De frou yn 'e flesse
(1988)–Anne Wadman– Auteursrechtelijk beschermdRoman fan Janneke en Jip
[pagina 92]
| |
1.Wa't ik ek op myn nederich flatsje ferwachte hie, net (de no hast: eardere) mefrou Thomson. Mei moadieuze ljochtblauwe flaphoed, yn bûntmantel en fol ornaat. In dame. In foarse, ymponearjende frou, in kop grutter as ik, mei in net ûnfreonlik gesicht. ‘Past it efkes?’ frege se. ‘Kom fierder,’ sei ik fleurich-op, nei it fûstkjen, mar net alhiel gerêst op wat komme soe. Se liet har del op 'e bank, presiis op itselde plak dêr't ienris, koart lyn noch mar, har man Tommy sitten hie. As hie se it rûkt! Ik wachte ôf en sij socht in gaadlik begjin. ‘Ik kom jo miskien wat oer 't mad,’ sei se lang om let. ‘Ik hie earst skilje wold, mar der wie wat mis mei myn telefoan, en doe tocht ik: wat let my. As 't net past, hear ik dat wol.’ Ik meunstere har. It kreas opmakke ljochtgiele hier, sa ûnder kappers hannen wei en dêr't se yn 'e festibule noch gau-eftich in kamke troch helle hie, de eagen justjes opmakke, in wat pûdich, mar net ûnkreas gesicht, ûnderkin. Eartiids in moaie frou west en dat wie skoan te sjen. In frou nòch bloeiend, mar tsjin it âlder wurden oan. De lêst fan 'e jierren, mar net te swier. En net striidlustich, sa te sjen, earder beskieden en wat yn 'e lytse loege. Se seach my oan: ‘Jo binne it dus dêr't myn eks-man de holle fan op 'e rin rekke is.’ Ik tocht: net lilk wurde, earst útprate litte en dan stadich in tsjinoffensyf opbouwe. Ta myn eigen ferheardens bleau ik sa koel en op in distânsje as it mar koe. Se ferfette: ‘Ik druk my wolris wat ûnhandich út. Begryp my goed. Ik sis útdruklik nèt: “Dy't myn eks-man de holle gek makke hat”. Teminsten, as er de wierheid sprutsen hat, dat... jo noait gjin oanlieding jûn hawwe.’ | |
[pagina 93]
| |
Ik knikte, en mompele, mear tsjin mysels: ‘Dat moast der èk noch by komme - oanlieding jaan...’ ‘Hy wie by my net gelokkich. Sûnt de bern de doar út binne, dat is no al in jier of acht, njoggen lyn, is er iderkear fierder by my weidreaun. Ik beklei my net, ik gean sels ek net frijút. Ik haw wolris te folle de warbere modelhúsfrou spile en te min each hân foar syn wurk en syn warberheden, en de problemen dy't er dêrmei hie, nettsjinsteande syn bekwamens en goede omgong mei minsken. Mar de kleau waard iderkear grutter. De skieding kin hjoed of moarn útsprutsen wurde. Dan stiet der dus in streek ûnder.’ Doe swijde se. Ik fielde bewûndering foar in frou dy't in ferlies, want dat is soks dochs, sa manmoedich (dêr't ik sa'n ûnfroulik wurd om sis) wit te dragen, sa weardich yn elk gefal. Ik sei: ‘Sil ik even in kopke tee sette? Of hawwe jo leaver wat oars, in gleske fris? Of kofje?’ ‘As 't net te folle moeite is graach tee,’ sei se. Ik heistere in skoft yn myn keukentsje om, socht koekjes en wachte oant de tsjettelfluit gyng. Ik woe in strategy útstippelje, mar kaam ta it ynsjoch dat der neat te striden foel. Ik hie neat te ferbergjen en neat te ferdigenjen. Ik wie gewoan skjin papier. Doe't ik mei de teeboel de keamer yn kaam, siet se senuw-achtich mei in sigarette-koker te tyspeljen: ‘Hawwe jo beswier...?’ frege se. Ik sei: ‘Oeheden nee, alhiel net. Der stiet in jiskepantsje foar jo. Witte je, ik smook sels net en dan hawwe je it spul meast ek net yn 'e hûs, je tinke der gewoan net oan. Mar ik haw der alhiel gjin lêst fan as in oar smookt.’ Har lichtsjes triljende fingers stieken de sigaret oan mei in sulveren oanstekker. Doe sei se: ‘Miskien fine jo it nuver, dat in sa goed as frjemd, want wy hawwe elkoar net sa faak moete en mar amper sprutsen, dat in sa goed as frjemd sa op foet fan betrouwen praat.’ ‘Alhiel net,’ sei ik. ‘De minsken dêr't ik gedoente mei ha, binne wol wend om har earlik út te sprekken. Ik doch dat sels ek it leafst.’ | |
[pagina 94]
| |
‘It is der dus lang om let fan kommen. De tastân wie net hâldber mear. Wy makken soms de ordinêrste sênes, ikke krekt like goed as hy. In skandaal foar de buorlju. Ik haw myn man heech, mar as er yn in woede-oanfal rekket, is de wrâld te lyts. En iksels spylje ek net swak by. Mar ik sil jo net lestichfalle mei dat lang relaas. Ik bin dus fuortgien, doe't er my yn in lilke rite tasmiet, dat er al jierren lyn syn each op jo falle litten hie. Foar my is de tastân ek net sa befredigjend, mar ik kin my goed rêde, ik haw in flat fûn yn Ljouwert, dêr't nochal wat freonen en kunde fan my wenje. In baan fyn ik fansels op myn jierren net mear, mar dat haw ik ek net sasear nedich. Ik haw leaver in goede tènnisbaan. Ik sit yn noed oer him. Myn man, of eks-man, hoe't je mar wolle.’ ‘Hoe yn noed?’ frege ik. Dat wie dizze frou har soarch dochs net mear? ‘Jo witte dat er mei sykteferlof is? Op reis, yn Súd-Frankryk earne.’ ‘Ja, dat wit ik. Hy hat my skreaun.’ ‘Hat er jo skreaun?’ ‘Ja, hy hat hjir ek west, om my... no ja, lit ús sizze in oansiik te dwaan. Koart dêrnei is er siik wurden.’ ‘Hy is net siik. Dat wol sizze, hy is depressyf en kin de dingen net mear oan. Ik kin optheden neat foar him dwaan. Ek net as er weromkomt mei in pear wike, sa't syn doel wie. En no wit ik net hoe't jo gefoelens tsjinoer him binne. Mar hy is te goed om stjoerleas om te swabberjen, en alhiel as er meikoarten yn 'e FUT giet, sa't er fan doel is.’ ‘Jo bedoele, oft ik wat foar him fiel. Of wat foar him dwaan kin.’ ‘Jo lûke my de wurden út 'e mule.’ ‘Ik haw syn oansiik ôfwiisd,’ sei ik. ‘Ik haw him altyd in bêste man, in goede freon en in fijne baas fûn, wy koene oegryslike goed opsjitte en hawwe mei elkoar hiel wat ôflake. Mar oare gefoelens hie ik net foar him. Hy is simpelwei net it soarte man dêr't ik op fal. Dat haw ik ek tsjin him sein. Ik wit net oft it him in klap jûn hat. Mar hy is net sa fleurich fuortgien en de oare | |
[pagina 95]
| |
moarns hearde ik dat er siik wie. Foar it earst yn al dy jierren. Letter haw ik út Brussel wei in briefke fan him krige. Dat er my in skoftke net sjen woe, oant er it allegear wat ferwurke hie.’ ‘De sterke beam is dan dochs omfallen,’ sei se, mei in lyts tikkeltsje sarkasme, tocht my. ‘Hy moat àl wer oerein,’ sei ik, wylst ik har tee yngeat. ‘Ja, en dat wie no krekt de reden fan myn kommen,’ ferfette se. Ik seach dat se it teekopke hantearre mei de rjochterpink omheech, lykas deftige lju dat dogge. Se heart by de deftige lju, tocht ik. Mar binne deftige lju sokke hûsskrobbers en -bjinners? O ja, de rest is foar de tennisbaan. Ik wachte ôf. Se soe my dochs net te help roppe om de beam oerein te krijen? - Mar dêr hiene je it al: ‘Ik soe jo freegje wolle him in bytsje op te heinen as er weromkomt. Yn hokker foarm as jo dat dwaan wolle, lit ik graach oan jo oer. Ik nim oan dat jo genôch foar him fiele, ek al is it dan justjes oars as hy it graach wold hie, om him ta in stipe te wêzen.’ It kaam der allegear wat stiif en neutraaltsjes út, as gyng it om húshâldlike help of om it op 'e blommen passen. Ik wie mear as in bytsje kjel fan de skynbere grutmoedichheid wêrmei't dizze foarname frou by wize fan sprekken har man de earste de bêste oer de toanbank takwakke woe. Sij like dat sa net te fielen en bleau ûnfersteurber ûnder har wurden. Dogge sokke lju dat sà? Sa sûnder euvelmoed? frege ik my ôf. Ik sei: ‘As ik no in frijmoedige fraach stelle mei: hawwe jo ôfstân fan him dien? Wurdt it tusken jo en him noait wer wat?’ ‘Ik haw ôfstân nommen. Hy hat ôfstân dien. Wy hearden net mear by elkoar, en it is de fraach oft dat oait wol sa west hat. Foar de bûtenwrâld is it lang ferburgen hâlden. Mar wy hawwe no iepen kaart spile, ek tsjinoer ús freonen en kunde. Allinne Bram de Boer hawwe wy hjir net oer ynljochte. Dy man leit my net. En... Kees stie ek net op sa'n fertroulike foet mei him. It wie myn twadde fraach - as ik jo net te swier belêstigje: soene jo de hear De Boer oer de gong fan saken ynljochtsje wolle?’ ‘Foarsafier't dat noch nedich is. Mar jo moatte net tinke dat it drama fan rektor Thomson, sa sil ik it no mar efkes neame, ge- | |
[pagina 96]
| |
heim bleaun is. Praatsjes komme der altyd. Yn sa'n stedsje en mei sokke buorlju alhielendal.’ ‘En dan is der nòch wat. Ut it lêste petear mei myn... mei Kees haw ik opmakke dat er perfoarst gjin feest hawwe wol by syn ôfskied. Wat stilder wat better. Alhiel der foarwei kin er fansels net, mar dan graach yn lytse rûnte, sa ynformeel mooglik. En as it ta in kado komme mocht, dan hat er it leafst in ienfâldige fjildkiker. Hy hâldt fan de natuer en yn it bysûnder fan it waarnimmen fan fûgels. Syn âlde is fersliten en stikken.’ De saaklike oanpak fan dizze frou yntrigearre my, mar ik betocht dat se út de hanneldriuwende middenstân stamt - dochter út in manufaktuerefamylje yn Ljouwert en Grins - en dêr kin men sok in ynstelling ferwachtsje. Saken bliuwe saken. Ik sei: ‘Ik hoopje oan al jo winsken foldwaan te kinnen. Mar de earste is de minst ienfâldige. Dy oare twa binne gjin problemen. Ik wist net iens dat jo man Kees hjitte.’ ‘No ja, Cornells Alexander.’ ‘Ik neamde him altyd Tommy en de bern sizze “Thompy”. We hawwe in soad mei elkoar gekjage, hy en ik, mar ik hie noait witten dat hy dêr sokke fiergeande konsekwinsjes oan ferbûn. Ta in echte bân fan betrouwen is it noait kommen. Hy is in hear en ik bin, al lykje 'k it soms, gjin dame, miskien is it ferskil dêr wol in bytsje mei oantsjut.’ ‘Mar it ferklearret net alles. Hy seach yn jo gjin dame, mar wol in skriuwster. Hy is gjin grut lêzer, mar hy lies alles wat der fan jo ferskynde en wie der tige oer te sprekken. Ik moat ta myn skande sizze dat ik it net sa fier brocht haw. Ik lês dat Frysk ek mar min. Mar ik wit dat se jo de “klyster yn 'e lettertún” neamd hawwe.’ ‘Goai dat mar yn myn pet,’ sei ik. ‘Ik bin gjin klyster, earder in moudzjende mosk. Mar dy hawwe faaks mear wille yn it libben as sa'n heechfleanende klyster, krekt omdat se sa ticht by de moude libje.’ ‘Jo binne tige aktyf yn in mienskipslibben fan 'e stêd. Kulturele rieden en kommisjes en sa. Ik haw dêr bewûndering foar. Iksels haw dat altyd mist, ik bedoel it aktive. Ik wie te folle in war- | |
[pagina 97]
| |
bere húsfrou. Wy gyngen fansels wol altyd nei de toaniel- en kabaretjûnen. As 't my net mist haw ik jo yn sa'n kabaretprogramma ek nochris op 'e planken stean sjoen. Kees hie jo altyd graach as konrektriks ha wollen, yn pleats fan Bram de Boer. Mar jo woene net, sei er.’ ‘Bram de Boer is dêr tige op syn plak. En ik hâld net sa fan al dy administrative rompslomp.’ ‘Dat past ek net sa by in keunstneresse.’ Se sei it wrychtsjes sûnder in swym fan spot. Ik seach dat se risselwaasje makke om oerein en geat har hastich noch in kopke tee yn. Wy wiene in stikhinne útpraat. En ik koe der by mysels noch net oer út, dat dizze frou oan 'e iene kant sa maklik en oan 'e oare kant op sa'n weardige wize ôfstân naam en dus ek die fan de man dêr't se dochs sa'n foege fjirtich jier mei omheukere hie. Koel, saaklik, op it berekkenjende ôf. Mar ek as in soarte fan keninginne. Byneed yn 'e gruttens fan har siel sels ree om dy man oer te plantsjen yn it nêst fan in hast tritich jier jongere rivale. No ja, rivale - dat wie ik net en fielde ik my ek net. Sy like ûntspander as ik wie en mei alle dingen yn 't lyk. Ek har ôfskied wie koel, mar net ûnfreonlik. Se joech my har adres en telefoannûmer en hyste har lichem yn de bûntmantel dêr't ik no fan seach dat er neimaak, mar grif wol djoer wie. Se troppe har krollen ûnder de blauwe flaphoed. Ik sleat de foardoar achter har, en seach har net nei, lykas ik ienris, net sa bare lang lyn, har eks-man dien hie. Kees. Tommy. Thompy. De fierdere jûn wie myn hert ûnrêstich yn my. | |
2.‘Ik haw besite hân fan nimmen minder as mefrou Thomson,’ sei ik. ‘Se frege my om dy mei te dielen, dat se by har man wei is. No, foar dy gjin nijs, dus. Se hat nei myn betinken folslein mei him ôfweefd. En hy hat fia har te witten dien, wat wy ek al wisten, dat er gjin feest ha wol by syn ôfskied, allinne ynformeel, yn lytse rûnte, en dat er, wat wòl nij is, ferlet hat fan in | |
[pagina 98]
| |
nije fierrekiker foar it bestrunen fan fleanende fûgeltsjes.’ ‘Klysters en sa,’ bromde Bram. ‘Ik wist net iens dat er sa'n fûgeltsje-gek wie. Mar der binne mear gekken yn 'e wrâld as wy allegear witte.’ ‘Sa is dat,’ sei Bram. ‘Kees de Fûgeltsjekiker dus.’ Gek, ik begjin dy man Bram de Boer bytiden suver te wurdearjen, mei al syn droechkloatigens. Hy is net alhiel frij fan in lyts protsje gefoel foar humor. En ek gek, dat it wurd ‘klyster’, mei dy nuvere ‘k’ út 'e tiid fan Douwe Kalma en Simke Kloasterman, der dus troch myn tadwaan ynienen wer yn komt! ‘Dat makket it foar de oansteande kommisje in stik ienfâldiger,’ ferfette Bram. ‘Meitsje mar in list fan tweintich, tritich lju foar it ôfskiedsseremoany, Bee en Wee ynbegrepen. En iepenje in kollektebus yn 'e dosintekeamer en foar de learlingen yn 'e hal. Wy keapje in hartstikke djoer kikerstastel. Ta heil fan de fûgeltsjes. Ik soargje foar it lintsje.’ ‘Ja baas,’ sei ik. En ik seach oan syn wazich glimke dat it wurd him as lij wetter yngie. En hy wer: ‘En dyn Fryske learling docht it noch altyd goed?’ Ik wer: ‘Sa lang as ús doktorandus B. him net nei syn nêst sleept, nim ik oan fan wol. Spitich foar de firma Fryslân B.V. Mar ik wit net wat ús doktorandus noch yn 't fet hat. As er in aksjegroep op priemmen set, mei optochten en spandoeken: “FRYSK BY DOKTORANDUS B./DAN IS ALLES OKEE”, wêr bedarje ik dan? It is in kreatyf mantsje. Hy hellet Jan Rur noch wolris, as er op Radio Fryslân útsjoen is.’ ‘Lit ús mei wat mear earbied oer de kollega's prate,’ sei Bram. Ik wit net oft it serieus of spotsk wie. It wie oan syn toan net te hearren en oan syn no wer sa útstrutsen bleekbiennich gesicht net te sjen. Ik hearde him ôfwêzich mompeljen: ‘In fûgeltsjekiker... hie 'k tocht... sa'n man...’ As wie 't wat ûnseedliks. Soks hie ik fansels mei it wurd ‘strune’ net bedoeld. Efkes letter kaam ik de doktorandus tsjin op 'e boppegong. Der tipte in lyts, gemien gnyske oer syn kop. Ik tocht: dy is wat fan doel... Mooglik hat er syn spandoeken al klear lizzen en | |
[pagina 99]
| |
wachtet er op it sein fan de FNP-top... It sil him der neffens fergean, as de M.E. de noas der fan kriget. |
|