fan it iene yn syn komplemint-it-oare, sûnder dat men in algemiene forklaei- of bikearpartij to oanskôgjen kriget, mei wol de kenmerkende wize hjitte hwerop as Schurer oanpielt mei syn ierdsk en syn himelsk aspekt, hwerop as er syn rol spilet, hwerop as er himsels útspilet ek. Nammers, hoe moat men, as men ‘ideälist’ is mar sûnder forbli- | |
| |
ning, sûnder forbittering, sûnder al to greate forplichtingen - as men de himel bistribbet, mar de ierde gjin wjerstân biede kin? As men de dogmatyk biwarret foar moarn of foar de âlde dei? Schurer is der algeduerigen op út, liket my sa ta, it iene tsjin it oare en it oare tsjin it iene to fordigenjen. Dêrom is it miskien ek dat er as figuer, as frisse en charmearjende forskining, as Fryske troubadour, as slachfeardich apodikticus, soms mear slagge liket dan as dichter op himsels. Hwant Schurer syn dichterskip, losmakke fan syn forskining, fortoant in selde soart fan dynamyk dy to útsprutsen is om him as dichter ûnder de greaten to setten en to sjen as de exponint fan in tiidrek, fan in streaming, fan in idé. Hy is as dichter gjin doelbiwust strateech, gjin mitselder oan in monumint, gjin siker fan nije wegen en ûnbigiene pampa's. Schurer lêze sûnder syn habitus yn it libben to kennen, of op syn minst sûnder syn markante kop foar jins geasteseach to hawwen, is in sinleaze died. Binammen foar in dichter as him jildt it dat men net in suver litterair oardiel útbringe kin, mar wurkje moat mei de omballingen fan anekdotyk ensfh. Dêrmei earst sjocht men him ek as dichterlike figuer, as lofsjonger fan it ierdsk en it himelsk Paradys skerper ôftekene. Men kin Schurer net sjen sûnder in eftergroun fan in espeltsje freonen, in gearkomste, in massa-meeting, in décor. Dy't hjir efter sykje wol dat ik Schurer in ‘akteur’ ha wol, hat yndie foar de helte gelyk, as er mar biseft dat Schurer syn eigen rol spilet as akteur, en net dy fan in oar lyk as de ‘akteur’ plichtet to dwaen. Hwat by Schurer pose en pathos is, is yn 'e groun de earnst fan de spiler, dy't oertsjûge is dat it akteurselemint ien fan de grounslaggen is fan it minsklik gearlibjen, en net it hol geblaes fan in dichterke dat himsels wichtiger meitsje wol as er is. Dêrfandinne ek
| |
| |
de dûbelhertige pathetyk fan syn Fryske striidfersen. Men kriget soms de yndruk dat Schurer it biwust weaget mei kliché's, diels út maklikens, diels ek omt de akteur yn him forlet hat fan kliché's en ienfâldich pathos. De akteur, binammen dy foar in great publyk, kin net sûnder dy dingen, moat to seil gean op primitive oantsjuttingen dy't greate, mar groubonkige suggestys jowe.
De dichterlike figuer fan Fedde Schurer set ús foar de frage nei de funksje fan it dichterskip yn 'e maetskippij, of lit ús leaver sizze: foar de mienskip. En ek hjirre treft jin dyselde dynamyk. Yn syn hiele litteraire libbenshâlding (en elk sil meistimme moatte dat Schurer syn ‘libbenshâlding’ by útstek ‘litterair’ is) sit hwat fan dy dynamyk, dy't nea ta ûnwierhaftigens en opportunisme yn vulgaire sin wurdt, mar oeral ûntsprút oan de akteurskapaciteit dy't him ynstelt op it auditoarium, it décor. As foar de akteur it auditoarium wikselet, wikselet ek de poëzij. Schurer syn pleit foar de Litteratuer, foar in autonome dichtkunst, dy't bg. de morael net jilde litte wol as kritearium by litteraire bioardieling, - tsjin de lju dy't bg. yn it tydskrift ‘Podium’ op it fuotspoar fan ‘Forum’ de yntelliginsje fan de skriuwer stelle boppe de autonome werjefte fan syn litteraire oanstriden, soe eins yn striid wêze moatte mei syn eigen wurk. Hwat binne syn Fryske striidfersen oars as yn dichterlike algemienens klaeide morael, hoe tige komt in great part fan syn wurk net fuort út in boppe de suvere litteratuer steande idé en is it net skreaun mei in doel (men hoecht net oan ‘Frans Vergonet’ ta to gean om it to biwizen). Ek foar dizze man, hy mei dan de auctor intellectualis wêze fan de formule ‘In dichter is in keardel dy't fersen skriuwe kin, en de plicht hat dy to skriuwen as syn
| |
| |
folk der forlet fan hat’, in formule dy't hwat it earste trefwurd ‘keardel’ oanbilanget gâns weihat fan Ter Braak syn ‘vent’!, - ek f oar dizze man moat it auteurskip in gnap problematyske saek wêze. Lyk as nammers dy hiele formule sels problematysk is of leaver dynamysk. Fansels is de ynhâld der fan wier. De dichter is in ‘keardel’, tominsten as ‘er’ gjin ‘frommis’ is. Hy skriuwt fersen as der forlet fan is. Mar hy skriuwt se ek as der gjin forlet fan is. En as men de morael net as litterair kritearium akseptearret, hoecht de dichter ek gjin ‘keardel’ to wêzen (de lêzer sjocht: ek hjir pylket de ‘akteur’ troch de formule!). De dichter, keardel of net, leveret net op bifel of op 'e smeekbeaën fan ‘syn folk’. Hwa is ‘syn folk’, en hoe uteret it syn forlet fan poëzij?
Mar sjoch, de praktyk ûntkomt yn 'e dynamyk fan it dichterlik akteurskip altyd oan 'e twang fan de formule. Hwant dizze dichter, dy't sa apodiktysk de dichter stelt as de hofleveransier fan Syn Majesteit it Folk, dy't yn dy funksje fersen skriuwt fan in barnend pathos (dy't jin as dichterlike produkten greatendiels kâld litte en dy't men dochs net falle litte kin), balladen út 'e rûge ûnbiwosken geast fan ‘it folk’ wei, charmante lietsjes dêr't it folk en syn iensume útrinders, de swalkers en ûnwennigen, ta triennen ta yn ideälisearre en forgulde wurde, dyselde dichter is in virtuoas yn it oersetten fan nimmen minder as de Ingelske Renaissance-dichter Donne en leveret like masterlike oersettingen fan in Heine, dyselde dichter skriuwt de ‘Simson’ en gedichten forfolle fan in barnende âldtestamintyske gloede, dyselde dichter ek skriuwt sublime leafdefersen en peilt djip it minsklik tokoart dêr't elke dichter elke dei wer oan rekket.
De driuwfear fan elk dichterskip is it protest. En
| |
| |
Schurer syn protest leit yn syn dynamyk. Nou is de dynamyk as protest in probaet middel foar geastlike arrivéens en de bistjurring dy't dêrmei mank is. Mar it gefaer is net tinkbyldich, ek by Schurer net, dat de dynamyk har protestfunksje forliest, en dat ek de arrivéens en de bistjurring dus, yn de dynamyk opnomd wurde. Minder swierwichtich sein: dat de dichter degradearret ta in wynwiisder dy't ‘op alle winen’ ja seit, mar dy't ek ûnforwrigber oan it hûs forboun sit dêr't er op stiet. De taek fan 'e dichter ommers as wynwiisder is, de wyn oan to wizen hoe't er waeije moat - dat wist Multatuli al fan de gewoane wynwiisder. En dat dat gefaer yndie by Schurer bistiet, docht bliken út syn lêste kwatrinen, publicearre yn it Tsjerne-nûmer fan Septimber 1947, en noch mear út it feit dat in dichter 50 of 100 kwatrinen ‘tasizze’ kin, yn it fêst bitrouwen dat se der komme. En dochs lizze noch yn dy kwatrinen, foarsafier't se skreaun binne, ek tagelyk de kimen fan in prolongearre protest. It protest as dichterlike forsethâlding - it protest as habitude, dêrtusken is it dat Schurer syn dichterskip wifket. De tsjintwurdige dichter hat allinnich kar tusken ‘moralist’ (yn syn meast algemiene sin) en ‘aestheet’ (yn'eingstesinfan fabrikant fan moaijichheden).
En al is in great part fan Schurer syn wurk (binammen de striidfersen, mar ek de lettere kwatrinen) rjochte op it moralisme, iderkear wer, net it minst yn theoretyske útspraken, is der in sterke driuw nei aestheticisme, dat der op út is in autonome litteratuer to foarmjen los fan de minske as oan 'e ierde boun phenomeen. Hoe licht wurdt sadwaende God net in symboal, dat net allinnich de pylk is dy't rjochting jowt, mar ek in deus ex machina, dy't oeral út 'e loft delfallen komt hwer't de minske forlet hat fan eat dat er net
| |
| |
bineame kin, in symboal dat tafalligerwize allerhande ivichheden op 'e brede rêch to tôgjen kriget. Binammen yn typysk aesthetyske litteratuer wurdt God maklik ta litteratuer. Yn Schurer syn earste bondel, ‘Fersen’, fine wy dan ek de wjerslach fan syn Jongfryske tiid en tagelyk syn gefjocht mei God. In gefjocht dat lykwols, trochdat de minsklike kant fan 'e saek sa swak bliuwt, nearne in gerjocht wurdt, mar in skynproces. Yn ‘Fersen’, kin men sizze, wurdt de minske by forstek foroardiele, omt er net oanwêzich is, alteast net yn fleislik-konkrete foarm. Dizze earste poëzij fan Schurer hat de swierliddige, mei alliterearjende krêftpatserij en oare sonnettyske kwalen oanhelle swakheit fan suver alle Jongfryske poëzij, dy't it mei de minske op in sêft sin sette en alles smite woe op in abstrakte Skientme. It falt jin iderkear wer op, oft men nou de fersen fan Douwe Kalma lêst, it proaza fan Marten Baersma of dizze earste gedichten fan Fedde Schurer, hoe lyts as it suver minsklik apport fan dit wurk is. In lyryk dy't fynsinnich de natûr bi-impressionearret, mar dy't de konflikten siket yn 'e makrokosmos en dêrtroch de mikrokosmos oerslacht, dy't sadwaende forslacht yn 'e idele romte dy't men mei in tige ûnbifredigjende formule ‘l'art pour l'art’ neamt.
It sterke religiëus-tradysjonele elemint dat de jonge Schurer yn him hawn hawwe moat, wie it konkrete punt yn dit dizenich gehiel, dat frege om útfochten to wurden. Mar op dy wize wie de saek by foarrie al bisljochte. Hwant fjochtsje mei God kin men allinnich mei de neakene hûd en net as men jin forskûlet yn in toga of in kimono. As Schurer dan ek yn inkelde fan dizze fersen net sûnder Gysbertiaenske reminescinsjes it ‘reade minster’ ‘Twivel’ opkomme lit, ‘hwaens felle tosken grymje,/ Hwaens neilen strak jim 't teare
| |
| |
flesk trochflymje’ ensafh., dan bikrûpt jin sterk it fielen dat foar Schurer de twivel allinne mar in litterair symboal west hat en mear net. De striid mei God nammers, às er fochten wurdt, kin allinnich eingje mei Gods oerwinning, oars soe it God net wêze dêr't men tsjin striidt. En as dus by foarrie de nederlaech fan de grymtoskjende Twivel al bikend wêze mei, kin men der wol moaije fersen fan skriuwe, mar docht men dochs winliken net folle oars as, ta stifting fan jins meispilers op it ierdsk toaniel, in litteraire fiksje Twivel op 't aljemint bringe, dy stylfol troch it quia absurdum (of troch de hurde needsaek, of troch de itige tradysje) om hals bringe litte en oergean ta in oar front. It kin dan ek gjin nij dwaen, dat yn Schurer syn letter wurk dy twivel, ek as litterair symboal, forballe is. Dy't oan it Paradys leaut, ken gjin twivel, hwant it Paradys is in eigen skepping, en kin men oan de wearde fan eigen skepping twivelje, oan it bistean derfan net.
Schurer syn earste poëzij hat it manco fan alle moderne Fryske poëzij út de Jongfryske snuorje: dat hja de striid mei litteraire middels útfjochtsje woe - in forsin, mar dat men doch earst letter ynsjen kin, as de atmosfear suvere is. Fan in litteraire revolúsje as dizze sil men altyd sjen, dat hja it wint yn it negative en mislearret nei de positive kant. Hja hat, dat is nou wol to sjen, it libben allinne brûkt foarsafier't it nedich wie om der ‘poëzij’ fan to meitsjen.
Nou sil hwa hjir tsjinynlizze: is dat net altyd de funksje fan poëzij, om fan it libben poëzij to meitsjen? Ja en né. Ja, omt it in wierheit as in kou is, né, omt it in litteraire machtsformule is dy't it paed sljochtet foar allerhande romantyske, poëtyske sêftheden. Hwant fan alle foarm fan libben is poëzij to meitsjen, mar it maklikst fan de minst fundamintele dingen. Elke poëzij
| |
| |
mei ‘fordichting’ fan in wurklikheit wêze, dat ûntslacht net fan 'e forplichting dat men fan dy ‘fordichting’ in nije wierheit meitsje moat, in ‘fortichting’ fan wierheit, in wierheit a fortiori. Dichterskip kin net allinnich in flecht wêze, omt de minske net allinnich abstraksje wêze kin, mar boun is oan in substraet. Dichterskip tôget in fiks poarsje forplichting oan ‘minsklikheit’ en persoanlikheit mei, en is algeduerigen dwaende dy persoanlikheit yn 'e kiif to setten en oan 'e forneatiging priis to jaen. Poëzij as flecht, goed, mar mits men neaken en bleat oankomt, earne - dat tagelyk bitsjut: nearne. En poëzij dy't der op út is fan libben litteratuer to meitsjen, sûnder yn to sjen dat it omkearde like needsaeklik is: fan litteratuer (d.w.s. útgeande fan litteraire middels) libben to skeppen, of, om misforstânnen mei dat rare wurd ‘libben’ to foaren to wêzen: bistean, of, mei in gefaerlik moadewurd, existinsje to skeppen - elk dichterskip komt fuort út existinsje en kriemt werom nei existinsje - sokke poëzij is foar de dea opskreaun. Op syn moaist kin men dan allinnich noch moaije, glânzgjende dingen meitsje, of, lyk as Du Perron it ûngewosken neamde: moaije loarten draeije.
Dit is it tokoart fan in iensidige biweging lyk as dy fan de Jongfryske dichters, dat hja om dy existinsje hinne sylden en to seil gyngen op eat dat mei ‘Skientme’ in tige forheven, mar abstrakte, tinne en meagere bineaming krige. In ‘minsklik’ dichter kin yn foarmjowing, yn technyk, yn alles to koart sjitte en dochs fersen leverje dy't great binne allinnich fan lytsminsklikheit. In aesthetysk dichter kin de technyk folslein bihearskje en by de greatsten fan de Greaten yn 'e lear west hawwe, hy kin Homerus, Sophocles, Shakespeare, Milton, Goethe en it hiele dichterparadys yn him op- | |
| |
nomd hawwe en fersen skriuwe dy't oars net binne as in greate grize wolken dêr't men moedeleas yn omtaest sûnder ien fêst punt to gripen. Gerben Visser en Douwe Kalma personifiëarje op syn suverst dy beide dichtertypen foar Fryslân. En dat Douwe Kalma (net alhiel tafallich fan Visser as jeugdhelt steld ûnder Lord Lister) as bisieler fan dy dichtergeneraesje op it earste dichterskip fan Schurer in djipgeande ynfloed hawn hat, is oan binei alle fersen fan Sehurer syn earste bondel skoan to merken, hoe tige de thematyk der ek fan ôfskaeije mei. Ik soe dan ek út dizze hiele bondel mar twa fersen neame kinne dy't my persoanlik hwat sizze: ‘De âld beam’ en ‘Pax Vobiscum’, dy tafallich ek Schurer syn ierdsk-Fryske en syn himelsk-Kristlike kant min of mear symbolisearje. Hoe tige slagge ek beide, as men se forgeliket mei twa fersen dy't itselde thema sa likernôch bislane: Jan van Nijlen syn ‘De populier’ en Gerben Visser syn: ‘Jow freonen my’, dan docht bliken dat it by Schurer binammen it brek oan existinsje is dat makket dat er der net oan takomt:
Schurer:
‘En al sjuch ik dyn domme fordylgers
Wol kommen, al neijer oan -
Yet hoopje ik, yn hopeleas langstme
Op dyn maitiid, dyn nije moarn’.
‘Sa binn' wy roerleas yn 'e joun
Ta biddend biidzjen wijd,
Oant God oer ús bistille hert
Syn Pax Vobiscum seit...’
Van Nijlen:
‘Ik zal eerder doodgaan dan hij...
En als ik op 't bed lig en snak
Naar licht en naar lucht en - naar wat?
Zal hij, onverschillig en blij,
Het lied dat de dood in mij brak
Nog voortzingen over de stad’.
| |
| |
Visser:
‘Dan wurdt it nacht, yn 't Easten riist in stjer,
Nou rint de welle fan de frede wer.
Wy swije, litte 't lêste wurd oan God.
Wês stil, dat is syn alft gebod’.
Mei opsetsin haw ik by dizze earste fersen fan Schurer efkes langer stilstien. Net allinnich omt de earste fersen yn it algemien wichtich binne foar it fierder forrin fan saken, mar ek omt dat foar Schurer speciael noch sterker it gefal is. Men sjocht út dizze gedichten hwer't Schurer weikomd is en hwer't er him oan ûntwrakselje moatten hat. De man dy't yn syn earste wurk offerje moast op it alter fan de Jongfryske loartedraeijerij, waerd ornearre ta it ‘militante’ dichterskip fan letter jierren. Mar iderkear sjocht men wer hoe't syn militantens opkeard wurdt troch de Jongfryske rest:
‘Ik bin jim riedsman net, ik bin jim sjonger’.
De toan is militant, de wierheit net. It militante dichterskip hat maetskiplik in korrigearjende, om myn part profetyske, yn alle gefallen aktive funksje. Yn in heidenske maetskippij kin de militante strider oars net wêze as Kristen. Yn in Kristlike maetskippij kin er oars net wêze as heiden: militantens ûnderstelt altyd in efterút dat tagelyk in foarút bitsjut. Mar hoe yn in maetskippij dy trochweakke is fan Kristlike formules en tendinzen en dêr't tagelyk de heidenske lôge oan alle kanten ta'n útslacht? Yn sa'n situaesje, dy't foar Fryslân yn 't bisûnder noch tige syn eigen ‘special marks’ hat, kin dy militante dichter oars net as skipperje. Riedsman wêze as er neat as sjonger wêze wol, sjonger wêze as er neat as riedsman wêze wol. Wikselje fan front nei't de omstandichheden it easkje.
Yn ‘Utflecht’ fine wy dan ek de earste tekens fan dat skipperjen by Schurer. De dizenige romantyk fan
| |
| |
‘Fersen’ is net alhiel weiwurden (it titelfers b.g. giet noch alhiel út fan de aesthetyske premisse), mar siket dochs in útwei nei konkreter gebieten. Hjir is it binammen de ‘oar’ dy't ûntdutsen wurdt, mar it bliuwt yn earsten by in romantysk swalkersideäel (de seis sonnetten ‘De Stimper’, de sentimintele genrestikjes as ‘De spylman yn 'e tram’, prototype fan in thema dêr't har alle Fryske gefoelsromantyk fan alle Fryske dichters op stoart, ‘It forgetten liet’, en loftiger en sympathiker, mei mear humor, sa ûnmisber foar dit soarte, ‘De lietsjesjonger’). It is hwat in spjochtich soasjael elemint, op romantyske grounslach. Hwat moat men bg. tinke fan dy skurve en goare spylman dy't yn 'e tram de klanken fan mar leafst in sonate omdriuwe lit?
Stikjes gefoelsanekdotyk as ‘Lyts fortriet’ folje it oan, en ek in ballade as dy fan de Huzaer mei syn guodkeape ‘folkske’ èn ‘falske’ effekten yn 'e trant fan Hetsje-muoi, jowt oan hoe't Schurer doedestiids omdôch bisocht hat, it to weagjen mei de reäliteit, mei de minske sa't er is, mei it minsklik gearlibjen. As aestheet skriuwtt en grypt er noch folslein by dy minske lâns.
Yn dizze bondel is Schurer oars al de virtuoas, dy't er yn ‘Fersen’ noch net wie. Dêrre kriget men iderkear wer it fielen dat elk fers it resultaet is fan swierwichtich bodzjen, fan wrakseljen mei in korpulinte muze Skientme, yn tsjinst fan in aesthetysk ideäel. Ynsafier is ‘Utflecht’ sûnder mis in greate foarútgong: it is net langer it Jongfrysk credo dat dizze gedichten bihearsket. Der is in oanstriid om de maetskippij to sykjen, alteast de meiminske, de dichter sels der by ynbigrepen: ien fan 'e ôfdielingen hjit net sûnder reden ‘Wy’! Mar miskien is de bitsjutting allinne mar
| |
| |
it sykjen, en dan net mear om wurden en frasen, mar om forhâldingen, dingen, bigripen, substânsjes. De dichter as de exponint fan syn folk, it is it bigjinsel dat iderkear dúdliker opljochtet, al fynt it noch net syn definitive formulearring lyk as letter wol. Yn earste ynstânsje giet it noch om in ideäel, dizich, hast fiktyf minskebyld, dêrút wei earst kin Schurer de sprong nei de minske en it minsklik tokoart weagje. Yn de ‘Stumper’ fynt er dat ideäel: it byld fan de kristlike resignaesje, fan de lytse man, it bern, de earme fan geast, earm mar troch syn earmoede ryk, hwant sines is it Keninkryk. Weromkear nei de ienfâldige sielesteat, de simpelens fan it bern, is de forhoalen driuwfear fan party fan dizze fersen. Mar dochs wurdt dat nearne sa penetrant biliden as by in Van Nijlen (in dichter dy't, it mei frjemd lykje, dochs wol bisibbens oan Schurer hat) of in Nijhoff. Faeks is it just it kristlik-tradysjonele elemint, dat dizze penetrantens bihinderet en it bern-ideael dochs hieltyd min of mear yn it abstrakte hâldt: it kin nea in kwestje fan dea-simpele, bleate existinsje wêze. En de wanhoop om in forlern kultuerspul fynt nea dy neakene expressy by Schurer dy't men by oare dichters, in Bloem b.g. fynt, omt hy yn it Kristendom, yn de libbene tradysje fan it himelsk Jeruzalim, de tsjinkrêften tsjin de toloarstelling en har bitterheit foun. In ôfkear fan dekadinsje, in ôfkear fan de psychology as dichterlik medium, fan 't ‘útknobbeljen’, dy't men ek by Van Nijlen fynt mar dochs sa, dat men iderkear wer it fielen hat der mar in tombré fan ôf to wêzen, hâldt Schurer fan 'e bitterheit tobek, mar ek fan syn komplemint: selsirony en humor, ek hwer't it ierdske part fan syn wêzen him foar it folle pond útstoart.
‘Utflecht’ nammers is foar alles de bondel fan ‘Ier- | |
| |
deljocht’, dy iene sublime utering fan in bigenedige dichterskip, in fers dat sa folslein en ûnbiroaid in geloksstimming ta ‘aesthetyske’ wierheit omraent, dat it aesthetyske de suverste utering fan it ‘minsklike’ wurden is. It forlangen nei de reine sielesteat fan it ûnskuldich bern is hjir gjin litterair motyf, mar de suverste werjefte fan in minsklik motyf, in minsklike driuwfear, sa âld as it dichterskip, sa nij as de takomst:
‘Hâld jimmer, Hear, myn eagen rein,
Om wiid forwûndere as in bern,
By alles hwet dizze ierde skein'
It moaije det ús bliuwt, to sjen.
Den bloeit ek út 'e lytste knop
Mear hichtepunten hat dizze samling: ‘De Boer’ b.g., mei syn ûnfeilber rake plastyk:
‘Stil lûkt it stiel fen sleat ta sleat,
En dêr't it snijt, dêr sakket stom
De klaei yn klieme krollen om.’
Men moat dizze rigels in kearmannich oerlêze om to ûntdekken dat it...de alliteraesjes binne dy't dizze ienfâldige rigels sa seldsum suggestyf meitsje!
Virtuoas yn prosody is Schurer hjir binammen yn it prachtige, sjongsume ‘Hope’:
‘Hwet ropt dy iene fûgel bliid,
Hwet klinkt syn wille klear en wiid,
Hwet ropt dy iene fûgel bliid;
Hy sjongt in komst'ge tiid -’
Fan de Fryske striidfersen, dy't meast net boppe it tydlike fan gelegenheitsfers útkomme, moat ik binammen ‘It andert’ neame, mei in waermbloedich
| |
| |
pathos, dêr't it krêftich, hast daverjend ‘Netwier’ oan 'e ein fan 'e strofe alle twivelmoedichheit prachtich yn opheint.
Definitiver aksinten fine wy yn de tredde bondel ‘Op alle winen’. Dizze hiele samling is trochlutsen fan 'e dynamyk dy't yn 'e titel bisletten leit. It bliuwt in lofsang op, in leafdeforklearring oan it goederjowske libben, mar hjir en dêr lizze djipper en sûmberder aksinten, dy't it wolris hwat oerflakkich optimisme en de meagere sentimintelichheit fan guon eardere fersen yn har wearde strang biskiede. De driuw nei in grounleas lok kriget krekt troch dy tsjinstelling suverder stal. De anekdotyk út ‘Utflecht’ is hjir opromme, of leaver sublimearre yn it tragyske. Men hoecht mar ‘Lyts fortriet’ út ‘Utflecht’ to forgelykjen mei ‘It Urker Fjûr’, om to witten hwer't ik op doel. Yn it lêste fers wurdt it sentimint opheve yn de algemiene sfear, it wurdt losmakke fan it iene yncidintele gefal:
‘Soks komt oan bern mei blauwe eagen oer’.
Sels in swak genrestikje as ‘Fanke’ wurdt troch in minsklike ‘geur’ (harpuis en tar) rêdden. As lofsjonger, mei it brede, royale pathos dêrta nedich, hanthavet Schurer him yn gelegenheitsgedichten as ‘Pinksterblommen’ en ‘Excelsior’, al komt er oan 'e hichte fan ‘Ierdeljocht’ en ‘Hope’ net ta.
De mear persoanlike fersen, faek trochweakke fan in mear wémoedige toan, om de ûnfolsleinens fan dit libben en syn forwachtingen, wurde simpeler fan oanslach. Ek wurdt yn dizze samling (de tsien Psalmen der bûten litten) minder oer God en it himelsk Keninkryk praet as yn de ‘Fersen’, mar tagelyk oertsjûgjender: it leauwe kriget in smelder basis, mar krekt dêrom mear takomstperspektyf, mear ynhouten:
| |
| |
‘En dit herte, mei alle sinen boun
Oan eigen wille en fortriet -
Ek yn 'e foarm foroaret der. ‘Utflecht’ sette noch ostentatyf yn mei 15 sonnetten. Mar hjir is it sonnet, de prae-okkupaesje fan it Jongfriezendom, net langer oerhearskjend, en hwer't it foarkomt hat it net mear dat opsetlike, dêr't men by tinke moat oan litteraire programs en daverjende revolúsjes fan it wurd. It sonnet bistribbet net mear it aesthetysk folsleine, mar kriget fan in protest, mei in ûndergroun soms fan amper forhoalen wrevel: de Jongfryske sjerp slyt der lang om let ôf. De formule wurdt skerper, simpelder, mear op 'e man ôf:
‘O hert, forjow dyn lêste fijân hjoed,
En wêz for alle bern en dieren goed.’
Dit is in lêste wierheit, net mear in litteraire formule, mar in wierheit dy't pas ûntdutsen wurde kin as it reach fan de litteraire formules skuord is.
It bêste fers út ‘Op alle winen’ is it machtige ‘Mounlen’:
‘Skôgje, mienskip, dyn mounlen,
Op wyn en frijdom forealen,
Om it noat fen dyn rike grounen
Ta streksum moal to mealen.
Mei krêft en moed ef dersûnder
Meale hja al hwet jim fregen.
Boppe de kym en der ûnder,
Under 'e kym en omhegen.’
It dualisme, dat al yn ‘Op alle winen’ (nammers ek earder) fielber wie, hjir en dêr (b.g. yn ‘Mear as ien’, dêr't de greate stêd Amsterdam en it bertelân Fryslân fungear je as de ierdske en de himelske poal),
| |
| |
kriget yn ‘Fen twa wâllen’, ont yn 'e titel, definityf stal. Lyk as yn ‘Mear as ien’ stiket der hjir ek, hwer't it suver om it ierdsk en it himelsk paradys giet, in fikse poarsje kwea gewisse yn, lyk as bliken docht út it Praeludium:
Ek hjirre moat Fryslân, it Fryske Paradys, biliden wurde, mar de toloarstelling makket de lofsang dochs twivelich:
‘Ta ile hichten kleaustû net,
Leech is dyn steat en ûnoansjenlik;
Mar 'k leavje, folk, dyn greate hert,
Dyn hert sa iepen en sa bernlik.
Grif sil de Hear it dy forjaen
Detstû de romantyk biminste,
En detst gjin smert en bitt're waen
Fen vitalisten folgje kinste.’
Fryslân, mei syn lek en brek, kriget fan it ierdsk en it himelsk paradys it oansjen. En de dichter is de ljurk dy't yn dizze grouneleaze himel aloan stiicht en dûkt.
Iderkear wer waeije ús yn dizze bondel de geuren fan it Paradys oan. En hjir ek fine wy de forsmelting fan it ierdske mei it himelske paradys. Schurer libbet trochgeand op 'e grins fan dy twa, bisiket oer to sljochtsjen, omt er yn it iene forkearend it oare mient to forrieden. Foar him koe it Paradysbigryp earst reële ynhâld krije dêrre hwer't it ûnmidlik konfrontearre
| |
| |
waerd mei it ierdske en syn rykdom. De leafde, de freonskip, de natûr, oeral wurdt de grins tusken ierdsk en himelsk weifage, om by einsluten like reëel bistean to bliuwen. Dy paradox bihearsket it hiele wurk fan dizze dichter, ek it religiëuze diel der fan. Hwant kin men oan 'e iene kant net twivelje oan de earlikheit fan syn leauwe, oan 'e oare kant kin men der soms net foarwei en nim oan dat er sa redeleas foar God kiest omt er om God net hinne kin, omt God him yn 'e wei stiet en hy oars nearne hinne kin: De ‘waen fan bittere vitalisten’ moat it ûntjilde, en Kwatryn XXI seit it ûngewosken:
‘Ik bin oan 'e ein fan myn humaen latyn,
Der is gjin treast yn blommen, sinne ef wyn.
Der is bihâld for earme minskesielen
Yn Kristus krús - en al it oare is skyn.’
It liket as moat Schurer him oanhâldend forsette tsjin syn pantheïstyske oanstriid, as er iderkear wer, mids syn ‘humaen latyn’, him bisiket to konsintrearjen op 'e smelle God, dy't it Paradys skepen hat om de minske stroffelje to litten en to bitiizjen yn ierdske sûnden. Mar neist de ierdske himel bistiet dochs ek noch de ierdske hel, dy't men by Schurer net yn alle toansoarten bilekskoaid fynt, hwant de ierdske hel soe ek it ierdsk Paradys fortsjusterje kinne, mar dy't dochs hjir en dêr oanwêzich is, lyk as blike kin út inkelde aktuële fersen út ‘Oerwei’ en in mannich kwatrinen. De rêdding út dy ierdske hel moat Jezus' krús wêze, mar de ierde is nou ienris de himel net en de grinzen tusken ierdsk en himelsk Paradys meije dan utwiske wêze, hja bisteane likegoed as de meridiaen bistiet, al kin men him net oanwize. Dan kin men ek al net folle mear dwaen as jin de paradox biwust bliuwe, de goede
| |
| |
jeften fan it ierdske mei beide hannen oannimme, it leauwe oan it himelske mei de hiele hûd bilide, der God foar tankje, jin biwust wurde dat men lytsman is en neat oars hoecht to wêzen, en by einsluten de forantwurdlikheit foar de praktyske gong fan saken oan Him oerlitte, dy't it better wit as hwa en hwat ek:
‘Mar as Gods eigen swird my ridder slacht,
Hwet let it den, al trilje ik as in reid?
Hy wit myn ljeafde en eangst; hy skoep dit hert -
Lit him it nimme en hâlde it yn syn macht;
Hwent den, Godlof, docht Hy it - ikke net.’
|
|