De frou yn 'e flesse
(1988)–Anne Wadman– Auteursrechtelijk beschermdRoman fan Janneke en Jip
[pagina 178]
| |
1.It wie mar in goed ding dat Jip - priizge wêze syn yntuysje - my opheinde doe't ik mei myn papiereboel ta de hûs yn strûze soe. Hy sei: ‘Ho, stop! Earst even in onderonsje. Der is besiik, en dat wol fan in âlde kunde fan dy, dêr't ik net fan wit oft er alhiel wolkom is.’ ‘At it Thomson is, nèt!’ Oan myn lûd moat er heard hawwe, as er it net al wist, dat Tommy noch altyd net wer op syn fuotstik werom is. ‘Nee, Thomson net,’ sei er. ‘Dy soe ik der ek net ynlitten hawwe. Mar dizze komt fan hiel fier wei. Ut Singapore en de Filippinen. Hat syn wei fia Skiphol hjirhinne dochs noch fine kind.’ Hy moat sjoen hawwe, dat ik wyt weiluts. It like as soe ik troch de knibbels gean, en hy hood my omheech. Mar ik sette de tosken opinoar en tocht: Dat noait wer. Hjir stiet in froumins dat it libben treast is. Litte se mar opkomme. Dy net wer yn 'e hoeke triuwe litte. Dat bist oan 'e neitins fan Justine ferplichte. ‘Lit my der mar troch, Jip. Ik rêd it wol. Ik haw it begrepen. Hy komt foar dij. Ik sil him beleefd ûntfange, al is er net de meast wolkomme gast dy't ik my foarstelle kin.’ Ik loek de reinjas út, skodde myn ferreind hier wat terjochte, lei de map en de losse papieren op it taffeltsje ûnder de telefoan en stapte fol moed myn eigen keamer yn. ‘Janneke,’ sei er. Hy stie oerein. Hy wist wa't er ferwachtsje koe, Jip hie him goed taret. ‘Dach Teade,’ sei ik. ‘Do bist dus wer yn 't lân, en woest ris sjen hoe't dyn soan it makket.’ De man wie fansels aardich fan slach troch myn kordatens (of de skyn dêrfan). ‘Kenst my noch?’ frege ik, ‘of bin ik ûnwerkenber feroare?’ Hy glimke, no wat gerêststeld: ‘Ik ken dij noch en ik ken dỳ noch.’ Syn eagen gyngen nei de fioele. | |
[pagina 179]
| |
‘Ja,’ sei ik. ‘dy is der noch, skeind, mar net brutsen, sille wy mar sizze. Wat binne no in pear brutsen snaren? Dat is it slimste net.’ ‘Kin maklik reparearre wurde.’ ‘Sommige dingen wol.’ Hy stie noch altyd foar my, waard wat ferlegen ûnder myn snijende wurden. Hied er ferwachte dat ik him nei sa'n tuskenskoft fan hast njoggentjin jier om 'e hals fleane soe? Ik hood de regy strak en sei: ‘Ik haw yn dy lyts tweintich jier it ien en oar meimakke en bin gjin bloeiend jongfaam mear. Mar se hawwe my der net ûnder krige, sa'st sjochst. En ik moat sizze dat dyn soan’ - knikje fan tagedienens nei Jip, dy't der yn ôfwachting, mei benijdens en dochs ek in tikje eangst, by stie, ree om yn te gripen as dat nedich wêze mocht - ‘my dêrby ta in grutte stipe west hat.’ ‘Wat is dat ek al wer?’ frege er, mei dat bekende skeve glimke fan alear, ‘“stipe” is dat net “steun” of sokssawat? Ja, dy taal fan dy is in bytsje by my weigroeid, hoe sil ik sizze...’ ‘Dat giet sa mei dy universele keunstners,’ sei ik. ‘Dy witte net mear wêr't se wei komme, en dan hjitte se ynienen “Anner” yn pleats fan Anne en “Terry” yn pleats fan Teade. Dan ferjitte se de smid fan Sint-Anne of wie it Sint-Jabik?’ ‘It wie Aldebiltsyl,’ sei er, wer mei dat glimke, it wie suver it iennichste wat er noch fan doe oer him hie. Of hied er it fannijs yntrodusearre? ‘Dan docht dyn soan it better,’ sei ik, ‘dy sprekt syn beppe’ taal net allinnich aardich flot, mar leart dy no ek te skriuwen. In tankbere learling. Tankberder as dit famke doedestiids. Hoewol...’ Hy fielde him yn it nau dreaun, mar hâlde noch altyd it skeve glimke om 'e mûle. Ik tocht, in banale sjarmeur bist nòch. Wolst noch wêze, op dyn âlde dei. Mar rydst my net foar de kroade. Bist in ein âlder wurden en aardich troch dyn hier groeid. Wy soene dy âlde histoarje miskien útprate kinne, mar dêr bin ik no wer te grutsk foar. Wy hâlde it clean en cool, lykas Jip it grif ek ha wol, al sil er no wol op wei wêze om te rieden | |
[pagina 180]
| |
wat foar him altyd myn Grut Geheim west hat. Dàt falt no, mei Jip, wol út te praten. Ik sei: ‘O, Jip hie dy al in drankje foarset, sjoch ik. En ek de rokerswaar. Hy is in goede gasthear, in prima butler en yn alle opsichten in fijne partner.’ Ik hie der hast oan tafoege: ‘en dy't better âlden fertsjinne hie as dêr't er it mei rêde moatten hat’, mar hâlde my noch moai op 'e tiid yn, net allinne om Jip, mar ek om't ik de saak net alhiel en folslein op it skerp fan 'e snee driuwe woe. Ik seach ek sa wol dat myn eardere ferôfgoade fioele-master aardich lytsman wie, en it glimke wie syn lêste ferwar. Doe sei ik: ‘Hy hat bêste resultaten op skoalle en ik haw alle betrouwen yn in goed eineksamen. Mar as ik efkes as opfieder fan 'e jeugd en as oansteand dekane it wurd nimme mei, hjirby dan wol it advys: Stjoer dizze jongkjirl, behalve as er it sels graach wol, net nei de T.H. fan Delft. Syn kapasiteiten lizze op in hiel oar mêd. Der sit in skriuwer yn him en mei myn help en bystân èn in lyts bytsje gelok sil it der ek wol útkomme. In goede skriuwer is altyd noch better as in minne of midsmjittige ingenieur fan 'e Wettersteat. Mar in artyst as Teade... pardon Terry Koster moat witte en kin witte dat in hege graad en in heech salaris net altyd in hege graad fan minslikheid garandearje. Is 't net sa?’ Hy wie alhiel teliderslein ûnder myn wurden. Myn swypslachjes, sis ik altyd. Ik hie myn âlde krêft alhiel werom. Hy hie gjin ferwar. Hy knikte en sei lang om let: ‘Alles wat foar de jonge sels it bêste is. En wat foar him it bêste is, dat wit er sels ek it bêste.’ ‘Sa sit dàt,’ sei ik. ‘En no even saaklik. Do bliuwst hjir jûn te iten?’ ‘As it kin, graach.’ ‘En te sliepen?’ ‘Dat hoecht net, ik kin hjir in hotel besprekke. En oars by Jet...’ ‘Gjin hotel, en alhiel net by Jet,’ sei ik fûl. ‘Asto mei Jip syn ienfâldich oardelpersoans útfanhûzersbêd takinst, rêde wy it wol. Hjir wurdt gjin mins omkromte bylein. Hjir wurde allinnich | |
[pagina 181]
| |
mar gleone koallen op keale hollen steapele. Dat hat dit libben dit minske leard. En Jip wol no syn bêd wol even opmeitsje mei farske lekkens en slopen foar de ûnferwachte gast.’ Jip dus nei de útfanhûzerskeamer en hy mei my allinne. Dat waard ynearsten swijen. Hy tyspele mei syn wynglês en lei dan de iene skonk oer de oare knibbel en dan de oare wer oer de iene. Op 't lêst, doe't de stilte pynlik begûn te wurden, sei er: ‘Mar ik wol hjir by jim en tusken jim gjin ûngeriif teweibringe.’ ‘O,’ batste ik der yn, ‘Jip en ik sliepe wol faker by elkoar. Hy is de fijnste minnaar dy't ik oait hân haw. No seit dat net sà folle. Mardochs.’ Hy kromp noch djipper yninoar fan skamte en fernedering. Mar ynienen skeat er oerein, rûn op my ta en sei: ‘Janneke, do silst my miskien net leauwe, en dêr haw ik alle begryp foar. Mar ik haw al dy jierren kromgien fan skuldgefoel. Om wat ik dij oandien haw. Ik ha doe de ferkearde stap dien.’ ‘Mar do sjochst,’ sei ik strang en him op in ôfstân hâldend, ‘ik haw it sûnder dy ek rêde kinnen. En moai wis better as ik mei dy dien hawwe soe. Want dy út 'e famylje Nijenhove van den Donck mei ck hast ek net sa minlik behannele as ik Jip goed begrepen haw. No wie se dy minlikheid miskien ek net wurdich, want ik haw nea net folle goeds oer har heard. Al hat se har no mooglik oan 'e lije side fan hear doktor Thomson lang om let ta de deugd oansteld.’ ‘Mar... dy Thomson wie dochs troud? Is er...’ ‘Nee, gjin widner. Dy syn frou is ek al by him weirûn. It komt dus mear foar.’ ‘Janneke,’ gyng er fierder, ‘lit my dochs útprate. Ik haw dy sein dat ik...’ ‘Ik haw dyn wurden foar kundskip oannommen, en tige goed begrepen. Se hawwe fòar my gjin konsekwinsjes. Noch in gleske?’ Hy joech him wer del. En ik seach efkes hoe't Jip de saken op 'e útfanhûzerskeamer regele. Der lei sels in moaie, hast gloednije en goedstrutsen hearepiama op it hollenein, ien fan Jip syn | |
[pagina 182]
| |
eigen, hy sliept altyd sûnder wat oan. ‘Kreas,’ sei ik, en tute him ferheftich. | |
2.Dy nachts - Teade/Terry Koster op it klamkâlde útfanhûzersbêd en Joop/Jip Koster by my yn 'e waarmte - haw ik myn lêste wale falle litten. ‘It wie gjin ferkrêfting,’ sei ik, ‘noch krekt net. Ik wie hartstikke fereale op him. En hy hie noch krekt genôch fatsoen om it net gewelddiedich te dwaan. Mar it wie wol: misbrûk meitsjen fàn. Neitiid fielde 'k my skeind. Want yn dyselde snuorje, koart derfoar of koart dernei, dat kin ik fansels net neigean, hat er dij oanset by dy frou dêr't er doe al ferkearing mei hie, dy út in notarisnêst fan heale en hiele fraudeurs, as ik justjes oerdriuwe mei. Dat wie mispleatst. Do, Jip, do hiest by my en út my berne wêze moatten. Dan hie ik faaks fan hìm ek noch wat goeds meitsje kind, al wie ik dan noch mar in fammensbern fan amper sechstjin. Mar hy brûkte my foar syn lust en keas de oare, dy mei jild en status, en it hat syn karriêre grif gjin ûnderstek dien. Hy hat my falle litten as in âlde fodde. Sei de wike dêrnei skamper dat ik better fan les ôfgean koe, want dat it dochs niks mei my wurde soe op dy fioele. Joech my dus in traap nei en hat nea witten dat ik noch hast trije wike yn eangst en freze libbe ha ear't ik goed en wol fan 'e dokter wiste dat ik gjin bern fan him ferwachtsje hoegde. Ien en al senuwen en wanhoop, allegear yn mysels besmoard. Wat moasten myn âlden mei soks, ienfâldige boereminsken? Ik wist doe net oft ik dêr bliid om wêze moast of om gûle dat it net trochgyng. En ik wit it eins noch net. Want as it àl bard wie - ik soe sizze, dan hiesto no ècht Oidipous west, mar dat is ûnsin fansels: dan hie alles oars rûn. En it is ek mar better fan net. Lit him noch mar in skoftsje fierderstrampelje mei syn skuldgefoelens. Dat is goed foar in man, oars wurdt er hielendal ûnútsteanber. Hy mei it no bêst ris fiele. Ik hâld him noch wol in skoftke moai yn 'e tange.’ | |
[pagina 183]
| |
Jip swijde en streake oer myn hier en tute myn boarsten. Doe sei er: ‘Wat bin ik hartstikke bliid dat dat doe net trochgien is. Ik haw alhiel gjin ferlet fan de Oidipous-rol, dy leit my net. Dan leaver, as it dan dochs oer de klassike boech moat, dy fan Pyramus en do dy fan Thisbe.’ ‘Jakkes,’ sei ik, ‘en dan beide fan dy liuwinne tefretten wurde, nee tankje. Minskefretters genôch.’ ‘Kinne wy it dan net by Paris en Helena hâlde? Of wie dêr ek wat mis mei? O nee, dan krije wy dat gedonder mei dy apel.’ ‘En,’ foege ik der oan ta, ‘dan krije wy de wraak fan Oenone oer ús holle en dy wennet my langer te tichteby Do bist oars wol in bytsje, lykas de echte Paris, te fûnling lein... Mar it past fierder net. Wat tinkst fan Philemon en Baucis?’ ‘Wol wat âld, net?’ ‘Ja, mar dan bliuwe wy noch lang by elkoar en sille wy sels de sûndfloed, it klassike alternatyf foar in atoomramp, oerlibje. En wy hawwe dan wol gjin goaden ûnderdak bean yn ús earmtlik klintsje, mar dan dochs in wat ferrinnewearre artyst mei in skuldkompleks. En dat is ek in goede died dy't beleanne wurdt. Lekker fijn aid mei elkoar wurde.’ ‘Sa fier hoege de goaden no ek wer net te gean,’ sei er. | |
3.De nacht wie noch lang net om. En wat se fergetten wie te fertellen, koe ik sels wol riede. Dat fan trije jier lyn hie in subtile, mar psychologys riskante wraaknimming west. Ik hie bliede moatten foar myn heit syn wandied. Mar in bloedoffer dat dan net omdôch west hie. | |
[pagina 184]
| |
4.Leave Janneke,
Do hast net de gelegenheid jûn om myn skuld oan dy goed út te sprekken en dêrtroch in bytsje te dylgjen. Mar ik haw de lêste dagen tige neitocht. Ik haw yn de tiid datsto my kennen leardest in selssuchtich, earsuchtich en seks-suchtich stik potiten west. Beseten fan heechheid en karriêre. Ik haw yndied de ferkearde kar dien. Miskien hat myn straf net foldwaande west en moat ik noch efkes djipper yn 'e dridze. Mar ik besykje myn gefoelens fan eigenwearde dochs in bytsje omheech te krikken. In minske kin net méar as spyt hawwe fan syn ferkearde karren - is dat wol in goed meartal? Want no't ik dyn boeken mei ferhalen lêzen haw, fyn ik it om mear as ien reden spitich dat ik de taal dêr't dy yn skreaun binne, net sa tige mear behearskje en gauris nei it wurdboek gripe moat, dat ik tagelyk mar oanskaft haw. Allinnich dus: spyt, mooglik better sein: wroeging, mar men kin neat weromdraaie. Ik bliuw dus mei dy lêst sitten en kin allinne noch mar in bytsje bliid wêze dat immen oars - yn dit singeliere gefal dan myn soan, dy't einliks ek dyn soan wie of wêze moatten hie - de skuld lykmakke hat mei in leaf de dy't tûzen kear sa grut is as dat pear jierren ferskil tusken dij en him. Hy sil him wol rêde, ek as er dochs noch nei Delft wol, dêr't wol kâns op is. Hy hat sûnder it te witten goedmakke wat ik ferkeard dien haw. Hy sil dêrfoar beleanne wurde, dêr bin ik wis fan. En no noch heel oar nijs. Thea is wer by my werom, hjir yn Amsterdam. Se koe it by dy eptige, sigaresmokende, fûgeltsjekikende hear Thomson net mear úthâlde (wat ik har by foarrie wol fertelle kind hie) en ûnthjit my betterskip, dêr't ik dan wol foar gjin stoer betrouwen yn ha, mar mooglik dat de jierren har wat minder manljusslij en hinne-en-werrich meitsje, en it kin allegear tafalle. Want in mins is net altyd sa min as syn reputaasje - miskien jildt dy wiisheid langer ek in bytsje foar my. En as do en Jip der yn 'e Pinksterfakânsje in pear dagen út- | |
[pagina 185]
| |
brekke wolle, foar Amsterdam jildt noch altyd dat it bètter is as syn reputaasje. Thea en ik sille jimme mei leafde ûntfange, en it Konsertgebou stiet noch altyd (of better sein: al wèr) stevich op syn skonken.
Dyn tagediene: Teade (allinne foar de breawinning: Terry). | |
5.Leave Janneke,
Dat ik it by dy bedoarn haw, is my dúdlik wurden en kin ik ek billikje. It sil myn lêste flater net west hawwe. In minske is nea âld genôch om te learen, en ik haw al wèr wat leard, ûnder oaren: foarsichtich om te springen mei oarmans gefoelens. It muoide my datsto net by myn ôfskied wêze koest. It wie, tocht my, ek wat in pynlike fertoaning. Bram bedoelde it goed, it lintsje mei der wol wêze mar hie nèt hoegd en de fûgelkiker is in poerbêstenien, sa't ik yn 'e praktyk merkbiten hawwe kin. Mar it wie al mei al wat ûnbefredigjend. Ik wist doe al dat Bram de Boer myn opfolger net wurde sil, mar in pyf út it Westen, dy't ús wol even leare sil hoe't grutte skoallen regeard wurde moatte. In earsten manager, haw ik heard. Lit ús hoopje (foar dy en al dy oaren), dat der ek in minske efter skûlet. (Hjirmei doel ik net yndirekt op mysels, hear, ik wit mar al te goed hoe faak en hoe djip as ik tekoartsketten bin). No wie Bram myn grutte foarkar ek net, mar hy is by einsluten in man út 'e regio en hy ken ik skoalfolkje fan it plattelân en de lytse stêd grif better as dyoare hear... Ik begryp dus, dat ik foar dy moai aardich fan myn fuotstik fallen bin, ek troch en mei dy rare gisel dy't ik mei Thea Koster makke haw. Se tinkt no, dat se by hìm har draai wer fine sil. Mar se is, as ik myn sin sis, folslein ferknipt (erflik belêstige, | |
[pagina 186]
| |
tink ik soms) en sil it nea mear hjir of dêr foargoed fine. Of se moat har easken yn it libben weromkringe ta: in gaadlik ûnderdak, in soad oanrin fan artysten, in rêstich har deljaan. Mar dan noch haw ik myn twivels. Want do meist net de stabylste frou west hawwe dy't ik kend haw, do bist noch hillich yn evenredichheid by dy frou. Se is alhiel in omfallen kast mei emoasjes, as ik efkes in sin út ien fan dyn ferhalen sitearje mei. No, ik sil in earlik ferliezer wêze, en lês by ‘myn’ dichter (net Slauerhoff dus, dat is dinen) Jan van Nijlen:
Ik ben als vroeger weer alleen
En drink mijn ouden, trouwen wijn.
Dat mei wat mankelyk en sels justjes masochistys klinke, mar lit my dat dan noch mar. Ik besykje in goede ferliezer te wêzen.
Dyn noch altyd tagediene Kees (of dochs ek noch in bytsje: Tommy?)
P.S. Is mijn ‘Vriesk’ net in ein opknapt troch it nochris wer lêzen fan dyn boeken? T. | |
6.Dat hiele eineksamen wie in fluitsje fan in sint - mar dat is leau ik gjin goed Fryske útdrukking. Wêr't ik better oer te sprekken bin, omdat it wat mei myn ynderlik wêzen te krijen hat, is myn ferhaal ‘De vrouw in de fles’, ûntstien ûnder de ynspiraasje fan Dappertje en útdijd ta in lytse roman. Se binne der by de Bezige Bij oer gear, mar it kin wol in pear moanne duorje, sei dy sekretaresse dy't Heleen hjit, en ik moat dus noch leare in soad útjouwerijgeduld op te bringen. Do kinst dit fansels net sa flot of faaks alhiel net lêze, ek al haw | |
[pagina 187]
| |
ik by it skriuwen iderkear oan dy tocht, oan dy of oan dyn better ik, dêr't ik djip yn my nea oan twivele haw. Mar ik bin no lang om let sa fier dat ik ek de Fryske lessen dy't Janneke my jûn hat, oant yn de moanne juny ta, doe't it har te drok en my te folle waard, yn 'e praktyk bringe kin en doar. It wurdt ek wol tiid dat der wat fris bloed yn dy Fryske skriuwerij komt, dêr't sokke âlde lullen as Van der Velde en Wadman noch altyd foar master opslane. Dit wurdt wol gjin roman-yn-echte-brieven, mar dochs wat dat der op liket en wy hoegden de stoffe net sa fier wei te heljen. Do witst fansels al dat Janneke en ik, tydlik, útinoar gien binne. De wrâld wie my dêr wat te lyts en sij hie ek wol ferlet fan in pakje iensumheid, sa't se sei. Yn alle frede en freonskip en boppe-al tankberheid. En moai wis net iens foargoed. Foar har hoopje 'k dat se net wer yn 'e grypske kloeren falle sil fan de ien of oare profiteur lykas dy't no dỳn profiteur wer is (mar dat wit ik wol foarfêst fan net) of yn dy mar justjes minder grypske fan de dij mar al te bekende doktor C.A. (Cornelis Alexander) Thomson, skriuwer fan de bekende fûgeltsje-rubryk yn in bekend lannelik deiblêd (‘Alle vogels vliegen’, hjit dy rubryk, en hy... sjocht se fleanen). En ik tink wol dat sij no it roer sels in bytsje yn 'e hannen hâlde sil. Ik hâld har op in ôfstân yn 'e smizen, en wy briefkje oer de ideeën foar ús roman, oer Janneke en Jip, sij dêr yn dat rotstedsje en ik op it stee dêrsto, it lêst yn 'e mande mei dy rare Thompie, ek dyn fuotleasten lizze litten hast. It klintsje yn La Tamarissière stie noch altyd te hier, der leine noch toiletspullen fan dy en ek wat tige behindige kleanstikken. Ik haw it spul mei help fan jonges út it doarp wat ynrjochte, en yn augustus komt Janneke hjir foar in pear moanne. Sy hat in wurk- en reisbeurs krige fan it Departemint en kin har baan tydlik foar de moannen septimber oant en mei desimber oerjaan; de ferfanging hat Bram noch regele. Wy meitsje dan it konsept, skriuwe ús eigen oanpart en tikje it yn op myn gloednije tekstferwurker (út 'e opbringst fan Teade syn wrâldtoernee, mar dat witsto fansels) en pongje dan de lapen oan elkoar, nei't ik hoopje ta in gaadlik gehiel. Ik haw alle betrouwen, en | |
[pagina 188]
| |
miskien wurdt it letter ek noch wol Delft. En miskien smite Janneke en ik dan ek de lapen wol foargoed gear. Om in skriuwers-BV op te rjochtsjen. Om goaden en mindere goaden ûnderdak te jaan, tegearre âld te wurden en de atoomfloed, wawit, te oerlibjen. Yndied, Philemon en Baucis BV, it is net sa gek. En goadinnen sille perfoarst net wegere wurde! Al hoe nuver at se ek yn it libben omslane of -slein hawwe.
Noch altyd dyn Joop/Jip
La Tamarissière, 15 july.
Snits, des. '86-jann. '87. |
|