De frou yn 'e flesse
(1988)–Anne Wadman– Auteursrechtelijk beschermdRoman fan Janneke en Jip
[pagina 54]
| |
1.Stie ta myn stomme ferheardens Thomson op myn doarmatte. Hy fuotfage stampend as kaam er út in snielânskip. Ik siet krekt nei in t.v.-útstjoering oer Bertold Brecht te sjen, doe't de skille gong. Samar in jûn yn 'e wike, by njoggenen. Hy wie nerveus, hy hie in tic mei syn holle dy't ik nea earder sjoen hie. Ik tocht, no komt er om my te rieplachtsjen oer syn al of net fuortgean. Better let as net. Mooglik kin ik it keare, noch in jier. Hy joech him del op 'e bank. Ik sette hastich teewetter op. Ik wist dat er net fan kofje hâldt, om syn mage. Ik gyng foar him oer yn de grutte stoel sitten. Ik wist net rjocht hoe't ik mei him oan moast, mar ik tocht: hỳ hat in boadskip, ikke net, hy moat begjinne, it is syn inisjatyf. Ik lekker gjin ferantwurdlikheid! Hy seach om him hinne en like de fioele, de printen en it skilderij oan 'e muorre te meunsterjen, mar oan syn gesicht wie net te sjen oft er it ynterieur goed- of ôfkarde. Foaral de fûgeltekening fan Jan Mekes like syn oandacht te lûken. Doe seach er nei myn boekekast - dy fan de ‘sneinze’ boeken - de oare steane op myn wurkkeamer. Doe nei de menoarah op 'e skoarstienmantel. Nei de Fryske klok, it erfstik fan myn âlden. De foto fan myn ferstoarne broer op it t.v.-tastel. Myn eagen folgen sines. Wat boadskip hìe dy man dochs? Lang om let ferbriek er it nochal pynlik swijen: ‘It like wol in oerfal, he'n?’ ‘Ik bin net sa gau benaud,’ sei ik. ‘Dy't hjir komt hat der grif in goede reden foar. En reden wol ik altyd ferstean.’ ‘Ik haw dyn ferhaal “De stille jacht” lêzen. Dat hat my tige oansprutsen, dat gefoel fan iensumheid dat der út sprekt, al is de symbolyk derfan my net oer alle boegen helder wurden. Jim jongeren skriuwe sa hiel oars as wy wend wiene. Ik bin fan in oaregeneraasje.’ ‘Hoecht ek net, mei dy symbolyk,’ sei ik. ‘Elk hellet der mar út | |
[pagina 55]
| |
wat fan syn gading is.’ Hy knikte. Der wie wer in skoftsje swijen, en der groeide ek in soarte fan spanning. Ik hearde him sykheljen, it like as wied er wat nearboarstich, mar it sille de senuwen wol west hawwe. Ik wist dat er op wat maachklachten nei gjin problemen mei syn sûnens hie: sa sterk as in dyk. Sa lang as ik hem kend hie noait ien dei siik west. Doe begûn er, nei wat hinne en wer skeuken op 'e bank, syn ferhaal, yn it begjin wat hoartend, mar mei gauwens rêstiger en woloerlein. Ik sil net besykje dat ferhaal wurdlik wer te jaan, ik folstean mei in gearfetting, ik wie ek te oeral om al syn wurden apart acht te slaan. Hy wie sûnt in fearnsjier in allinnesteande man. Syn frou wie fuortgien, de ivige spanningen sêd - oer hokker spanningen dat presiis wienen, prate er net, leaver net. It wie djip geheim bleaun foar de bûtenwacht, allinne in pear ynwijden en syn bern wisten der fan. It wie ek de reden dat er meikoarten syn baan opjaan en yn 'e FUT gean woe, al hied er op himsels en út grûn fan sûnens bêst oan syn pensjoenjier ta bliuwe wold. Oer dat mei syn frou woed er dus leaver net yn finesses gean, mar der wiene al jierrenlang problemen, spanningen en swierrichheden. Twa karakters dy't net by elkoar pasten, mar om 'e bern èn om 'e bûtenwrâld sa lang de skyn ophâlden, oant it net langer koe. De skieding soe yntkoart útsprutsen wurde en alle regelingen troffen. Hy sei: ‘Dat is myn ferhaal. En no dit. Ik hâld al jierren lang fan dy, al haw ik it mien ik nea fernimme litten. En ik sykje immen om myn holle tsjin har skouder oan te lizzen. En ik woe dus graach datsto dat wiest.’ Ik wie perpleks, om net te sizzen: teliderslein. Ik hie him noait út dat stânpunt wei beskôge. Hy stie boppe sokke lytsskalige saken, hy wie ûnoantaastber, ek al hied er wat fan in sjarmeur. Der wie ek begrutsjen yn my, it like as wied er fan in fuotstik fallen, as hied er himsels ûntmaskere ta in gewoane, banale alledaachse man. Gewoan in man, neat mear, en ek neat minder fansels. Mar ik tocht ek, yn in soarte fan opkommende panyk: Dit noait, dit is net de man dy't ik tsjin't boarst oandrukke wol | |
[pagina 56]
| |
om him útgûle te litten. En ik tocht ek: dat hat er dan yndied goed ferburgen hâlde kinnen. En: wat sjocht sa'n man no yn my? Mar ynienen waarden ek allerhande tekens yn my wekker. Syn gutige eachopslach, in waarme yntonaasje yn syn stim, syn hân op myn skouder, syn wifkjen as er in saaklike meidieling foar my hie, lykas okkerdeis oer Jip. Der kaam in lang skoft swijen, doe't er syn ferhaal dien hie en mei de hannen op 'e knibbels rjochtop sitten bleau. Ik ergere my, dat de fluit fan de tsjettel al in skoftke lyn gien wie yn 'e keuken en dat dy der blykber ôfsprongen wie. Ik rûn der hinne en tocht it wetter soe wol fersean wêze. Yn 'e keuken besocht ik ta mysels te kommen. Myn earste gedachte wie: nee, foar gjin jild. Myn twadde: dizze man hat help nedich, hy is syn ried tenein. Mar hy is fansels better út mei in goede help yn 'e húshâlding, in húshâldster of in selskipsjuffer. Want dit soarte man is dêr sa ûnpraktys yn as mar mooglik is. Efkes tocht ik oan Justine, mar dat fersmiet ik fuortdaliks wer, dat like hjir sa frjemd as fleanen, en dy moast ik fansels hjir ek net nei dizze stêd ta helje, al wie it mar út selsbeskerming. Ik geat it wetter op en muozze der yn myn senuwen by del. God, jou my it goede antwurd yn 'e mûle, smeke ik yn mysels. Dat ik dy man net foar de holle stomp, mar him ek gjin inkelde oanmoediging jou. Gjin hoop jaan. Wol help. ‘Do komst my raar oer 't mad,’ sei ik, doe't ik yn 'e keamer de reaukes klear sette. ‘Ik wist wol fan dyn FUT-plannen, mar net dat dit der efter siet. Moatst my net kwea-ôf nimme dat ik samar gjin antwurd klear haw.’ Hy seach my oan mei syn rûne, oars sa glundere, mar no drôve eachjes, dêr't - miende ik - ek in ljochtsje fan hope yn glinstere (dêr't ik sa'n poëtysk wurd om sis...). ‘Dat hie ik ek net ferwachte,’ sei er. ‘Do moatst alhiel sels witte watst mei myn meidieling dochst. Ik kin allinnich mar sizze, dat ik oprjocht bin. Mar ik wit ek dat wy nochal útienrinne yn jierren.’ ‘Hast tritich jier,’ sei ik. ‘Myn jongste soan, Sjoerd Piter, is ek fan dyn jierren. Mar in | |
[pagina 57]
| |
minske is sa âld of sa jong as er wêze wol. En do witst, ik sit noch fol plannen. Ik wol noch in soad reizgje, wat fan de wrâld en de natuer sjen, ik wol wer pianolessen nimme en noch wittenskiplik of sjoernalistyk wurk dwaan. Ik bin noch lang net útpraat en dien.’ Hy swijde wer in skoftsje en sei doe: ‘Mar nochris, ik ferwachtsje no gjin antwurd. Do kinst dy rêstich betinke.’ ‘Ik wol der graach oer tinke hoe't ik dy in bytsje helpe kin,’ sei ik, ‘mar ien ding mei gjin twivel oer bestean: de gefoelens dysto foar my hast, haw ik net foar dy.’ ‘Wat der net is, kin komme,’ sei er, him blykber net skamjend foar de banale úitdrukking. Ik ferfette: ‘Ik bin der wol aardich wis fan, dat dat nèt komme sil. Rekkenje nearne op. Myn doelen yn it libben lizze oars, bin 'k bang. Mar sis ris wat ik foar dy dwaan kin. Ik kin miskien in help yn dyn húshâlding sykje.’ ‘In wurkster haw ik al,’ grommele er. ‘En fierder kin ik mysels aardich rede. Dat is echt net wat ik nedich haw en sykje.’ Dat waard dus wer swijen, langer as de foarige kearen. Ik seach dat syn hannen trillen by it drinken fan syn tee. Hy griemde op syn pântsje. ‘Ik kin dy net folle hoop jaan,’ sei ik op 't lést, om in ein oan it pynlik swijen te meitsjen. ‘Is der in oarenien yn dyn libben?’ frege er. Frijpostich genôch, tocht my. ‘Der binne safolle minsken yn myn libben,’ sei ik, justjes skerper as ik bedoeld hie. Mar de man moast no mar fiele dat er nettsjinsteande de sympaty dy't ik foar him hie, dochs foar de winige doar stie. ‘Miskien haw ik dit allegear net sa goed taret,’ sei er mei in wurch glimke. ‘Ik tocht, lit my no ek ris in kear op dyn wize spontaan mei myn gefoelens en mei mysels op 'e lappen komme. Mar sa wurket soks blykber net. It is fansels ek net myn deistich wurk.’ ‘Nee, dat fernim ik.’ Dat hie ik net sizze moatten, mar der moast dochs dúdlikheid | |
[pagina 58]
| |
komme. Hy seach my mei in pynlik ferlutsen gesicht oan. Ik tocht: no even trochsette: ‘Sjoch, as ik in libbensgesel nedich haw, dan sykje ik dy sels út. Dêr bin ik ûndernimmend genôch foar. En dan, earlik is earlik, binne jo net it type dêr't ik it earst foar fal. Noch ôfsjoen fan dat ferskil yn jierren.’ Mei opsetsin hie ik ‘jo’ sein en net it wenstige ‘do’, mar ik hie der fuortdaliks spyt fan: it stjitte him in ôfgrysliken ein fan my ôf, en dat woe ik no ek wer net. Mar hy loek der syn konklúzjes út, slokte hastich syn teekopke leech en kaam mei in sucht oerein. ‘Dat wit ik dan,’ sei er. ‘Mar mei ik dy ien ding freegje? Of eins twa. Ien is: my net te jookjen, dat wiene wy net wend. En it twadde is: wolst it my sizze ast fan betinken feroarje soest?’ Ik knikte fan ja, mei in brok yn 'e kiel, en liet him út. Troch it foarrút seach ik him nei sa't er oer de strjitte nei it parkearterrein hjirfoaroer rûn, mei bûgde skouders, en yn syn auto stapte. Dat wie justerjûn om distiid hinne. Hjoed wied er net op skoalle. Foar 't earst yn alle jierren dat ik him meimakke haw. | |
2.Bram de Boer rôp my mei in earnstich gesicht by him en op 'e rektorskeamer. ‘Der is wat ferfelends,’ sei er. ‘De Baas hat sykteferlof oanfrege. Ynearsten foar fjouwer wike. Hy hat net sein wat der oan 'e hân wie, allinne dat er him psychys net yn oarder fielde. Syn húsdokter hie it him oanret der in skoftsje tuskenút te gean. No, hy bleau net faak wei, en as it der dan dochs fan komt, moat der wol wat oan 'e hân wêze. Mar ik sit der mar mei. Soe ik as it nedich is in berop op dy dwaan meie? Der is noch fan alles te regeljen, en do hast in geunstich roaster.’ Hy bedoelde fansels, dat ik no troch myn ûngeunstich roaster nochal wat tuskenoeren hie. Mar ik moat nochal beteutere sjoen hawwe, | |
[pagina 59]
| |
want Bram frege: ‘Wat is der mei dy? Bist ek al net goed? Ik fregedy wat.’ ‘Kinst op my rekkenje,’ sei ik hastich, om fan him ôf te wêzen. ‘As 't langer as fjouwer wike duorret, moatte wy maatregels treffe,’ sei Bram noch en rûn fuort, my yn 'e rektorskeamer efterlittend. Mar hy kaam noch efkes werom: ‘Der is noch wat frjemds. Doe't ik nyskes nei syn hûs skille om wat te freegjen oer syn ôfspraak oangeande dy kursus Spaans, krige ik in frjemd frouminske oan 'e telefoan, dy't sei: “Mei it hûs fan doktor Thomson.” Dus syn frou net.’ ‘It sil syn wurkster west hawwe,’ sei ik beret. ‘Wurkster?’ - Bram ferheard. ‘Hy hat oars in frou dy't alles sels beskript en altyd fljocht en draaft. Dy soe gjin wurkster om har hinne ferneare kinne.’ ‘Miskien wie 't syn dochter.’ ‘Nee, want se sei: “Menhear leit efkes op bêd” en syn dochter soe wol oer har heit sprutsen hawwe.’ ‘No, dan wit ik it net, miskien in buorfrou,’ sei ik wrantelich. ‘It húslik libben fan doktor Thomson bin ik net mei bekend.’ Oan Bram syn spitse speurnoas seach ik dat er miende wyld te rûken. Mar ik hie gjin oanstriid en set him op it spoar. Ik sei: ‘Ik moat nei myn klasse. Oars brekke se de boel ôf.’ It wurk woe net, dy moarns. Ik liet de grutste stommiteiten passeare yn 'e klasse dêr't ik saaklike brieven skriuwe litten hie. Ik koe de kop der net by hâlde. Hie Tommy sa'n klap oprûn dat er derfan mei sykteferlof moast? Myn skuld net, fansels. Dy man hie better witte moatten èn kinnen. Mar it liet my net los, it dearde my wol oan. Hy wie eins te goed en te oprjocht foar sa'n klap, ek al hied er it himsels oandien. Ik seach him iderkear foar my, sa't er dêr op dy bank mei syn hannen maneuveljend konstatearje moast dat ik like âld wie as syn jongste soan. It like as hie de man dêr noch gjin amerij by stilstien, en kaam er doe pas ta de ûntdekking dat der ek bûten it literêre in wide generaasjekleau tusken him en my gappe. Sjoch ik der sa âldsk út? frege ik my ôf, of is er yn 'e rin fan de jierren sa ta my bewend, dat er it ferskil net mear sjocht? Dat ik gewoan syn geli- | |
[pagina 60]
| |
kense wurden bin? De tredde klasse fielde fansels hierskerp dat juffer Brouwer wat oan 'e holle hie. Der wie in mûskopjen, grútsjen, der sprongen fûnkjes oer en it like op in begjin fan dusoarder. Ik moast de swipe der oer lizze en foel ûnnedige lûd út, wat ek wer nije spanning oprôp. ‘Se is oeral fan de Baas syn sykte,’ hearde ik Sybe Douma gnyskjend efter syn hân sizzen. Ik hâlde my yn en draaide de lesskroef wat stiver oan. Gjin krimp jaan. Dy snotjonge hie fansels ek noch gelyk, mei syn rotpraat. En dat fan de Baas syn sykte wie dus al bekend. Yn it skoft seach ik dat Bram it yn syn stive, fantasijleaze letters op it meidielingeboerd yn 'e hall skreaun hie: ‘Rektor Thomson is siik. Gjin sprekoere oant neiere meidieling.’ It wie nijs, en gâns learlingen liezen it mei ferbazing. Mar yn de dosintekeamer waard der amper oer praat. De middeis lykwols kaam Lyn Alsema mei in geheimsinnich gesicht op my ta: ‘Wie it dy bekend dat Thompy syn frou by him weirûnis?’ ‘Nee, noait fan heard. Wa seit dat?’ ‘It ferhaal giet ûnder de bern. Jouke Waterbolk wennet neist him en dy wist der fan. Der waard foartiid ek wolris kreaud en skreaud en mei doarren slein.’ ‘It sille wol losse praatsjes wêze,’ sei ik. ‘Neat fan oanlûke. No't er siik is, wurdt der fansels fan alles optocht.’ De dagen dêrnei kaam de stream foargoed los. Ik bearde as wist ik fan neat. Mar dat fernuvere guon fan de kollega's: ik dy't sa grut mei de Baas hjitte te wêzen! It like wol as wie ik ynienen mandélich oan Tommy syn tsjinstuiten. En dat wie ik ta in hichte ek, fansels. Mar nimmen koe witte, tocht my, dat dyselde Tommy my in houliksoansiik dien hie en nimmen koe dus witte dat de ôfwizing dêrfan him faaks de léste klap jûn hie. Nimmen koe dat witte, nee, mar sels dat bleau net ferburgen. Want in learling fan IV-B moat sjoen hawwe dat de jûns foar syn siikwurden Tom syn auto, in griisblauwe BMW, foar myn flat parkeard stien hat, en dat waard my fan kollega Gree Witte- | |
[pagina 61]
| |
veen ferdútst. Net dat dy auto dêr stien hie, mar al dat dy jonge sein hie dat... En twa dagen letter kaam Jip op 'e ôfsprutsen oere foar syn earste Fryske les. Doe't wy efkes teeskoft hâlden, sei er sa by de noas lâns: ‘Lit it mar by dy delglide, mar der rinne praatsjes oer dy en de Baas dy't mei sykteferlof is.’ ‘Dat wist ik,’ sei ik. ‘Mar ik hoopje datst my leauwe wolst, dy praatsjes hawwe gjin inkelde grûn. Hy hat hjir op in jûn west, dat is wier, mar dat wie om oer syn oansteand ôfskied te praten, dêr't er gjin feest fan ha woe. Wat stilder wat better, sei er, en sa!’ Ik fûn it rot om tsjin Jip te ligen, mar wat koe ik oars? Sizze dat de Baas my in oansiik dien hie? Koe 'k net en mocht ik ek net. Ik foege der noch oan ta: ‘Hy tocht fansels dat ik wol yn 'e ôfskiedskommisje komme soe te sitten, en hy die it fersiik yn ferbân mei húslike omstannichheden, tink ik.’ Dat naam dus wer in lyts stikje fan myn leagen wei, tocht my. ‘Mar it is myn saak net,’ sei Jip. ‘Ik woe dy allinne mar even attendearje. Warskôgje, kin 'k ek sizze.’ ‘Nochris: dy praatsjes hawwe gjin inkelde grûn. Myn gewisse is sûkerskjin (dat moast ik foar him oersette). Ik haw altyd goed mei Thompy opsjitte kinnen, mar der hat noait wat tusken ús west en der sil ek noait wat tusken ús komme. Sa simpel is dat. Leaust my?’ ‘Ja,’ sei Jip, ‘ik leau dy. Mar... as it oars wie, soe ik noch de léste wêze om beskuldigjende fingers nei dy út te stekken. Miskien is dy man yn syn húslik libben net sa gelokkich. Dan hat er it rjocht om wat betters te besykjen. Dêr is in minske dochs frij yn?’ ‘No nee, ja ik wit dat net krekt. Mar hoe dan ek, it hát net oars west. It is krekt sa't ik sei.’ Wy setten ús Fryske les fuort, en ik moat sizze, Jip hie sommige utspraakdingen gau troch, doe't ik him in stikje foarlêze en oersette liet. De ‘ii’ en de ‘ie’ joegen wat swierrichheden en mei de klinker fan ‘bleau’ en ‘skreau’ hied er in soad moeite (ik nammers sels ek, teminsten by it útlizzen). Mar hy wie in mear ynte- | |
[pagina 62]
| |
ressearre learling as ik ferwachte hie. Doe't er tsjin healwei alven ôfsette mei syn nije lesboekjes, sei er noch in kear: ‘Niks fan oanlûke, Janneke. Lit, de, lju, rabje’ - dat léste kaam der yn kreas Frysk út. ‘Komt klear, Jip,’ sei ik. ‘Haw mar gjin noed. Ik ha der net ûnder te lijen. Dy man spitigernôch al, mar dat kin ik net helpe.’ De oare moarns brocht de post in brief fan Tommy Ik stie op it punt om nei skoalle ta en twong mysels om de brief no net iepen te meitsjen. It poststimpel wie: Brussel. |
|